Yn 'e fierrekiker:
Dalje op Nobelpriis foar litteratuer
De Sweedske wapenfabrikant en útfiner Alfred Nobel hat troch it ynstellen fan in wrâldpriis û.o. foar litteratuer grif great wurk dien. Lykwols sitte der oan de útfiering fan syn testamintaire biskikking - in jierlikse priis fan likernôch f 100.000 - gâns swierrichheden fêst. Dat docht jitris bliken oan in koart artikel fan Leslie F. Smith yn it hjerstnûmer 1956 fan Books Abroad, it ynternasionale Amerikaenske fearnsjiertydskrift foar litteratuer.
Yn fortaling nimme wy dat stikje hjir oer. Dat is fansels net om't wy Fryslân yn dizzen ek ta de efterbleaune, alteast forgetten gebieten rekkenje. In ynformaesje nei mooglike Fryske Nobelpriiskandidaten, dy't de redaksje okkerjiers út Amearika wei birikte, hat hja sa frij west sa to biantwurdzjen: Oer 25 jier mar ris wer oankomme! Oan syn Gysbert en syn Rely hat Fryslân tonearsten genôch kluijen en klauwen, wie de redaksje doe fan bitinken. Sa net, nijsgjirrich en learsum is it ek foar ús, as men heart hoe't it de achttjin man sterke jury fan de Sweedske Akademy, dy't ek noch deiwurk fan lêzen meitsje kin, mei har karmasterjen hwat langer hwat mear oer de fûst bigjint to rinnen.
Yn jiergong 1951 fan Books Abroad binne destiids trije artikels opnommen, dy't gyngen oer de Nobelpriis foar Litteratuer. De jury fan achttjin fan de Sweedske Akademy fan Wittenskippen, dy't de priiswinners oanwize moat, krige it dêryn swier to forduorjen. Op it stuit wurde dy artikels wer aktueel troch it takennen yn 1955 fan de priis oan Halldór Laxness, in Yslânske auteur, en as sadanich fortsjinwurdiger fan in kultuer dy't de Sweden biwûnderje en dy't har gâns neijer leit as bygelyks dy fan Cambodja.
Justjes foar dy lêste priistakenning skreau Ragnvald Skrede (sjoch oer him Noarwegennr. '56, red. Tsjerne) yn de Osloër krante Dagbladet fan 16 april '55 oer ‘De Nobelpriis foar Litteratuer’. Skrede ornearret dat de taek fan de Sweedske Akademy stadichoan in ûnmooglikenien is. Hy bitwivelet oft alle forantwurdlike juryleden de boeken fan alle priiswinners fan de lêste jierren wol lêzen hawwe. De Sweedske Akademy heart de wurken fan alle eventuéle kandidaten ta de priis to lêzen. Bart dat? Kin dat?
‘De Nobelpriis is gjin wrâldpriis. Hy giet opgelegen nei de Germaenske en Romaenske lânnen yn Europe en nei de Foriene Steaten. Oant 1930 ta is gjin Amerikaen foar de priis yn 'e bineaming kommen, mar sûnttiid binne fiif fan de tweintich prizen nei biwenners fan de U.S.A. gien. Tagelyk kin men hjirmei de arguminten wjerlizze fan guon skriuwers yn Books Abroad dy't der op út woene dat de Sweedske Akademy anti-Amerikaensk is. De Slaven, gjin lyts part oars fan de Europeeske bifolking, wurde skoudere. Azië hat mar ien priiswinner hawn, Tagore (dy't yn it Ingelsk skreau!); Súd-Amearika hat ek ienkear ien hawn, mar Súd-Afrika en Australië, Nij-Sélân ynbigrepen, net ienkear.’
Sûnder mis sit de flater by Nobel. It is lykas Skrede seit, Nobel hat de Sweedske Akademy foar in opjefte set dy't langer to dreech is foar in jury fan achttjin, ja foar it neist to dreech foar hokfoar jury ek.
LESLIE F. SMITH