eigenskip fan him oannommen, dêr't net oan to ûntkommen wie. Mar Nou't hja efter him op 'e delstappen fan dat strjitsje op him siet to wachtsjen oant er dien hawwe soe mei it sketske, nou hie hja de tiid om ris rêstich syn antlit en syn hannen op to nimmen, en nei to prakkesearjen.
It woe net slagje. doe't hja nei ûnderen seach, skeat der krekt in meagere houn om 'e hoeke, bleau stokstiif stean doe't er har sitten seach, en waerd doe wer like hastich wei as er kommen wie.
Hja gychele, om't hja hommels foar 't forstên krige, dat hjasels mar frijhwat hie fan dat bistke. Hie hja lésten net allike nijsgjirrich nei Paulus sjoen as dy houn nou nei har? Mar ynsté fan hastich mei de sturt tusken de poaten wei to wurden, wie hja wifelsturtsjendewei freonlik op him ta hipt... Unsin, jin der dan ek noch hwat fan foar to stellen. Hwant hja koe dêr nou wol o sa wiis harsels dúdlik sitte to meitsjen, dat it inkeld in fakansjefreonskip bliuwe soe, ek noch learsum, om't it him slagge wie har mei to nimmen yn sa'n wiid gebiet fan bilangstelling; mar in feit bleau it, dat hja eins mear fan him forwachte. En hy?
‘Kom, fanke, hwat sille wy nou?’ Hja skrille op.
Fan syn heech sté út stie er suver as in hearsker op har del to sjen. Hearrich kaem hja oerein. ‘Lyk as jo wolle’, sei hja glimkjend. Hy nokkere démoedich.
Hy moast it ris witte, hoe't it herte har as mei in skokje opsprong, altyd hwannear't er in wurd tsjin har utere, of hwannear't er fan fierren mar efkes tsjin har glimke, nuverling dy't hja wie!
‘Wurch?’ Hja skodholle krigel. Mar de fuotten fielden har sa swier as lead. doe't er hastich nei ûnderen ta stapte, wie hja oanienwei hwat efterop, dat op it lêst seach er soargerich nei har om.
‘Kinst der hast net ta komme en nim ôfskie?’ Hja knikte. Mar it wie de Akropolis net, dy't har gong sa stadich makke.
‘Ik hie net tocht, dat de reis dy ek sa yn bisnijing nimme soe.’
Hja glimke in bytsje trystich werom, en glimke ôfwêzich troch, doe't er har jitris, foar de safolste kear, fol fjûr bigoun út to lizzen, dat er nou fêst wist hwat er letter fan doel wie.
Jawis, hy soe nou sa gau mooglik de stûdzje dienmeitsje, en dan hjir of dêr yn Grikelên in promoasje-ûnderwerp sykje. It libben dêr wie foar ien mei in Westeuropeesk stikje erfskip ommers hast forgees? Nea sei er ris fan ‘wy’. Hja suchte. Hja moast wizer wêze. Nou wie er wer optein, foar salang as dat duorre. Strak soe hja him wer by heech en by leech bi-