en keizerlik bloed wie neat djûrder as arbeidersbloed. Yn en bûten Ruslên wie elk oertsjûge, dat der fan de tsaer syn hûshalding nimmen oerbleaun wie.
Oant 1920. Dat jiers sprong der op in tsjustere joun yn in frij iensume wyk fan Berlyn in wanhopige jonge frou de grêft yn. In polysjeman dy't it seach, sprong har nei en wist har to rédden. Se waerd nei in sikehûs brocht, dêr't se lang yn folsleine apathy lei. Der wie gjin wurd út har to krijen oangeande har identiteit. Oproppen yn de krante oan eventuéle famylje wiene omdoch. Hja stiene foar in riedsel. Oant it somliken opfoel, dat hja sprekend like op de tsaredochter Anastasia. Ut in ûndersyk die bliken, dat hja deselde lichaemlike kentekens hie, û.m. in ôfwiking oan ien fan har fuotten. In forpleechster sei, dat se nachts yn de dream Russysk praette. Seis ûntkende se forheftich dat se Russysk koe.
It nijs fleach troch de wrâldparse en brocht, binammen ûnder de Russyske emigranten, greate opskuor. Kunden, eardere hofdignitarissen en famylje fan de tsaer sochten har op en fierwei de measten bifêstigen har identiteit.
Doe't se wekker waerd út har apathy, kaem har forhael by stikken en brokken. Earst yn de foarm fan oantinkens út har eardere libben, dy't strykten mei de histoaryske wurklikheit. Famyljeleden en ekshóvelingen koe hja faken op it earste gesicht wer. Op it lêst joech hja ta, dat hja Anastasia wie. Twa soldaten fan de wacht, fortelde hja, hiene har yn dy bluodrige nacht swier forwoune ûntfierd en har op in boerewein, ûnder it strie, nei Roemenië brocht. Mei ien fan harren, in boer, wie hja troud, har man wie lykwols deasketten yn Boekarest en hja wie nei Berlyn flechte.
Dêrmei wie de ûngelokkige jonge frou pion wurden op it politike skaekboerd en bigoun har lijen foargoed. De famylje Romanov, ûnder lieding fan har muoikes, de greatfoarstinnen Olga en Xenia, wegeren har to erkennen. Sa'n geastlik wrak, dy't de hân oan har sels slaen wollen hie en, greater skande! de widdou fan in boer, mocht net it haed en it symboal fan it hûs Romanov wêze. En binammen gjin erfgenamte wurde fan de miljoenen goudroebels, dy't op de Bank fan Ingelên stiene. Nei in forbittere ûngelikense striid mei de wreedste komplikaesjes, dy't it uterste fan har senuwen fergen, ûntflechte hja it yllûstre selskip en nou al in fearnsieu lang libbet hja yn folslein isolemint yn in klinte yn it Dûtske Swarte Wâld. Yn 1953 noch hat de Dûtske eks-kroanprinsesse Cecilie har opsocht en har oanret, de striid to forfetsjen. Hja forklearre, ré to wêzen om foar de rjochtbank har identiteit as dochter fan de tsaer to biswarren. Se wegere lykwols perfoarst: se woe net wer yn de hannen fan de minsken falie.
Is hja Anastasia Nicolajewna Romanov? Ja, sizze party ûnpartidige lju, dy't it witte kinne; ja, seit hja seis; né, seit de lieding fan it hûs Romanov.
Yn alle gefallen in minsklik drama en in mear as nijsgjirrich motyf foar litteratuer en film. Yn Hollên hat it bygelyks Bordewijk ynspirearre ta syn short story Tatjana, dy't der yn sfear en klimaet noch al ûtrint by it greatste part fan syn forhalen.
In Dûtske filmregisseur (syn namme is my ûntgien) hat nou de trageedzje fan dit libben op it wite doek brocht. Hjir wankt fansels daliks it gefaer fan melodrama en sentimentelens oan de iene, fan droege dokumentaesje oan de oare kant. Dizze regisseur hat it lykwols masterlik dien. Hy giet sûnder mis út fan de ûnderstelling, dat de haedpersoan fan it drama de dochter fan de tsaer is, mar mijt