lânsk!) mar to swijen. In bytsje mear hoedenens, in efkes minder apodiktyske foardracht soene by tiden net misstean!
By it bioardieljen fan in oersetting as dy fan Pindorama, troch de dichter G.N. Visser, moat men, om't men net kontrolearje kin, oannimme dat er de grountekst trou folge hat, en dy nei ynhâld en sfear sa suver mooglik bineikommen is. Men giet dan dus út fan it Fryske einresultaet, mei alle gefaer dat soks jaen kin. Lykwols, hwannear't men dit forhael lêst, wol it jin wol oan, dat it it origineel tige ticht bineikomt. It Frysk sil mei sin hwat âldmoadrich wêze en de fine humor yn biskriuwing en formulearring is grif mei sin oerbrocht. It falt jin daliks op, dat dizze biskriuwing fan in séreis ûnder de lieding fan kapitein-generael Pedro Alvarez Cabral, dy't útrint op de (tafallige?) ûntdekking fan Pindórama, it palmelên Brasyl, frijhwat forskilt fan de biskriuwings fan foar- of rampspoedige voyagyen út de jierren om 1600 hinne, dy't yn Nederlân as folksboeken sa tige yn 'e swang west hawwe. It forskeel sit binammen yn 'e toan: mannen as Van Noort, De Veer, Bontekoe, om in pear fan de bikendsten to neamen, stelden har relaes yn rûge, stoere folkstael, it is oan alle kanten dúdlik dat hja makliker mei skipsark as mei de pinne omgean koene; mar hjir is in amtner oan it wurd, in ûntwikkele, sels aedlik man, ornearre foar in funksje yn de koloanjes oer de sé, en hy rjochtet syn briefforslach oan nimmen minder as de kening fan Portugal. Faeks is dat ek de reden, dat dit brief út 1500, sa'n ieu âlder dus, in earfol plak yn de Portugeeske litteratuer ynnimt en tagelyk as bigjin fan de Brasiliaenske litteratuer biskôge wurdt, wylst de forhalen fan de Nederlânske sélju, by alle primitive bikoaring en alhoe nijsgjirrich faken ek, bytiden mar heal ta de litteratuer rekkene wurde.
De skriuwer Pero Vaz de Caminha fortelt hjir dan tige koart, hoe't de float yn maert 1500 Portugal forlit en hoe't dy nei forlies fan ien skip op 21 april by it eilên It Wiere Krús oan de iggen fan Brasyl bidarret. Dan bigjint de wiidweidige biskriuwing fan it kontakt mei de readhûden dy't dy kontreijen biwenje, in tige fredige, kleurige en fleurige moeting. It forhael einget op de earste maeije, hwannear't hja risselwaesje meitsje om de reis nei it doel, Ynje, fuort to setten.
De tekening fan dizze moeting tusken de âlde, kristianisearre, en de nije, heidenske wrâld is it lêzen tige wurdich, en it is dêrom skoan to bigripen, dat dit brief al yn 1821 yn it Frânsk en dârnei yn forskate oare talen, bytiden faker as ienris, oerset is. Ek foar Fryslân is dizze oersetting in oanwinst, namstomear troch de knappe ynlieding fan de oersetter. It uterlik fan it boekje past alhiel by de ynhâld.
M.S.