40-44 syn rom forkundige wurdt, bynt Camoes yn de 45e stanza yn en wreidet seis stanza's lang út oer in episoade, dy't de hege namme fan de helt fortsjustere hat. Hjirûnder meije dy yn frije proaza-oersetting folgje.
‘Jit mear stanza's hie dizze siréne (Tethis), de greate Albuquerque loovjend, songen, mar hja bitocht har in grimmitichheit fan him, dy't de man, al birint syn rom de hiele wrâld, foroardielet.. De greate oanfierder, dy't troch it lot bistimd is, mei greate dieden ivige gloarje to winnen, moat foar syn mannen earder in gol kameraet wêze, as in wreed en ûnbûgber rjochter. Yn in tiid, dat hûnger en muoiten, syktmen, pylken en gleonhjitte tongers, tiid en plak och sa biswierlik meitsje foar soldaten, dy't yn allen hearrich binne, liket it in ding fan primitive rûgens, fan ûnminsklike en hurde herten, de uterste straf to easkjen foar in oertrêdding, dy't swakke minsklikheit en de Leafde ûntskuldigje. It giet hjir net om in ûnhuer gefal fan bloedskande, net om de forkrêfting fan in reine faem, en ek net om ûnearbere oerhoerichheit, mar om de leafdedie mei in lege, leidige en dûnkere slavinne bidreaun. As in hert, itsij om't it oergunstich is, of oerdreaun keken of om't it ta wylde en hurde wredens wend is, foar syn gelikens oer in wylde, dwylsinnige woede net bidimje kin, dan smyt it op syn wite rom in swart en ûnsjoch sté.’
Lyk as yn dy tiden wenstich, yllustrearret Camoes syn miening, dy't in fûle krityk op de strange gouverneur ynhêldt, mei in oantal foarbylden út de Aldheit (stanza 48 en 49). ‘Alexander seach, dat Apelles foreale wie op syn freondinne Campaspe en stie har mûnterwei oan him ôf, sûnder dat syn soldaet hifke waerd en in hurd en faei biliz to trochstean hie. Cyrus fornaem, dat Araspas foar Panthea yn 'e brên stie, dy't hy biweitsje moast, hy, de man, dy't wikt hie, him soe nimmer in lege winsk oermênsk wurde. De trochlofte Pers lykwols, dy't seach, dat er troch de leafde forslein wie, dêr't men jin by einsluten net tsjin fordigenje kin, forjowt him samar en waerd letter fan him, út tankberheit, stipe yn in greate saek. En Judith (dit is in foarbyld út de Germaenske Midsieuwen) Judith waerd troch twang it wiif fan de izeren Bêldewyn, mar har heit Karei (de Keale), great tinkend, bisliste, hy mocht libje en Flaenderen bifolkje.’
Ut it niisneamde kin ôflaet wurde, dat Albuquerque, lyk as Coen ek, needsake waerd as rjochter to stean oer in lênsman, dy't him op it gebiet fan de leafde slim bikweadige hie. Camoes, seis in earsten leafhabber fan frouljusskientme en -fleis, falt de goeman fuort by. Nijsgjirrich is syn fordigening: