De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 398]
| |
Hendrik de Vries:
| |
[pagina t.o. 398]
| |
Hendrik de Vries
Nederlânsk dichter, berne 1896 | |
[pagina 399]
| |
nocht it oanfoljend wurk ta dizze nije útjefte op him nommen hie, die bliken dy taek net mear oan to kinnen om minder wurdende eagen. In tsjinstuit dy't dûbel swier weacht, om't syn wurk by Tamminga sines alhiel oansleat. Foar it bysûndere fan de balladestyl, de forbining fan it reéle mei it mysterieuze, fan folksaerdige ‘maklikens’ mei hillige earnst, fan kronyk-eftige forteltrant mei pikturale suggesty, - foar de ienheit-yn-follerhanne-tsjinstellingen toant Tamminga in bûtenwenstige yntuysje. Mei ienfâldige, mar ûnforwachtse middels, dêr't in bysûndere soarte fan ‘weilitting’ ta biheart, tinget er nei hwat de siel djip en alfolle heimlik biweecht. Mar lit my it net sykje yn algemienheden; lit my safolle mooglik dat ‘bysûndere’ oantsjutte mei de fersen sels der by. De Ballade lan de Ridderslach is in foarbyld fan hwat men it clair-obscur fan it gefoel neame mei. Dit folslein-populaire liet, foar in part in litanij-eftige opneaming, set yn mei in triomfantlik-ironyske strofe, folge fan in twadde tommelweach dy't de earste tobekstjit. Dy batsing korrigearret net allinne de irony ta earnst; it is as wol de dichter sa sydlingswei (en dat is hiel apart-folksaerdich!) syn ‘sjen’ ek noch effen presisearje ta ‘hearre’: Hear Willem fan Hollân en Henegouwen
wie ridder slein to Valenciennes,
mar hoe't er de twadde reis ridderslein waerd
dat sille wy yn dizze histoarje sjen.
Dat sille wy yn dizze histoarje hearre.
Tusken Starum en Warns is dit wier bard;
frijdom of yn 'e frijdom stjerre,
dat is hwat Fryslân oer him hat.
Mar mear as troch irony wurdt de selsbiwuste ynfierenheit, de greatskens op de oerwinning fan 1345, troch wémoed myldere, en yn kunstleaze mar tige keine strofen, soms mei forfanging fan it eigentlike rym troch gelyk-rym, wurdt der as yn stilte roud oer de fal fan safolle romrofte en oansjenlike fijannen. Hieltyd wer mei in soarte fan earnstige boartlikens, op de rânne fan de humor: fan in ‘deadlike’ humor, lyk as Wadman dy fan Achterberg bineamde. Dat donkere oerskaedzjen biwarret de ien-nei-lêste strofe foar it biheind-chauvinistyske dat dy oars bûten syn forbân om hawn hawwe soe: Hear Willem fan Hollên hy hie ek ienris
sliept yn 'e ljisken fan in frou;
nou sliepte er wer, mar tsienris, tsienris
djipper, dy deis fan Us Leaf Frou.
| |
[pagina 400]
| |
Doe sei in Fries: - Dit is Gods finger!
En hy knibbele oan 'e wiete groun.
En der is yn Fryslân yn minskejierren
Gjin wierder wurd sprutsen as op dy joun.
Yn Hollân wachten doe de widdouwen
allinne op mannich stiennen hûs.
Der fart in float nei Henegouwen.
Fan Starum lette it Angelus.
In opmerklik tsjinstik foar it bitinkingsliet joech de dichter nou, troch de oersetting nei in anonymus út Valenciennes, dy't as tiidgenoat deselde slach bisongen hie. Yn dy oersetting is de foarm folle kekener en kunstiger as yn syn eigen liet (it Frânske origineel is my net bikend). It oerbikende Hollânske liet op De weduw van Stavoren is to forgelykjen mei in fresco-skildering: monumintael, dekoratyf en flak. Der mei dan in bytsje nuansearring ynsitte, it ymponearret jin dochs as wie it in tsjerklik gesang. Tamminga's Ballade fan de Frouwe fan Starum is rjochtoarsom as in atmosfearyske en skerp-typearjende skildering. It Hollânske liet is it plechtich wjerlûd fan in fiere leginde; hjir past in ûnpersoanlike lyryk dy't distânsje skept: Komt, vrienden, hoort een lied
Dat duidlijk zal verklaren
Wat eenmaal is geschied
Voor meer dan duizend jaren -
Toen 't oud en grijs Stavoren
Nog bloeide op Frieslands grond,
En van zijn macht deed horen
Door heel het wereldrond.
Daar in die rijke stad,
Die jaarlijks duizend schepen,
Belaên met 's werelds schat,
Zijn havens in zag slepen -
Daar leefde in roem en ere
Een rijke weduwvrouw
Wier voorbeeld ons toch lere
Hoe hoogmoed komt tot rouw.
Tamminga, alhoewol ek effen, mei in pear krêftige oanslaggen, de ôfstân oantsjuttend, set jin midden yn it barren del, en de bloedslach fan alle tsjinstridige passys dêr't it âlde Starum mei oanhelle is, hammeret troch syn gedicht: Fan Starums lot en ûndergong
is ús in wiis forhael biwarre:
hwa't de Almacht nei de kroane tong,
him sil de Almacht wreed wjerfarre..
| |
[pagina 401]
| |
Prinshearlik leit de stêd der foar,
âld-Fryslâns skiere en âld lânsdouwe
ta steapelplak en iepen doar,
dêr't mennich kofskip fan de Frouwe,
oantôgjend al de rike lêsten
út Noardsé en fan Greate Belt,
jimmeroan strykt de wurge mêsten,
mêsten dy't God Greatmachtich telt.
Hie Starums keapmanskip en flyt
goenamme oan alle kusten krige,
kweanamme kriig' de Widdou, dy't
de rykdom nei de holle stige.
In batsk, oermoedich rederswiif
dat de eigen séman sober leanne
en selme yn paleizen wenne
fol weake weelde en fyn geriif.
It liet-karakter wurdt sels effen oantaest troch de dynamyk: it rym fan ‘dy't’ op ‘flyt’ is it iennichste ûnballadeske enjambemint yn Tamminga's balladen; it steurt net bot, hwant min ofte mear kin men hjir twa rigels opfetsje as ien lange rigel. - Wylst yn it Hollânske folksliet in ‘grijsaard uit een der naaste dorpen’ de frouwe formoannet (‘Beef,’ sprak hij, ‘beef, o vrouwe, / Wellicht lijdt ge eens gebrek, / Dat nooit dit stuk U rouwe’ / ‘Zwijg,’ sprak ze, ‘grijze gek.’) is hjir, folle reéler mar ek logysker, in fûleindich striidpetear tusken de frou en de sékaptein dy't har allebeide op 'en djipsten rekke fiele: In farrensman dy't terge wurdt
bûcht net omdôch de stege nekke.
‘By God’, sa sei er, ‘wês fordomd
Frouwe fan Starum, as oer jierren,
by God en by myn grize hierren,
dit stik Jo net to muoijen komt.’
‘To muoijen’, sei se, ‘komt my nea
ien inkeld ding, soestou my hjitte?
Gean nei dyn skip, of 'k sil it brea
dy út 'e wize mûle stjitte.’
Hwat yn dat folksliet it meast effektive ûtmakket (yn de sang kriget it hwat fan in douns): ‘Zij lachte, en greep haar ring / En wierp met luid geschater / Terwijl zij henenging / Die ring in 't woelend water’, ûntbrekt hjir: dit tafoechsel út letter tiden is hjir blykber meisin oerslein. Dêr stiet wer tsjinoer, op it plak dêr't it nôt útsmiten waerd, forsânnet hommels en ûnkearber de haven, en like dramatysk is de fynst, de ta waensin forfallen frou mei har eigen wurden omtize to litten. Dit as lêste foarbyld fan it forskil tusken de ‘flakke’ en de ‘djippe’ skildering. De anonymus: | |
[pagina 402]
| |
Beroofd van goed en geld,
Veracht van wie haar kende,
Werd ze, als 't geschiedboek meldt,
Een prooi van alle ellende.
Nog doet de nazaat horen,
De hoovaardij tot les:
De weduw van Stavoren,
Zij stierf als beedlares.
Tamminga: De Widdou stoar, wanhoop ta bút,
har griep de waensin by de swolge.
‘To loeverts yn, to lij wer út’,
dat wie it wurd dat har forfolge
to nacht en dei, as by de diken
forwezen hja to biddeljen roun....
Sa stiet it yn 'e âld kroniken
ta djippe learing ús werjown.
Dochs sil de earste tekst him foar de geast stien hawwe. De bou fan dizze strofe, en ek dy fan ‘Prinshearlik leit de stêd...’ is (bihalven dat elke rigel ien foet mear hat) presiis de (frijhwat ûnbiwende) bou dy't yn it folksliet hieltyd brûkt is, en de oare strofen jowe hjirfan mar in lytse fariant. Fan it formogen om mande-goed yn persoanlike sin op 'e nij to bisieljen tsjûgje ek de Ballade fan Greate Adam Olivier, dy sûnderlinge Fryske ‘vliegende Hollander’ en de Ballade fan Wylde Rixt fan 't Oerd, hweryn de haedpersoan de needlottige lantearne oan in mêst bynt yn pleats fan tusken de hoarnen fan har koubist; dat lêste wie foar it neist to bizar foar de earnst fan dit gedicht. In oanienskeakeling fan gelokkige fynsten, dy't in ‘leginde’ seldsum ta libben bringt, is de Ballade fan Mata Hari. Ik siz ‘leginde’, hwant hwat witte wy eins fan har ôf? Mata Hari, spionne en bajadère,
dy wist de wegen yn Babylon,
mar hja soe as ien út it Noarden stjerre
dy oare moarns, foar it peloton.
Hwant, al mei der foartiid yn Nederlân ek op har roun wêze om't hja fortocht waerd fan spionnaezje, hja wie nei alle gedachten likemin ‘spionne’ as (yn eigentlike sin) ‘bajadère’. Mar dêr is de bigjinrigel net minder evokatyf om en mei t Fedde Schurer, sels oars in bitûft balladedichter, dy rigel yn syn Nederlânske fortaling (Frieslands Dichters, 1949) sjitte litte moast, is er hjir fierder as op oare plakken ûnder it origineel bleaun: | |
[pagina 403]
| |
Spionne en bajadère onder allen
bekend op de wegen van Babylon,
zou zij toch als een uit het Noorden vallen,
Mata Hari, die ochtend voor het peloton.
It wol my min oan dat it folbringen fan dy ûntankbere taek my better ôfgien wêze soe. Wis, ûntankber, hwant yn fortaling binne soksoarte balladen dénaturearre. Ik merk allinne op dat de hiele folchoarder, de rangskikking fan de eleminten, fan grandioas balladesk forfallen is ta hwat stroefs. Nammersto better hat Schurer it yn de twadde strofe oprêdden: Trije jier stiet it kanon oan 'e grinzen
fan Frankryk, mei dêrefter it forrie.
Tolve rjochters hawwe oer de finzene
it skuldich sprutsen foar hwat hja die.
Saeklik is Schurer hjir sels tichter by de wierheit; it draeide ommers net om de fraech oft ‘hwat hja die’ har foar ‘skuldich’ oanmurk, mar wol: oft hja sa'n soarte misdied bigien hie, ja ofte né: Drie jaar staan in Frankrijk de kanonnen
aan de grens, met daarachter het verraad.
Twaalf rechters hebben zich ernstig bezonnen
en vonden haar schuldig aan 't hoogste kwaad.
Forskate fan sokke goede oplossingen kinne - hoe soe it ek? - de oersetting net alhiel rêdde; opmerklik is dat Schurer der soms dúdlik úthellet hwat mar fan fierrens suggerearre waerd. It komt miskien allinne om't men jin fan âlds in Frânskman foarstelt as hoflik en om't de ofsier ‘jong’ neamd wurdt, dat hjir hwat foar jin komt to stean dêr't Schurer faeks ryklik de klam op lein hat: Doe stie op in moarntyd foar de poarte
de tichte wein mei in swart koetsier.
De seldoar pipe. ‘Mefrou, jo moatte
My folgje’, sei de jonge ofsier.
Yn alle gefallen falt it yn de oersetting moai: Toen stond op een morgen de dichte wagen
met de zwarte koetsier op het binnenplein.
En de jonge officier kwam haar minzaam vragen
voor de laatste reis gereed te zijn.
It fierder hifkjen fan oersetting en tekst sil ik my nou mar net yn jaen. De fortaling jowt, lyk as to forwachtsjen wie, gêns, mar net genôch. De ballade tilt oeral fan wierhaftich libben, en it deunby wêzen fan de dea wurdt navrant suggerearre. Yn de lêste strofe forbyldet Mata Hari har yn de klokslach dy't de moarns seis har deadsûre oankundiget, de slach | |
[pagina 404]
| |
fan de Aldehou to hearren. Dit forbynt de ballade ynlik mei Fryslân, allinne ‘mar hja soe as ien út it Noarden stjerre’ hat hjirop preludearre. Mar it bifettet ek de fine oantsjutting dat de dea, sels foar dizze avontûrierster, hwat weihat fan in thúskomst. Der wurdt wol sein (al is it yn tsjinstridige biskriuwingen) dat op it stuit fan de dea de hiele libbensrin oersjoen wurdt (as ûndielbere gearfetting of as in wynrêd ôfdraeide film). Fêst stiet, dat de neijens fan de dea in wjerskyn oer it ôfroune libben smite kin. Dat is djip to fielen yn de ien-nei-lêste strofe: Hja glimket effen troch de wale,
en dan, trochspat mei de âlde glâns,
lit hja de eagen jit ienkear dwale
by de wizende karabinen lâns.
Hja dy't sa faek mei hertstocht har in proai field hat fan manljuseagen, wjerstiet nou ‘trochspat mei de âlde glâns’ de eagen fan de manlju dy't komme om har to deadzjen. Der is gjin freudiaenske fortolking fan de karabinen nedich om de suggesty fan dy oerienkomst to foltôgjen: yn dy hertstocht wie altyd eat fan deadsdrift, en dizze neibyens fan de dea hat eat fan dy hertstocht yn. Dit bleat ynsinuearjende, dat in oandwaning opropt dy't alle forstanlike tsjinwar ôfsnijt, is de like ienfâldige as frjemde kunst fan de wiere balladedichter. It hoecht yn syn oarsaek de lêzer net biwust to wurden, en kin sels foar de dichter ûnbiwust bleaun wêze, mar it is der, en lit him jilde. De weilitting fan it supreme momint strykt alhiel mei dizze suver op suggesty groundearre kunst. Hjir folget allinne: Der falle seis slaggen fan 'e tuorren,
(Hark, is dat de slach fan de Aldehou?)
Gods graty giet oer frouwen en huorren
oer Parys en it lot fan in deade frou.
De Ballade fan de Trettjin Asega's is - mei of sûnder reminisinzen oan Nijhoff's Kinderkruistocht - sûnder mis it bêste fan de fjouwer gedichten oer dit ûnderwerp, dy't Poortinga ôfprintsje litten hat yn de foarige jiergong fan dit tydskrift. Dy fan it Hûs mei it Dûbele Dak hat, licht en oanfallich, it elemint fan humor dat letter sterker nei foaren komt. De bikoaring fan de Ballade fan de Wyldemerk leit yn de biskiedenens fan opset, en de kundige selsbiperking. Dy set jin fuortdaliks del mids de hanneling, troch de situaesje yn ien strús to biknotsjen. De sawn kloklieders bikleije harren fanwegen de cholera safollen biliede to moatten dat hja net mear oan eigen húshâlding takomme. De grytman ornearret, | |
[pagina 405]
| |
hja moatte noch ienkear liede: de merk sil ynlet, it folk sil ‘dounsje tsjin de cholera’. Mei fornuvering wurdt it oannommen. Hwat nou folget is wol in soarte fan deadedouns, mar gjin wanhopich orgy, gjin klimaks dy't troch de sykte yninoar stoart. Men fielt in driigjende stilte troch it feest hinne, en de earste syktesymptomen koene ek gefolgen wêze fan tomûke frees: ‘Krekt oft der stimmen yn my prate, / En hwat wurdt de sinne great en grien!’ Pas as bliken docht dat de cholera op de merk is en de lju hookstrooks de hynders foar de thûsrit ynslane, forslagge in pear oerdwealske bruten yn in soarte feestpanyk, dêr't it fers dan ek mei einget: ‘Doe is der dounse en skriemd en songen / oant de snaren fan 'e fioele spróngen.’ Wer is de dichter hjir de skilder dy't de sfear folslein treft, en de foarmjowing biheint ta de ‘pittoreske streek’, dêr't men jin by forwûnderje moat hoe kompleet de suggesty is: men kèn harren tonei, dy bloarren dy't de spylman op trochgean fergje! De epyske greatheit fan in ballade yn folle breder forteltrant, de Ballade fan Hil Feikes, de Anabaptiste, de ‘keine en heechoppe Friezinne’ dy't it bilegere Munster ta heil de rol fan Judith spylje wol - dy greatheit relativearret it forskil tusken godstsjinstiver en godstsjinstwaensin. Sa djip minsklik is alles mei-bilibbe, dat de waensin de hillige kearn fan de siel bleatleit, en de forblining in ûntsach wekker makket as in iepenbiering. De trant is alhiel dy fan de tiid dêr't it forhael yn spilet, it gedicht bringt jin ús bêste geuzelieten to binnen en kin dêr mei string hâlde. Machtich is it fan gong, mar - as yn elke echte ballade - de stappen hawwe hwat fan dounspassen. Ja, dit hertstochtlik-earnstige liet ís in douns; gjin douns ‘tsjin de cholera’, en seis net tsjin de ynkwisysje, mar tsjin de ûneinichheit, troch immen dy't grepen is, dy't mei djippe siken ammet yn de sfear fan it mystearje. - Dit koe dichte wêze troch in tige aparte, tige selsstannige tiidgenoat fan Hil Feikes; allinne oan it slot komt syn tiidsdistênsje nei foaren: Dit is ien fan dy hûndert âlde forhalen
dy't ûtrinne op in heech en read skavot.
Dit barde to Wolbeek yn Westphalen.
De dei fan ús dea wit allinne God.
Hwat is de tiid? Dit barren liket hast noch mear tichteby as dat út de Ballade fan de Wellebrêge, in weardich bitinkingsliet fan de forsetsman Jacob Nagelhout.
De útsûndering op it aloan-fryske fan de ûnderwerpen is | |
[pagina 406]
| |
de Ballade fan Keizer Domitianus. Needlotsdriging dy't ta taestberens bitichtet, in amerij wei liket to wurden, hwernei't it ûnheil taslacht. Ik hearde it forgelykjen mei Hein's Belsazer. It hat yndied uterlike likenis mei dat hjir en dêr suggestive, mar as gehiel ryklik holle fers. By opnij lêzen bliuwt fan oerienkomst in bytsje oer. Net folle mear as dat, neffens de oankundiging, de foarst oan de ein deade wurdt. Heine's forhael is op dat punt sels ek dea: ‘Belsazar ward aber in selbiger Nacht / Von seinen Knechten umgebracht.’ Neutrale oantsjutting! Yn Tamminga's ballade in aksje dy't oant yn alle konsonanten trochkringt: ‘Mei sil er de swiere foarhang heffe / as fjouwer dolken him rêgelings treffe.’ Sa kin it wol ta: men heart gjin kunstwurk mei makwurk to forgelykjen. Yn mysels soe it ek net opkommen wêze. Alhoewol't de ballade-yn-ingere-sin in tragysk libbensgefoel ûnderstelt, is ‘humoristyske ballade’ gjin kontradiksje. De humor is njonkenforskynsel fan de tragyk, en wettich tsjinspiler fan réalistyske earnst, is boppedat bisibbe oan de koarte typearkunst, fan gefoelens sawol as fan forhâldingen. De Ballade fan it Spylske Hûs is hjirfoar noch net tó yllustratyf; it amusante sit hjir yn it allinne-mar-boartlike fan fynsten lyk as ‘de Skotse Fjouwer’ om oan to jaen hoe't in dronkeman de tel kwyt is. De Ballade fan de Statumer Strênjutten is troch it tsjinspyljen fan de earnst folle forrassender. Yn in machtige biskriuwing fan de stoarm kundiget de humor him al oan mei in inkeld profaen-plastysk wurd: De grounsé graeft de platen om
en tsjin de klippen kwitst it skom
dat oeral trillebillet.
De algemiene ynklaeijing fan de folksanekdote is kostlik: men is yn de forbylding eat to hearren dat wier bard is.
In skôging fan de seis oersettingen fait bûten de strekking fan dit artikel, soe ek mear kennis fan it Frysk foreaskje as ik ta myn foldwaen haw. Ik folstean mei de opmerking dat bynammen dy fan Poe's The Raven yndruk op my makke hat. It klankbyld fan it Ingelsk is hjir bihêlden op in wize dy't yn it Nederlênsk ûnmooglik is; hwat Tamminga op syn gebiet birikt hat, soe ik op mines net kinne. - Hoe komt it, freegje ik my ôf, dat dit gedicht jin sa apart oandocht yn it dochs sa bûnte boeket fan fortalingen? Formeel is it sûnder twivel in ballade: muzikale strofebou, dy't de gong fan in forhael bifettet, en inerlik hat it in tige kompakte balladesfear. Lykwols, de planmjittige bou, it mear architektonyske as ympro- | |
[pagina 407]
| |
visoaryske, makket it ta in ôfwikend genre, dat it soe in wurdkwestje wurde oft men it ta de balladen rekkenje mei. Ien gebrek sjoch ik yn dizze biwurking. It idé, dat de raven it fatale wurd leard hat fan in ûngelokkige master, dy't it by syn tsjinrampen oanienwei bigjint to herheljen, is net goedernôch ‘trochkommen’, en forfongen troch hwat ûnoannimliks. Mar fierders fiel ik dizze biwurking as in grandioze útsûndering op de regel: dat sterke oerienkomst tusken twa talen de fersfortaling bilemmeret. |