Koart nijs rounom wei
Yn in nije standertûtjefte oer de dichtkunst, dy't yn Amearika ûnder de titel Dictionary oi Poetry and Poetics forskine sil (The Philosophical Library, New York) sil dr. Bernard J. Fridsma fan Grand Rapids in artikel bydrage oer de Fryske poezij. - De New York Times en de Grand Rapids Herald binne twa Amerikaenske blêdden dy't okkerdeis artikels oer it kulturele libben yn Fryslân publisearre hawwe; it earste oer de emansipaesje fan it Frysk en it twade oer it forskinen fan it earste diel fan Kalma's Shakespeare-oersetting. - Piter Terpstra, dy't okkerdeis syn earste Fryske roman publisearre hat Fjouwer minsken yn in stêd, is op 't heden to set mei in nije (Hollênske) roman dy't op Helgolên spilet. - Fan Theun de Vries sil meikoarten in nije roman forskine oer it forset yn de jierren 1940-1945: Het meisje met het rode haar. Obe Postma hat in nije bundel fersen printré, dy't dêrmei by Laverman n.v. forskine sil. - Fan R. Brolsma's roman Sathe Humalda sil foar 't neist takomme jier ek in nije printinge forskine. - Wike Zylstra hat yn Frysk en Frij in oprop dien oan dyjingen dy't noch brieven fan dr. D. Kalma hawwe. Hja wol dy graech opstjûrd hawwe nei it Douwe Kalma-hûs op 'e Rottefalle, soks mei it each op in yn de takomst to skriuwen biografy. - Fan Noarske jildlike stipe oan in plan foar in Noarwegen-nûmer fan it Bretonske tydskrift Al Liamm sil spitigernôch neat komme. De Noarske kultuer-attaché to Parys hat skreaun, dat de redaksje ta in rounte biheart dy't yn de lêste oarloch ‘net goed’ wie. De Noarske bimiddeler K.L. Johannessen leaut dêr neat fan en ek op it departemint to Oslo, dêr't dizze saek bihannele waerd, sjogge hja efter dizze ûtspraek in óare
eftergroun. - By ûtjowerij Bosch en Keuning to Baarn is yn de Opgangserie forskynd De Bruidegom komt, in Hollânske oersetting fan de histoaryske roman oer de Werdopers fan Ypk fan der Fear. De oersetting is forsoarge troch Aize de Visser, redaksjeskriuwer by Bosch en Keuning N.V., fan komôf in Hearrenfeanster. It docht jin nij dat, wylst de oarspronklike titel wöl neamd wurdt, neame oanjown stiet dat it hjir om in oersetting út it Frysk giet.
FREARK DAM