De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 391] [p. 391] Jan Piebenga: Twa Spaenske fersen Dounseres De nacht wie djip, de dage fier, De holle read en rûzich. It wynglês lake lúnsk en blier, In stim song swier en sûzich. Mar 'k wist it net, ik wist it net, My stiek in dolk yn 't hert. De tiid sonk wei, o tûzelsin, Ik siet foargoed yn tizen, It sin oerstjûr en op 'e rin, It bloed fol wylde wizen. Mar 'k murk it net, ik murk it net, Hja hie my al forret. It tsjuster woechs, in swarte sé Oerstjalpe myn ellinde. Hja seach my wol, dy fûnkelfé, Dy't oer myn wé net sinde. Mar 'k leaude 't net, ik leaude it net, Sa slim wie 'k fan 'e set. It klepperhout sloech fûl en stout, It each skeat stjerreflitsen. ‘Ei fregest bloed, ei fregest goud, 'k Jow oer my oan dyn gritsen’. Mar 'k seach it net, ik seach it net, Har each hie sines met. Doe dounse hja de dea my yn, Toroppe hja myn hope. Fan pine waerd ik dôf en blyn, 'k Liet my fan Bacchus dope. En woe 'k al net en woe 'k al net, Ik krige it lêste let. [pagina 392] [p. 392] Ienheit fan tsjindielen In earme hel, útbaernd fan gleone sinne, Keal, toar en skrael, foar ivich woastenij, Unwill'ge groun, waermbêd foar tirannij. In koartsich folk, bern fan in wrede minne. Mar himel ek, dit lân, dêr't goaden binne, Berchtoppich heech yn greatske hearskippij, Goadinnen, boun, en dochs tan wêzen frij, Hwa't ljocht en floeijend fjûr yn d' ieren rinne. O flok en pracht, ôfgriis en rynske weelde. Kin 'k by sa'n folk fan fromme heidens stean? Haw 'k taest, of inkeld dreamend my forbeelde? Espana, hâld my. Né, lit my dochs gean. My hast dyn wyntsjelk, en, oft it neat skeelde, Meiiens dyn beker bitter brousel bean. Vorige Volgende