De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 369]
| |
Y. Poortinga:
| |
[pagina 370]
| |
bert-epigoon - deselde godstsjinstige lizzing understelle. By Posthumus en Hoekstra wurket it deïsme nei en is hast inkeld it ‘bitrouwen yn 'e almachtige, alwize, alleavjende God’ oerbleaun, en by Piter Jelles is ûnder ynfloed fan syn hiele jeugdklimaet en fan lektuer as Bûchners Kiaft und Stoff ek dat fan de twivel oantaestGa naar eind6). Gosses seit: ‘Der binne trije natûrpsalmen'; 8, ‘Gods majesteit oan it nachtlik firmamint en yn 'e hearlikheit fan dizze ierde'; 29, ‘Gods majesteit yn syn grime'; 104, ‘Gods majesteit yn syn skepping en syn wiis wrâldbistjûr’. Ik soe psalm 19, alteast yn syn earste helte der ek by rekkenje wolle: ‘Gods majesteit oan it firmamint by dei’. It is dan wol opmerklik, dat ús fjouwer birimers allegearre in foarleafde foar de natûrpsalm toane. Wylst Gysbert Japicx psalm 29 lizze lit, hat Salverda him al, en it is Posthumus syn iennichste; Hoekstra syn ienling is ek wer in natûrpsalm, en ta Piter Jelles syn twa biwurkingen heart de 19de. Dit wurkjen fan God yn de natûr as skepper en ûnderhalder stiet ek yn Rinse Posthumus syn oarspronklike religieuze fersen op de foargroun. Fierwei syn bêste gedicht is titele: Gods greatme ijn it greate in ijn it lijtze. Oan Salverda en Posthumus syn foarkar foar de 29ste psalm sit ek sûnder mis in aesthetyske kant. Wy fiele dêr de foroare wurdearring fan it wylde, woaste yn de natûr yn, dy't mei de iere romantyk trochbrekt. Net om 'e nocht is Posthumus oersetter fan Herder en safolle oaren en yn Salverda, de oersetter fan balladen mei in tsjustere sfear, wurket de romantyk wol tige sterk. Hoekstra hat syn biriming in aparte titel jown: God dy greate forsorger fon of. Hoe sterk de kar ek hjir wer persoanlik biskaet is, docht bliken út it dichtstik dat der oan foarôfgiet: Dy sliep. Dit rymwurk hannelet oer de doelmjittigens, dêr't ‘dy wiise God’ Syn skepping mei ynrjochte hat. Fan it nut fan de sliep by de minske komt er op de wikselgong yn de natûr, de ivige forjonging fan winterslom ta maitiidsbloei. It fers bislút mei in lofprizing fan de Skepper dy't Posthumus ek skriuwe kinnen hie; de lêste rigels binne:
Ut sets 't ollerlilste bledtsje,
Ken ma rum Gods Olmacht fettia.
Sibe Jeips Hoekstra, berne to Haskerdiken, wie doe't dit boekje yn it ljocht kaem in man fan 30 jier. Hy wie doe mounder op It Hearrenfean, mar hie tige nocht oan studearjen. It wie in man fan it jonge Selskip, in trou meiwurker oan Iduna. Fjouwer jier neitiid is er wei kommen to reitsjen, miskien wol mei troch fortriet om in suster dy't har net ta deugd oan- | |
[pagina 371]
| |
steldeGa naar eind7. Wy hawwe syn biriming forgelike mei Gysbert Japicx sines, mar kinne gjin biynfloeding fêststelle. Wol ynfloed fan de wenstige Nederlênske. Beide hawwe ek 17½ strofe fan deselde foarm. As priuwke fan Hoekstra's birymkunst jowe wy de strofen 1, 3, 10 en 12 yn har Idunastavering:
Weitze up, min siel! jow God den heachste rum,
Huet benn’ Jy great; Jins glans forspriet rûndum,
O greate God, da skienste strielen hinne.
Elk moat J’ ûntsian, der in da himel benna,
der't blinkand iiacht Jo as en klaed oerdekt,
Den himel ha J’ as en girdin ûtrekt
End ûtspand, for Jins goddeiik forbliwan,
Huerta nen each in steat is thruch to driwan.
Jins wûnderkreft joech, in da moarntiidstûnd
Der rédde tiid, disse ierde en lêste grûnd.
Huet in hiar steat ak wanklia mei eft wika,
Hia scill', thruch Jo bifèst'ge, nea bisulka;
Hia, as en tiûch, der ion Jins greatma sprekt,
Wier èrentiids mei d' ôfgrûnd diup oerdekt,
As mei en klaed wier'n self da heachste spitzen
Fon of th’ gebercht mei grûndleas diup biditzen.
Diu gouden sinne wit hir ûndergean,
Dy moana bliwt al wixeliand bistean,
Up 't wûnderbaerst forboun oan ièste wetton,
Is se út hir ren nen striebré to iorsettan.
Jy, Hear, biskikka thruch Jins greate macht
Da thiusternisse end 't wirth up ierde nacht.
Sa 't wild gediart, huer wald end iield truchrenna,
End for-et hungrich nést wer sorgia kenna
Den wirth dy mensk’, by th’ riisiand moarngesicht,
Wer wekka ta sin wirk en ta sin plicht;
Hy plantath, bowt end stieth in th’ swit to luddian,Ga naar eind8)
Ta oanna jond halth hy naut up Ion buddian.
Ho skien, ho great is oi Jins wirk, o Hear,
't Is olie wiis end up Jins winkon klear;
't Upmerksum each moat niufol wol bikenna,
Det rum oan d' ierd’, Jins skatten ûtdeild benna.
It liket ús ta, dat Hoekstra yn de lange rige Fryske psalmbirimers de minste net is. Dêrom woene wy syn wurk foar it folsleine forjit biwarje. |