De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 377] [p. 377] [Nummer 12] Sjoerd Spanninga: Krystleginde Natûr wie wol sa stil dy deis, dat alles stie bitsjoene en ynkeard ta de nacht,- de himel hie syn blauwe dream fan hearlikheit foltóge, in wize stjerre die de wacht, ticht by in earm gehucht; it folk to fjilde oan it miel lei skild're op in âld paniel, it goud en giel fan harren groun, en lange nei de ierden kom, in spize suver foar de siel, - doe foei in elts de mûle stom; de hannen gear oer it petiel, hja lieten dêr har brea mei frede, en hja dy't ieten kogen net, as swei dit amerij in skoft de eigen bloedslach fan har hert, - mar ider seach omhegen; de fûgels hongen oan 'e loft en kamen net fanwegen, en earne dûze in keppel skiep mei iepen eagen yn 'e sliep, dat luik de skeper dy't har dreau de hân al heve nei it reau, lykwols, samar ynienen bleau syn woede machtleas stean, - gjin blêd dat weegle oan 'e beam, de wyn dy hold de siken yn, hwant ingels gien'de höven roun, de tiid waerd in foldragen frucht, en glied de stream, in slûge slang, fan wjerskyn side en satyn, tofoaren blynwei nei de fierte, nou speegle in blinken jin tomjitte, bloes men in kostlik glézen glâns it wûnder fan syn wêzen lâns, - mar net in weage seach men gean; en 't drinken dat de geitsjes woene, it wetter loek har langstme hinne, [pagina 378] [p. 378] de nekke doek al toarstich del, mar hiene hja ta byldwurk tsjinne, har bekken bleauwen dizze reis alhiel forstille underweis. Doe naem wer 't libben syn birin. Wylst Joazef yn gesichten doale, in hoarnmuoi sykjend, waerd de hoale oerskade mei in wolk fan gloede, dy't ljochtsjende it heil bihoede, de minsken berne út genede, - dochs wie der twivel yn syn stap, en drige hy in tel ol trije noch oan 'e wige fan de welle ‘.. dan koed er inkeld tankber swije en seach er op in nij bigjin, - hy wist him mar in houten nap tusken it leauwe fan Marije, de okse en de ezelin. Vorige Volgende