ik forset der gjin foet om as jimme dat mar witte. Jimme kinne in mins alles wol nei de holle smite.’
Krekt soenen dy mannen dat ûndersyk oangean doe't der op it strjitsje in pear klompen útskopt waerden. Hymjend kaem lytse Freark de keamer yn: ‘Heit, heit, omke Roel hat ûs....’ Kjel hâldde er op, doe't er de pelysjemannen seach.
‘Hat omke Roel de panne holden? Kom hjir mar jonge, dy mannen dogge dy neat.’ Wobbe helle it jonkje oan. Achtleas lei er him in greate hân op 'e mûle.
It ûndersyk yn it hok duorre net lang. Sûnder noch hwat to sizzen stieken se ôf.
Doe't se goed en wol op 'e dyk wienen, ûnderhelle Wobbe syn machtige hân en bruide lytse Freark dat it bern tsjin de tafel sloech. ‘Aep fan in jonge, kinst dy dan noait de bek hâlde? Hjir dû loebes, ik sil dy fine.’ Hy skopte it gûlende jonkje tsjin it bedsket.
Doe kaem Iebel der tusken. ‘Nou moast dat bern noch ris oankomme, ik klau dy de eagen út 'e kop!’
‘Hwat soestû hjir?’ Wobbe wie dûm.
Iebel smiet it bern efter de bedsdoarren. ‘Dû moatst my ris oankomme.’
Wobbe joech bilies. Wurch en slop hong er op in stoel.
Iebel sette him in finger op it boarst. ‘Sprek op, hwat hast ûthelle? Moat ik bigripe datstû in hart slachte hast fan ús mynhear? Sprek dan sokses!’
Wobbe siet foar in strang rjochter, mar antwurd joech er net.
‘Hastû dat stik bistean doart en jimme Roel, sit dy mei yn it komplot?’ Hja skodde 'm oan 'e skouders om 'e wierheit der út to krijen.
‘Lit my gewurde, lit my gewurde’, wéklage Wobbe.
Iebel wist fan gjin tajaen. Noch ear't hja de wierheit der út hie, dêr wienen de pelysjes wer.
‘Wy hawwe it fel foun. It siet noch om 'e geit, by jimme Roel yn it hok. Alle fleis wurdt yn bislach nomd. Jo moatte mei nei boargemaster foar in earste forhoar. Mynhear stiet der op.’
Yn de hurd oanskimerjende joun waerd Wobbe meifierd tusken de beide pelysjes yn.
Forslein stienen de bern by de tafel.
Iebel seach nei gjin Wobbe. ‘To tinken’, spriek hja, ‘dat ik hjoed in stik hart fan mynhear sines yn 'e panne hie. Ik moat der fan grize.’
Dat die hja yndied. Yn tûzen hasten fleach hja oerein. Under de flearbeam jage hja de mage leech.