it is slim út to hâlden dat it it niveau hat, dat it simmerske iepenlofttoaniel winliken hawwe moêt. Lykwols, regy en spyljen binne by dizze ploech ek noch net op de hichte fan dy fan Opsterlên. En de bidoeling om hwat goeds to bisykjen is der, sûnder mis. Dat is al in greate winst, forgelike by in protte oaren, Hwa't it mei it foljen fan in toanieljoun al gau goed is.
Ek op kabaretgebiet bringe de simmermoannen gauris hwat nijs. It selskip Tetman en Jarich hat de première jown fan in nije kabaretrevu fan Tetman de Vries, In minske’ sin is in minske’ libben. It liedende thema - de frijetiidsbisteging - liket sa op it each hwat smout en ienfâldich, mar dochs hat Tetman der mear fan makke as wy der, earlik sein, fan forwachte hiene. It is net in kabaretrevu sûnder boeren, mar mei hiel hwat minder boeren as yn Tetman syn oare stikken. Nou moatte wy der om tinke, dat wy it stribjen nei moderner toaniel en kabaret net groundearje op it negative, in casu it weisjen wollen fan alles hwat boerich is, mar it is dochs sûnder mis sa, dat Tetman wol forlet fan hwat nije idéen hie. lêst men de nûmers fan de wurklist noch ris nei, dan komt men ta de konklûzje, dat dy nije idéen der wol binne, mar dat hja almeasten ûtwurke binne op it stereotipe patroan, dat wy wend binne ‘echt Tetman’ to neamen. In ienmans-sketske as dat fan de folkstûnker, sa treflik troch Jarich de Vries brocht, is ta in bipaelde hichte nij; Tetman is nammers net wend, twa kear mei itselde to kommen. Mar dizze folkstûnker is ien fan de lange rige tipen, troch Jarich of oaren spile, dy't as it nypt dochs ek wol wer in soad fan elkoar hawwe. Ta in wêzentlike fornijing is Tetman ek nou noch net kommen, al moat tajown wurde, dat er gêns middels brûkt om sa folie mooglik mei it âlde to brekken. En in oare erkenning is dizze: al binne syn lietsjes en stikjes soms oan de lange kant, it muoit jin almeasten èk noch altyd in bytsje, as hja út binne.
Tetman de Vries hat yn alle gefallen de f orts j inste, dat er net ûnkritysk tarren bliuwt op it sukses dat er by it greate publyk mei flakke humor en sentimentelens helje kin. Hy siket om fornijing. Wy winskje him fan herten ta, dat er de net maklike oergong fan kabaretrevu, dy't noch altyd mear revu as kabaret is, nei de hast net to definiearjen kunst, dy't wy sûnder mear kabaret neame, fine sil. Hy is ien fan de twa, trije hjir yn Fryslân, by Hwa't it dêr om siket.
P. TERPSTRA