De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 379]
| |
Earste scene: (Adam, Mara, Jadajim).
MARA
(redenryk; tsjaffelet oan ien tried wei):
It is my wol goed, hear, en it is net dat it my hwat skele kin, mar hy is dyn omke, dy Joazef, ta de mûle út stapt. En dou mar stil dyn eigen gong gean, de moaije man spylje, net to folie sizze, mar namsto mear harkje en efternei.... Ik stean dy minsken út it Noarden foar gjin sint, en dizze hielendal net. Somtiden sit hy syn frou op to nimmen as wie hja in ôfgodsbyld!
ADAM
(mei argewaesje, mar tagelyk weardich):
Men sil jins frou biwarje as in geskink de dagen dat hja in bern bernet. De Namme des Heare sij priizge!
MARA
(efkes earbiedich):
Syn Namme sij priizge. En to sliepen leit er ek allegeduerigen, dy Joazef, bihalven as der skieppehoeders komme om de lytse to biwûnderjen; dan sit er to sjen lyk as hie er it bern sels to wrâld brocht. Adam, hy doocht net! Goed en bêst, hy doocht net en hy is net to bitrouwen.
JADAJIM:
Ja, dat sei ús mem ek al.
ADAM:
Hwat soe jimme mem dêrfan witte, skarltin? Jow dy ôf, fuorje leaver de oksen, dou bist al in healûre oer dyn tiid!
JADAJIM:
Ik gean al, ik gean al.... (giet ôf).
MARA:
Ik moat dy al sizze, ik bin bliid ta dat dy lju net mei ús ûnder ien dak wenje. Ik soe gjin wink yn 'e eagen krije. It efterhûs is tominsten....
ADAM
(yn tinzen wei):
Mar hweróm nou dochs, Mara? Bidroch haw ik yn him net bifoun.
MARA:
Hy is in omstipper en in bidler en hy libbet fan jowne stikken. Jillel hat heard, hy koe by it ynskriuwen op 'e prefektuer net ienris in fêst wenplak opjaen....
ADAM:
Gjin wenplak? Dat kin net, Mara; hy is timmerman fan syn affearen.
MARA:
Timmerman, hie 'k tocht! Hy soe noch net iens in widze yninoar prakkesearje kinne!
ADAM:
Binnen dizze doaren is dat ek net nedich.... | |
[pagina 380]
| |
MARA:
It is to hoopjen dat er hjir net hingjen bliuwt. Kom, ik sil nei de koken, (sil ôf). Hy sil hjir aenstouns wol komme, dan soe ik tsjin him mar ris oer de rekken bigjinne. | |
Twadde scene: (Joazef, Mara, Adam).
JOAZEF
(komt op):
Soe ik ek in pear skjinne doeken fan Jo krije kinne?
MARA:
Ik sil ris sjen. As ik hwat fine kin, bring ik it aenstouns wol. (giet ôf; holle yn 'e nekke).
JOAZEF:
Jo hawwe it mar bannich mei ús der by, Adam. En Jou frou is al dy drokten ek net wend.
ADAM:
Dat allinne is it net, Joazef. Jo kenne de spreuk fan Rabbi Hillel?
(Joazel swijt)
‘In hûs sûnder bern is in lân sûnder hope!’ En it wurd fan de wize Gamaliël, dat dêr by oanslút?
JOAZEF:
Ik bin net sa skriftkundich.
ADAM:
‘In beam dy't gjin wetter kriget, sa is in man sûnder soannen’.
(Joazef swijt).
ADAM:
De earstberne yn Jins hûs is in soan, Joazef! De Namme des Heare sij priizge!
JOAZEF
(fuort dêroerhinne):
De Namme des Heare sij priizge!
ADAM:
Hoenear tinke Jo ôf to reizgjen?
JOAZEF:
Fêst wit ik it net; moarn of oaremoarn of miskien letter... ADAM:
Maria kin de reis noch net dwaen?
JOAZEF:
Maria is sterk; juster doe't ik op 'e prefektuer wie hat hja it hiele efterhûs himmele. ADAM:
Hwa't in deugdsume frou trout, sjocht hoe't syn skaei by de jierren lâns formannichfâldet! Mar hwerom soargje Jo hjir wei?
JOAZEF:
As it bern der net wie, ja dan....
ADAM:
Of forwachtsje Jo faeks in boadskip?
JOAZEF:
Hoe woene Jo sizze, in boadskip?
ADAM:
Gewoan, in tynge.
JOAZEF:
In tynge.... mar hwerfandinne? TEKSTSIZZER:
‘Jow dy op, wurd in ljocht, hwant dyn ljocht komt, en de hearlikheit des Heare giet oer dy op. Hwant sjoch, de tsjusternis sil de ierde bidekke en donkerheit de folken; mar oer dy sil de Hear opgean, en syn hearlikheit sil oer dy sjoen wurde. En de heidenen sille ta dyn ljocht komme, en de keningen ta de glâns dy't oer dy opgien is. Slaen dyn eagen yn it roun en sjoch: hja allegearre torsammelje har, hja komme ta dy, dyn soannen komme fan firrens, en dyn dochters wurde droegen op 'e earmen. Hwannearst dû dat | |
[pagina 381]
| |
sjochst, sil it dy tille fan blydskip, en dyn hert sil beevje en lor romme wurde tagelyk; hwant de skatten lan de sé sille dy talloeije, de rykdom lan de heidenen sil ta dy komme.’ (Jesaja 60:1-6). | |
Tredde scene: (Mara, Jadajim, Maria).
MARA
(komt hastich op):
‘..folle bysûnders is it net, mar hawar, men moat gjin jowne hynders yn 'e bek sjen. Hjir binne in pear skjinne doeken ‘.. Dyn man... Hwat nou...? Is hja der net, Jadajim?
JADAJIM:
Hja woe waskguod opspiele by de welle. Oft ik efkes om it bern tinke woe, sei se. Mar Jo moatte net sa lûd prate, frouwe Mara, oars wurdt it ek noch wekker.
MARA
(dochs hwat sêlter):
Nou nou, dou hoechst gjin wize mûle to jaen, jonkje! Sûnt hwannear hast dou sa'n noed mei dat bidlersbern? It is net liker of draeit alles hjir yn 'e hûs ynienen om him! 't Moat net mâller!
JADAJIM:
Hear Adam hat tsjin my sein, as hja my hwat fregen, dan moast ik it daliks dwaen, dat sadwaende...
MARA:
Soa.. Ja, as hy syn sin krige, wenne hja nou al yn ús keamer en wy yn 't êfterhûs. Soe se wol wolle, dy greatskert!
JADAJIM
(fûleindich):
Greatsk is hja hielendal net. Jo hiene mar ris hearre moatten, hoe aerdich hja tsjin my wie, niis doe't se nei de welle ta gyng. ‘Tink foaral goed om him’, sei se, ‘en...
MARA:
Nou, dat mocht der wol by. Dat bern is ommers alles hwat se hawwe. Moaije âlden! In bern op 'e wrâld sette sûnder widze of tek; hja witte mar blinderske goed dat se allang ûnder de bleate loft stien hiene, as it net om it bern wie! Figelearje op in minske syn goedens, sa is it mar!
JADAJIM:
Hja kinne it ek net helpe dat de keizer dy ynskriuwerij midden yn 'e winter bitinkt? Hielendal út Galiléa hjirhinne, mei in frou op it heechst swier... It is illindich genôch foar harren sa in bern to krijen, hjirsa, by frjemd foar de doar, as wie 't in oerwinneling dy't to founling lein wurdt...
MARA:
Hiene se it mar to founling lein! It soe it by my better hawn hawwe as by de eigen mem...
(keart har nei it bern ta)
Oh, lyts harterke, sjoch ris oan, hwat sliept er swiet...
(keart har wer nei Jadajim)
Mar né, hja de lusten en wy de lésten, dat 's it doel by dat soarte folk...
JADAJIM:
Jo prate fierst to lûd. Nou wurdt er wekker... As dat alles is hwat jo foar him oer ha...
MARA:
Dou silst dysels bidoele mei dyn ratteljende amers! Jow dy ôf, rakkert! Né, lit my mei it bern...
(keart har wer nei
| |
[pagina 382]
| |
it bern)
Dat is frouljuswurk, nou leave? Né, hy wurdt net wekker fan Mara...
(tsjin Jadajim)
Nou, sil it hast wêze?
JADAJIM:
Ik haw it Maria ûnthjitten... ik wist net oft hja it goed fynt dat ik samar... (giet wiikjend ôf).
MARA:
Nou ha wy de hichte! Oft hja it goed fynt... Hwa mienst dou dat hjir de bazinne is, dat minske of ik? Bin ik faeks net by bern fortroud, ik dy't al sa lang...
MARIA
(komt op):
Hwat is hjir to rédden?
MARA:
Ik ha jo hwat skjinne doeken helle. Dêr yn 'e hoeke kinst se fine.
MARIA:
Tige tank. Ik sil se Jo gau wer weromjaen, as mines wer droech binne. Dy haw ik niiskrektsa útspield.
MARA:
O, dat hoecht net, hear! Ik ha der dochs gjin forlet fan, hwant... It binne mar âlde doeken en jo kinne wol hwat kstra rêdding brûke, foar it bern, dat stumper.
MARIA:
Hwer is Joazef eins bidarre?
MARA:
Ik leau, dat er by Adam sit to praten. (Maria swijt) As Adam mar in prater hat, dan leit alles him wol sljocht. In echte kastlein is er.
MARIA
(yn harsels):
Ik sit yn noed oer Joazef.
MARA
(lûd):
Yn noed? Is er net goed?
MARIA:
Hy hat gjin rêst.
MARA:
O, dêr soe ik mar net oer yn sitte. Manlju hawwe it altyd gau slim. Ynpleats dat er nou bliid is mei syn soan!
MARIA:
Dizze blydskip is hy net koartsichtich genôch foar.
MARA:
Hwat nou? Skeelt it bern hwat? Sil it net lang libje? Hy sjocht der oars út as wyn en druven, it stumper, foardat er yn it efterhûs helle is...
MARIA:
Dat is gjin reden him to bikleijen.
MARA:
Soa, tinkt jo dat?
MARIA
(mimerjend):
Hja dy't in oar bikleije, hawwe allinne weet fan harsels...
MARA:
Slacht dat faeks op my?
MARIA:
Mar kom, ik moat it bern birêdde... Soene Jo Joazef freegje wolle oft er hjir komt?
MARA
(smeulsk):
Ja, ik sil de... héít de wink jaen... | |
Fjirde scene: (Jadajim, Maria, Joazef)
JADAJIM:
Frouwe Mara! Frouwe Mara! Hwer binne Jo dochs? Frouwe Mara!
MARIA:
Mara is hjir net, Jadajim. Hwat skeelt dy sa oerstjûr to wêzen. Ik soe my mar hwat bidarje, hwant ik leau net dat dyn masteresse hjoed sa bêst oer spul en drokte kin.
JADAJIM:
Al sjocht se noch tsien kear sa prot as ornaris, ik haw | |
[pagina 383]
| |
in nijtsje foar har dêr't se fan opfleurje sil. Keapman Mordechai is wer yn Bethlehem!
MARIA:
Is dat sok bilangryk nijs?
JADAJIM:
As Jo dat sa sizze, witte Jo fêst net Hwa't keapman Mordechai is! Alle jierren om distiid komt er yn 'e stêd, en dan binne syn kamielen ôfladen mei de prachtichste dingen: side en fluwiel yn 'e moaiste kleuren, frjemde sieraden fan glês en fan sulver, tapiten en boartersdingen foar de bern, o, folie mear as my nou sa yn 't sin komme wol. Sagau't hy ta de poarte yn is, rint de merk fol folk. Der is gjin frou yn hiele Bethlehem dy't dêr har itenspôt net foar yn 'e steek lit.
MARIA:
Ja, nou bigryp ik it hwerom't frouwe Mara...
JADAJIM:
O, mar it giet net allinne om de moaije dingen dy't Mordechai út Jeruzalem wei meinimt! Hy sit altyd stiiffol nijtsjes en forhalen, yn elke karavaenserail stekt er wol hwat op: in spannend teltsje, in lietsje of in nije spreuk. En as er dan de merk oprydt om syn nearing út to stallen, dan sjongt er en fortelt er, it iene sterke stik nei it oare, wol in ûre efter elkoar! Guon lju sizze, it binne allegearre syn eigen optinksels. En soms binne syn forhalen sa bryk en nuver, dat men soe se amper leauwe, as it net Mordechai wie dy't se fortelde. Nim nou niissajust ris bygelyks. Doe sei er, wy soene hjir samar bisiik krije fan in pear keningen... Mar dat fortel ik Jo letter wol ris, ik moat nou nei frouwe Mara ta... Hja soe raer beare as ik...
MARIA
(mei spanning):
Jadajim! Hwat hie de keapman oer keningen to sizzen?
JADAJIM
(hastich):
Ik wit der mear net fan. Mordechai sei, hja hiene him by de Suderpoarte yn 'e haedstêd oanhêlden en nei de wei frege. Hy hie it oer in stjerre dêr't se efteroan reizgen... Ja, sa presiis wit ik it ek net mear. Oft it nou gelearden wiene of eallju, dat wist Mordechai ek sa lyk net. Mar machtich wiene se wol, hwant hja waerden mei earbitoan ta de stêd útlaet troch de liifwacht fan Herodes - syn namme mei stjonkende wurde! En... o ja, hja sochten immen, in kening as 't my net mist. Nou, dan kinne se hjir lang sykje, sei er. Sûnt Davids tiden ha hjir oars net wenne as skieppeboeren! Mordechai bisloech it wer mei de gek, hy bea op syn manier reaferve mantels oan op sliterspriis. Om jimme to klaeijen foar it keninklik bisiik, sei er! Ha, ha, keningen yn Bethlehem! (giet ôf).
MARIA
(yn harsels):
Keningen yn Bethlehem ‘..
JADAJIM
(Fan lierrens):
Goendei, Joazef, ha Jo it al heard? It sil der hjir om wei gean. Freegje Maria mar ris. Jo meije Jo it | |
[pagina 384]
| |
burd wol ris fiks ûtkjimme foar it hege bisiik... hahaha!
JOAZEF
(komt op):
Hwat is dy jonge dochs bolbjirken. Hwer hat er it nou wer oer? Heech bisiik, seit er? Ik soe net witte Hwa't by ús op bisiik komme kin... Hwer slacht dat dochs op?
MARIA:
Och, it is krekt sa'nien as Gehazi, dy't nou op 'e timmerwinkel past yn Nazareth. Hy hat genôch oan hwat de dei seit, fierder giet syn euvelmoed net. En nou sit er wer hielendal fol fan dy forhalen fan in negoasjeman, dy't er op 'e merk troffen hat.
JOAZEF
(nei eikes swijen):
Ik sil it ezelsgereid neisjen... Der is in riem heal trochskuord.
MARIA
(nei koarte stilte):
Joazef?
JOAZEF:
Ja?
MARIA:
Doest dou der niis ynkaemste, hast alhiel net nei dyn soan omsjoen. Bist der al sá oan wend om heit to wêzen?
JOAZEF:
Maria!
MARIA:
It is gjin forwyt. Ik wit ommers datst fan him hâldste. Mar ik kin dêroan fornimme datst mei hwat ompakste.
JOAZEF:
Hoechst net oer my yn noed to sitten.
MARIA:
En dochs it dat ál sa. Hwant foarhinne - doe rounste hieltyd mei de holle omheech en der wie in ljocht yn dyn eagen, lyk as seachste altyd in ingel op dyn wei. Joazef de dreamer neamden se dy thûs, mar ik wiste datst dou wanneleste mei God troch de wrâld en dat it dy sa goed en great wie. Ik wie de iennichste mei hwa'st der oer prate woeste. ‘De wrâld is Gods hôf...’ ik hear it dy noch sizzen. En nou dan, Joazef, is it winter yn dyn hôf?
JOAZEF
(mei muoite):
Hoe soe dat kinne, noust dou der yn kommen bist to wenjen?
MARIA:
It is leaf datst dat sa seiste. Mar it makket my dochs net bliid, hwant... ik kaem ommers allinne?
JOAZEF:
Wy hiene dochs ôfpraet, dat...
MARIA:
Ik wit it, mar ik móát der mei dy oer prate. God hat ús togearre seinge mei dit bern. Soms liket it, as haw ik allinne syn hân mar field. As ik dy mei Adam kastlein praten sjoch - in wacht foar dyn mûle en it wêzen fan in man dy't troch de wrâld hinne sjocht. Dat is de Joazef dy't ik net ken; sok dwaen, it strykt net mei dyn aerd. Nou ris sitste rimpen in ezelsgereid to laepjen - soms liket it oftst dy hjir nei wenjen sette wolst, dan wer as soene wy staf-en-af earne nei omfierrens reizgje moatte. - Joazef, hwer is dyn lok en seine keard?
JOAZEF:
De beam draecht in oare seine as de hofker, Maria. Ik | |
[pagina 385]
| |
bidoel, doe't de amme fan de Ivige oer dy gyng, stiest dou yn 'e bloei, hookstrooks as in apelbeam op 'e earste maeijemoarn. Blossemje en fruchtdrage foar de Hear, dat is dyn lok en seine. Mar mei my is it oars. Ik mei Gods kostberste frucht biwarje. As heit stean oer it bern fan God.
MARIA:
Forwachtest dou dan gjin krêft fan Him?
JOAZEF:
Bywilen, as ik wekker liz yn it tsjuster - dan is Gods seine as in kloer om myn swolge. Tink ris ta, Maria, hoe't ús folk mei syn salvlingen to wurk gien is. Elia, flechtsjend foar de kening... Jeremia, bigekke, forhúnd, fan de machthawwers yn in saed smiten, weimoffele as in skandebern. Sóks witte wy fan de profeten, de útkarden fan God. Mar hwat fornijt it Boek ús oer har âlden? As dit it lot is dat har bern stie to wachtsjen - hoe is it hár wjerfearn, doe't hja har warleas bern foar soks opbringe moasten?
MARIA
(nei eikes swijen; yn harsels keard):
Wie it net sá foar de mem: de bertewéën to fielen, in libben lang... En neijer by jins bern kin men net wêze... En foar de heit: altyd ôfstên dwaen, wachtsje, libje as Gods feint?
(Joazei swijt).
JADAJIM
(komt op):
Joazef! De keningen binne kommen, it wie wol wier! Hja prate yn 'e jachtweide mei Hear Adam - it is om Jimme to rêdden en om Jimme bern! TEKSTSIZZER: ‘Sjoch, hy is set ta in lal en opstanning fan mannichten yn Israël en ta in teken dat tsjinsprutsen wurdt. Ja, troch dyn eigen siele sil in swurd gean, dat út forskate herten de tinzen iepenbier wurde.’ (Lukas 2:34 en 35). | |
Fyfte scene: (Adam, Joazef, Jadajim).
ADAM:
Einlings in bytsje rêst, mar it is ek let genôch wurden. Sels de nijsgjirrichste Bethlehemiten sille nou har nocht wol hawwe en op bêd wolle. Dat wie hjir mar allegearre oanrin, Joazef! Elkenien kaem to freegjen hwat dy trije rike frjemdlingen hjir moasten. Dat freget mar oan en wei, mar witst dóú hwat har reis hjirhinne wie? Hwerom krige Adam kastlein de eare fan sok heech bisiik? Wiswier, it minskene hert is fol oergunst. Binne Jo faeks fan keninklik skaei?
JOAZEF:
Né, Adam, dat is to sizzen... hoe bidoele Jo?
ADAM:
Och, it wie mar sa'n frage - my tocht sa...
JADAJIM
(komt op):
Hja hawwe in ûnderkommen foun yn 'e stedsherberge, Hear Adam, en...
ADAM:
Hoe witst dou dat nou wer? | |
[pagina 386]
| |
JADAJIM:
Ik moast ommers in kruk foar Jo nei Achim bringe...
ADAM:
Wennet dy de kant út fan de Suderpoarte?
JADAJIM
(yn bistân):
Earst bin ik de trije keningen efternei gien. Hja rieden hurd, krekt as woene hja net rjocht wêze Hwe't se hinne gyngen. Ja, en Achim sei dat Mordechai tusken syn keapwaer lykme-allinne op 'e merk stie. Elk wie fuortroun om de frjemdlingen to sjen...
ADAM:
Sa kin it wol ta. Liz it jild datst fan Achim bard haste dêr op dy bank en jow dy nei sliepen. It is al let genôch.
(Jadajim äf; yn himsels).
Hwer bliuwt Mara nou? Hja sit al mear as in ûre by har suster.
(tsjin Joazel)
Mar hwer hawwe Jo de eare oan to tankjen fan dit keninklik bisiik?
JOAZEF:
Hja kamen net om my. Ek net om Maria. Hja kamen om it bern.
ADAM
(tige lorheard): Om it bern, seiste? Om it...
JOAZEF:
Hja foelen op 'e knibbels en brochten it bern geskinken.
ADAM
(foralteiearre):
Joazef!
JOAZEF:
Ja, Adam, kostbere geskinken en doe't hja knibbelen wie it deastil yn it efterhûs - like ûnforweechlike stil as yn 'e binnekeamer fan in hûs dêr't immen sprekt mei syn God.
ADAM:
Mar allinne ta Him sil de minske...
JOAZEF:
It bern is stjûrd fan Him, Adam.
ADAM
(forbjustere):
Mar, in soan fan dy, Joazef, en Maria... en fjouwer dagen âld ‘.. en ‘..
JOAZEF:
Sa tige is it Sines, Adam, dat it my - ik wit net hoe't ik it Jo sizze moat - dat it my frjemd bliuwt, dat it my... oanfljocht - ik wit net oft Jo dit bigripe - dat it is as... forwideret it tusken Maria en my. Jo moatte my goed forstean, it is gjin oergunst dat ik dit siz. Wie it mar sa!
(efkes stilte)
Ja, fjouwer dagen is it êld, en nou al is it myn bern net mear. It libbet bûten my om en as in frjemd rin ik troch it efterhûs en bin ûnwennich fan Nazareth, fan myn timmerskuorre, fan Gehazi, myn spuonfeint, fan...
Ja, ik móát it Jo fortelle, hwant oan ien moat ik it kwyt. Adam, it is as set it bern my bûten mysels, as haw ik mysels forlern en wit net hwat ik dwaen moat. Soms meitsje ik hastich alles ré en soe mar leafst hurd-hurd hjirwei wolle. In oare kear, Jo witte dat ek wol, sit ik hjir stil to sjen en sjocht Mara my oan, as forwiet se my dat ik gjin heit útmeitsje, lyk as...
ADAM:
Hoe witst dou, Joazef, dat it bern fan God is?
JOAZEF:
Soms tink ik, wie it mar nea berne.
ADAM:
Dat binne ûnhillige tinzen. Elk bern is fan God seinge, Joazef. | |
[pagina 387]
| |
JOAZEF:
Mar moat men dan réwillich wêze foar in bern to lijen?
ADAM
(mei klam):
Hoe witst dou dat it bern troch de Machtige stjûrd is?
JOAZEF
(nei koait swijen):
Dat haw ik dreamd. Doe is it bigoun...
ADAM:
Hwat wolst dêrmei sizze?
JOAZEF:
Noch nea earder hie ik bang west fan myn dreamen, Adam, mar doe wie ik it wol... om't ik dizze dream net oan koe, om't dy my yn 'e macht hie, sa slim dat ik mysels net mear wêze koe. Hwerom moast my dit oerkomme? Jo freegje, hoe witste dat it bern fan God is. Twivele ik dêr mar oan, hwant ik bin der wis fan! Der is eat bard dêr't ik buten stean en dêr't ik lykwols hwat mei dwaen moat. Mar hwat? Weromgean nei Nazareth? En dêrsa hammer en seage opnimme as wie der neat bard? It kin net mear, mar dat soe ik leafst wolle - mei Maria togearre wenje, sûnder ophâlden to wurden fan dingen dy't ik net bigryp. Adam, der heart in bern by my dat mines net is!
ADAM:
Mar Joazef, as ik dream dat ik in soan krije sil - en dat is my al faken oerkommen - tochst dou dan dat dat wier wie? As ik wekker wurd, leit der in ûnfruchtbere frou njonken my.
JOAZEF:
En as ik wekker wurd, gûlt der in bern dat mines net is.
ADAM
(mimerjendewei):
As it wierliken fan God stjûrd is....
JOAZEF:
Sa forblynjend wie dy dream, sa forblynjend wyt, dat ik aloan eangje, God sil my wer by de kiel gripe....
ADAM:
De Namme fan de Almachtige sij priizge!
JOAZEF:
Yn 't foarige dreamde ik der faek oer, as ik bûtendoar roun of oan it wurk wie, hoe't it wêze soe mei in soan der by. Ik soe mei him oangean en him forhalen dwaen en ik soe him boartsjenderwize leare mei it ark fan in timmerman om to gean. hwannear't ik tocht oan in takomstige soan, dan waerd ik rêstich, en nou... Adam, hwat moat ik dwaen?
(it bliuwt eikes stil)
Hwat hinget ús oer de holle mei dit bern?
ADAM:
In soan is in seine, mar as dyn bern fan de Hear stjûrd is, dan is dat in seine, greater as in minske ea fan dreamd hat... Stjûrd fan de Hear! As dat wier is, dan meist net yn noed sitte, Joazef. Dan is de ikker dyst dou ploege haste in lân dat oerfloeit fan molke en huning. Soe God wer tinke om it folk dat nou al jierren lang forwâdde wurdt?
JOAZEF:
Mar hwerom is it sin Him dan op my en Maria fallen?
ADAM:
Hy hat it ûnthjitten. Syn profeten hawwe sein, ienris soe der in tiid komme sûnder triennen. En sûnder oerhearskers! De woastenije, toar as in frou dy't ûnfruchtber is, sil bloeije as in roas, it laem sil freedsum mei de liuw forkeare... Gods | |
[pagina 388]
| |
ivige fruchtberheit! Joazef, it is net tafallich dat it bern hjir berne is! Hwer is it?
JOAZEF
(lorwûndere):
Yn it efterhûs, it hat de sliep.
ADAM:
As dit bern fan God stjûrd is, dan is it gefaerlik! Sadré't Herodes heart dat de forlosser fan de Joaden berne is, bringt er it om, mei syn âlden der by, dêr is gjin mis op. It bern móát rêdden wurde!
JOAZEF:
Jo wolle sizze, dat... sADAM:
Herodes en syn mannen sille komme en neat fine. En ús, ús sil it net swier falle en forbergje in bern yn in herberge, dêr't tweintich gasten fleurich útfanhûzje kinne!
(optein)
Israël forlost troch help fan dizze herberge, dêr't ik allinne mar dréêmde fan in bern ‘..
JOAZEF:
En Mara?
ADAM
(heart dat net iens):
Gean moarn mei Maria nei Nazareth en lit it bern hjir bliuwe. Gjin Herodes, al hoe slûchslim ek, sil op it spoar komme. Sikersonk, in man út Nazareth mei gauwernôch ta praten to krijen wêze, mar in Bethlehemyt lit nea ofte ninter in wurd falle, al soene se him pinigje...
JOAZEF:
Mar, Adam, Maria ‘..
ADAM:
It giet dochs ek om har! hwannear't jimme mei dit bern op in paed geane, dan wurde jimme gefaerlik, dan wurdt hiele Israël gefaerlik, dan...
JOAZEF
(yn swiere twastriid):
Hwat sil ik dwaen?
ADAM:
Hwat ik dy siz. Mar dêr hear ik Mara ynkommen, hja is let.
JOAZEF:
It is tige let. Myn hert is yn ûnstjûr, Adam. Miskien hawwe Jo gelyk. Ik sil der mei Maria... hwant buten har om ‘.. Goenacht (giet hastich ôf). TEKSTSIZZER: ‘Doe liet Herodes tomûk de wizen roppe, en hy frege harren flitich nei de tiid, dat de stjerre opkommen wie. Dêrop stjûrde er harren nei Bethlehem en sei: Gean op reis en fornim flitich nei it berntsje en as jimme it foun hawwe, doch my tynge, dat ik ek komme mei en oanbid it. En doe't hja de kening heard hiene, gyngen hja op reis; en sjoch, de stjerre dy't hja yn it easten sjoen hiene gyng foar harren út oant hja stean bleau boppe it plak dêr't it berntsje wie. | |
[pagina 389]
| |
en myrrhe. En yn in dream troch godlike iepenbiering iormoanne om net by Herodes werom to kommen, teagen hja in oare wei lâns wer nei har lân ta.’ (Mattheus 2:7-13). | |
Sechste scene: (Adam, Jadajim, Mara).
ADAM:
Foarsichtich, jonge, mei dy krûken. Dou stjitste der mei op 'e groun, lyk as kinne se net stikken...
JADAJIM
(hymjend):
Hja weage der yn, Hear Adam, en ik haw der nou al tolve fan fortôge, hielendal fan it foarhôf nei de wynkelder. Pfff, hwat bin ik waerm!
ADAM:
It rint dy ek net bot mei hjoed, wol? Earst moaste der ieren-bitiid ôf om de poarte op to dwaen foar de karavaenlieder fan Mordechai - en doe hied er ek noch gjin slaven by him om dy tweintich krûkfollen wyn út Caesaréa fatsoenlik to plak to bringen. Hwerom wie er winlik sa hastich? En dat op sa'n moaije dei!
JADAJIM:
It dreau him ôfgryslik, leau ik; om it waer tinke die er him net iens oan tiid! Mordechai woe op slach en stuit fuort. Sûnt de keningen hjir binne, seach nimmen mear nei him en syn keappenskip om. Jo hiene him justerjoun ris oangean hearre moatten! Deftige kluchten fan stjerrewikkers dy't oars neat yn to bringen hawwe as geleard praet, sei er. Hy tjirge him! En hy hat der ek gjin gers oer waechsje litten! Fan 'e moarn foar dei en foar dage is syn karavaen ta de Suderpoarte úttein, op wei nei Egypte.
ADAM:
Midden yn 'e reinige rite? Dat kin my in reiske wurde... As hja yn Egypte oankomme, sille se oan it burd ta yn 'e modder sitte! O, dy Mordechai, de lju moatte him wol raer op 't sear kommen wêze. Hahaha!
JADAJIM:
Siz dat wol, Hear Adam. Hy hat sa'n goed sin net as Jo - mei Jins wolnimmen. Ik haw Jo noch nea sa fleurich sjoen!
ADAM
(net strang):
Gean oan dyn wurk ynpleats fan to moaipraten tsjin in âld man. Of houris, doch mar effen tiid mei dy oare krûken. Hear Zadok út de stedsherberge hat om ien derfan frege, grif foar syn hege gasten. Krij de ezel en bring it him, hy sil der wol forlet fan hawwe... En dan... Jadajim! (ropt him werom).
JADAJIM:
Ja, Hear Adam?
ADAM:
En freegje dyn masteresse oft hja hjir komt. Ik moat hwat mei har biprate.
JADAJIM:
Hja is by de buorlju, leau ik - ik sil har helje, Hear.
ADAM
(yn himsels):
Mei koarten sil der yn har eigen hûs to folie wurk wêze, om noch tiid foar de buorlju to hawwen. To- | |
[pagina 390]
| |
minsten, as hja it forstean wol, hoe oermjitte de Ivige ús seingje wol. In bern yn 'e hûs - en alles foroaret, alles!
MARA
(bynt har yn):
Dou hiest my roppe litten? Hjir bin ik.
ADAM:
Sa gau hie ik dy net werom forwachte. Hoe is it mei buorman Joram syn siik koubist? Juster like it oars...
MARA:
Wie it om sokke nijtsjes datst forlet fan my hieste? Dêr hieste Jadajim wol om fuortstjûre kinnen, Adam!
ADAM:
Dat is dyn slach. Mar sjochste, Mara, hwat ik dy sizze wol bitsjut sáfolle foar ús togearre, dat ik... dat ik to oerstjûr bin om it rjochte wurd der foar to finen... Ik bin bang, sjochste, datst it daliks net bigripe silste, dat sadwaende...
MARA:
Dou hast noch nea om wurden hoegen to sykjen. Ik sjoch, dou bist ta in bislút kommen...
ADAM:
Net ik bislút - de Hear sil oer ús bislute!
MARA
(fûleindich):
Hwat hat dat praet to bitsjutten?
ADAM
(wifkjend):
Tweintich lange jierren hawwe wy om in soan bidden - mar God hâldde dyn memmeskerte sletten.
MARA:
It is nea by my wei.
ADAM:
Nou stiet der in stjerre boppe dit hûs - blinkender as yn in dream, lyk as de soan dy't ús tabitroud wurdt, in bern is boppe alle bern. Ik haw bisletten...
MARA:
Né, Adam, swij! Dou kinst de seine fan God net stelle, dat meist net, dou meist net!
ADAM:
Hjoed noch sille Joazef en Maria...
JADAJIM
(komt hastich op):
Hear! Hear Adam! Jins krûkfol wyn kaem to let. De keningen binne ôfreizge. Gjinien wit hwerhinne!
ADAM:
It teken! Dit is it teken! Fansels, nei Herodes binne se! Helje Joazef op! Op slach!
(Jadajim ôf).
MARA:
Hwat wolst dou mei Joazef?
ADAM:
Hy moat hjirwei, mei syn frou. It bern bliuwt hjir, oant it feilich is. Mara, al is it ek in offer foar dy, út ús hûs komt de Losser Israëls!
MARA
(nei lange stilte; mei lyts lûd):
It is... dyn hûs.
ADAM
(optein):
It sil in hûs fan God wêze!
JADAJIM
(komt wer hastich op):
De stâl is leech, Hear Adam. Joazef, en Maria, en it bern - hja moatte mei de karavaen ôfreizge wêze!
MARA:
Godtank. O God sij tank!
ADAM:
God - sij - tank? EIN (De première fan dit stik wurdt Earste Krystdei '56 as harkspul foar it IKOR to Hilversum yn it Hollânsk opfierd) |
|