De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 359] [p. 359] Sjoerd Spanninga: Yn it lan fan de fiskjende wiisgearen de joun reaskimerjend in hêniol ljocht dêr't it wetter yn libbet skobbige skynsels fan sulver en goud in stikmannich iiskers iordreamd mei de groun sitte de klinten yn reidene mantels dukt en sjogge skealik en dimmen de wjittering lêns Hwer't it tilt lan de duvelsearen mimerjend jow ik my del ênder in âlde pynbeam de brune pylgerpij ién mei de bitse nullen en oertink de wurden lan de dichter: wol immen it wêzen lan de kweageasten alhiel bikeare dy moat it swarte stiel geregeld op 'e slypstien hâlde Lofliet En it bart net by ús, sa't in elts wol wit, dat men oaren it brea êt 'e mêle stjit, en spat jin it bloed lan de neilen ek wei, dan gûlt der gjin minske as inkeld jêchhei, en sit der in laem mei in jonge ka, dan lit men har rinne (it lealst lan 'e ra), en dit wiist op in ljochte gael yn ús folk, dat it donker lan tael him ta oansjen molk... Vorige Volgende