- Lutske woe net, sei se, de freonskip mei my forbrekke, foardat har heit har alles forteld hie, en doe.... doe woe se hielendal net mear. Hetty liigde, sei se, en.... nou ja, dat mei ik miskien net fortelle, mar Lutske’ mem moast har helpe en dy bitocht dat har heit earst wolris skriuwe koe oan jo.
- Just, just, sei de direkteur en doe: - Soa, soa.
Nou wisten se dus mar krékt Hwe't se oan ta wiene, Ida, en hy. Dat wie wol maklik, tocht de direkteur, dat praette better. Mar nou dy forhalen.... it koe dochs net alles optocht wêze? Koe Ida him dêr ek hwat méêr fan fortelle, fan dy films, en fan dy boeken.... Hetty hie der in pear titels by jown, dy wiene mear as slim.
- It is wier, sei Ida foarsichtich, - dat se by ús thûs wol hwat lichter binne as by Hetty en Lutske. Ik gean mei ús heit wol nei de film ta, ik mei in protte boeken léze....
Ik moat prate, tocht se, prate, dat hy my neat mear freegje kin. Hwant as ik lige moat....
- En giest ek wolris mei jonges út 'e klasse nei de film?
De frage wie der nôch, foardat Ida it foarkomme koe. Hja seach nei bûten; hwat bleau de direkteur minlik. Hoe sóé se lige kinne, as er hjir nou fierder op yngie?
- Ik ha, sei Ida, wolris in kear mei in pear jonges fan skoalle nei de film west, mar dat wisten myn âlden en hja hiene it goed foun.
In óare kear, tocht se, doe die ik it stikem, doe bleau ik fan skoalle wei, miskien twa, trije kear al, as jo my dêrnei freegje.
- De oare kearen, sei Ida, Hwe't Hetty oer skreaun hawwe kin, en dy titels fan boeken. ‘.. dy binne optocht. Dêr hawwe Lutske en ik forhalen oer ophongen yn frije ûren as wy mei ús trijen yn it lokael sieten, om Hetty to pleagjen, omdat wy har net lije mochten. En dan seine wy dingen hwerfan't wy wisten dat se der argewaesje fan hie, hiel slim. Dat.... dat wie alles.
- Dus frouljuskreauwerijen, sei de direkteur, oars neat as in bytsje wangunst en hate, troch it greate forskil yn jierren, en hwat pleachsykte fan de jeugd.
De direkteur glimke.
- Dou kinst wol gean, fanke, sei er.
Yn it earst wie Ida tige bliid met dizze ôfrin. Hja roun nei de klasse werom mei in optein gefoel yn 'e holle.... Yn 'e doar al knikte se tsjin Lutske dat it klear wie. doe't de jonges, fan gymnastyk werom, har fregen hwat se moatten hie