De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 351]
| |
Swakke sekse
Us troufolk is as bûter en aeijen:
Leai, weak, goed fan deugd, skoan to daeijen
Gefoelich ioar fliemen en ilaeijen.
Binne se troud, dan wurde 't haeijen.
| |
Frjentsjer
Ik kom út in leaflyts stedtsje,
Yn wrâlds ûrwurk 'n ûnnoazel redtsje.
Dat woe Eise Eisinga net Ietsje:
Kin in keamer 't hielal dan biknetsje?
| |
Lauswolt
Der binne yn dit lân hiel hwat hearen.
Fan harren is ien ding to learen:
Is folkslrijdom min to fornearen,
Yn 't isolemint is 't skoan to lorkearen.
| |
Tuskenbeiden
Lijte, in reintsje, in lyts bytsje sinne,
Dat 's krekt hwat Friezen lorkropje kinne.
Hwa hat sein, dat wy striders binne?
It libbet hjir griis, sljochtweihinne.
| |
Op de flakte
Terpen, kliiien, it heech fan Bakhuzen,
Fearten, marren, de Tsjerk Hiddessluzen,
O waei-myr, it spul hat hjir luzen:
Hichte en djipte slaen wy yn gruzen.
| |
[pagina 352]
| |
Stjerlik omskot
Myn hertstocht? Dit lili sterk to iten,
It bouwe troch boarnen en biten.
AI dwaende reitsje ik yn de niten:
Dit lichum docht neat oars as sliten.
| |
Stambeam
Dou hast de heale wrâld bisjoen en
Litst’ dy lan gêns byld bitsjoene en
Dolst’ djipper as dyn êffears koenen, -
Oft hja dy noch as bern ha woenen?
| |
In vino veritas
Sillich de wyn; tûzen soarten binn' minen,
Ik kin der net sêd lan, mar al dit slinen
Jaget de ûnrêst troch ieren en sinen:
Gjin kêns om my der wer út to winen.
| |
Føroyar en Spanje
Fan Tjornuvig nei Buonarette,
Hwa kin dy greate stap ea sette?
Gjin dogma kin it my bilette
Dy twa to binen yn ien herte.
| |
Dolce far niente
Net sliepe, né, allinne mar hwat slomje,
Gjin liere tins, gjin kleurich winskbyld skromje,
Al dreamend my ta Adam dan formomje
En ûndertusken tiid en plicht fordomje.
| |
En face
Gesichten, gesichten op strjitte.
Hwa bistou? 'k Kin 't Ireegjen net litte.
Mar nea sil ien lan de oaren witte
Hwat winsk en drift der yn my sitte.
| |
Bukemantsje
Ut 'e wei krûpe yn tsjustere hoeken,
Yn de grot fan de inktfisk to duken,
Nea gjin roas of lavendel to rêken,
Dat is 't lot fan dy 't haldt mei de boeken.
| |
[pagina 353]
| |
Jeugd en jeld
Wol druven nimme en de wyn forachtsje?
Wol jonkheits swiet, gjin alderdom lorwachtsje?
Wiis binne dy't nei 't rypst der iruchten smachtsje,
dy't net as bijen om ien kerltsje huning jachtsje.
| |
Serenade
Tonacht, in lange nacht by 't slaen der weagen,
Gjin sliep, mar pleach lan donkre, lelie eagen,
Fan dichtings berte de earste swiere fleagen,
Fortiisd yn duvels lynbislipe leagen.
| |
Middellanske se
Dit is myn sé net, dizze hat gjin poalen,
Gjin iisberch, waliisk, en gjin hjerringskoalen.
Hwat wûnder bliuwt nei hjoed my noch lorhoalen?
Tink dan om Jona, man lan God biioalen.
| |
Iensume farder
San blauwe sé, sa'n eilên yn de lierte,
In boatsje, in boek: ik koe hast Shelley hjitte.
Mar 'k bin net jong en tear, en hjir myn libben litte,
Hwat romantyk soe loar de neiteam dêr yn sitte?
| |
Bodybuilder
Brûn manbeest leit oan 't strên to skroeijen,
Godgênske dei to tiidlorknoeijen.
Hy wurdt net sêd fan mei fornoeijen
Syn bytsje harsens to lorbroeijen.
| |
Paulus
Om dizze sé de tûzen timpels stiene,
dy't loar de ivichheit ornearre wiene.
Gêns goaden dy't doe hjir in wensté hiene:
Ien brocht it Wurd, en sjoch, hja giene.
| |
Tobrutsenheit
In diggel kaem los út de ierde.
Hwat kinst’, sei ik, my nou lorriede?
En 't antwurd: Neat kin ik dy biede
Sûnt gjin folsleinens my sierde.
| |
[pagina 354]
| |
Journalist
Jo bi nn’ lêst wol ien fan de krante,
Sa waerd fan in great man ik tante.
Né, sei 'k, 'k bin famylje fan Dênte
dy't syn fijân yn 't helle!jur plante.
| |
Journalistyk
Hwat jowt it, dat skriuwen en wriuwen,
Dat bylkerich wysheitsbidriuwen? -
't Jowt God de kêns genedich to bliuwen
Mei de br od op de tsjeibult to triuwen.
| |
Sigeuners
Gitanos, hwer komm’ jimm’ landinne?
- Ut it lân lan de steppe en de sinne.
Gitanos, hwer giet it hjoed hinne?
- Sa tier as wy mar rinne kinne.
| |
Trije stadia
Flessen haww’ halzen, bûken en sielen:
Rêd rint de wyn yn toarstige kielen,
't Rom gar r et rykdom om mei to dielen
Freonskip en Ileur yn ûndielber iielen.
| |
Tsjerke en steat
'k Seach Franco's pertret op de tsjerke,
In Krus foar José Primo, de sterke,
De Falanx hie de wierheit ofperke:
Hja sill’ 't yn 't hjirneimels merke.
| |
Ien der op ta
Dou dichter, kinstou net mear telle?
- De ein ha 'k noch lang net helle.
Sá bidde, sá skrieme en sá skelle?
Ik dip wol, mar jaen docht de welle.
Madrid-Valencia-Benidorm-Toledo septimber-oktober 1956. |
|