By dichters as Schurer mei men nou ienkear gjin kompositoarysk formogen of opset forwachtsje, dy't men by in Albert Verwey of in Stefan George oantreft, dichters dy't har oeuvre opbouden fan fers ta fers en fan bundel ta bundel.
Fingerprinten is ienfâldichwei de net-skifte ynventaris fan alles dat Schurer sûnt syn foarlêste bundel oan rimende rigels en metryske folsinnen byinoar skreaun hat. Dy ynventaris dan noch oanfolle mei teksten dy't by foarich sammeljen oer de holle sjoen wiene, mar to goed om wei. Sa'n wurkwize - as it al ien is - jowt fansels as resultaet in bundel mei fersen net allinne fan ûngelikense konsepsje, mar ek fan ûngelikense kwaliteit. Fingerprinten jowt wol in tige bunte rige. Men fynt, lyk as al oantoand waerd, yndividuéle lyryk fan gehalte, mar ek wurk dat de journalistike anekdotyk net fier ûntrint. Gelegenheitsfersen op aktualiteiten as Kneppelfreed c.a. wiselje ôf mei oersettings út it Amerikaensk en it Maleisk, balladesk rymwurk yn rûch-folksaerdige toan mei teksten foar hupse kamplietsjes, in lofliet op de 70 jier âlde printer Kamminga mei kommentaren by kristlike en oare feestdagen. Men is yn de wille en freegje, hie in stranger kar hjir net in homogener en gever bundel opsmite kinnen? Hie Schurer net mear harkje moatten nei de rigels dy't er sels yn it fers Lyts Recital delskreau:
It útskot dat nimt wol de jiskeman mei
En inkeld it bêste, dat wint it?
Natuerlik, men kin yn dit sammeljen sûnder kritysk skiftsjen foarôf ek wol hwat sympathyks ûntdekke. Krekt oft de dichter sizze wol: hjir is de brod, nim it foar leaf en doch sels jim kar! Mar hwerom dan yn san bundel b.g. gjin limericks op to nimmen dy't Schurer dochs ek by 't seksje (en hóé!) skreaun hat?
Wy hâlde it altyd noch mei in methoade fan bundeljen, hwerby't de dichter syn eigen geduldige en strange karmaster is. Fedde Schurer hat dy strangens net oer him en kin dat geduld blykber net opbringe. It mei him forjown wêze: syn krityske lêzer fynt it bliuwende wol, ek al is dat ûnder aktualiteiten fan ien dei en in moarnsskoft bidobbe.
Okkerjiers hat der praet fan west, der soene Samle Fersen fan dizze dichter ûtjown wurde. Dat dêr oant nou ta net fan kommen is, hoecht nimmen rouwich om to wêzen. Schurer's dichterskip is oan sa'n swiere grêfstien noch lang net ta. Binammen as it in samling wurden wie nei it kompositoarysk