| |
| |
| |
Y. Poortinga:
Alderserf by Simke Kloosterman
It is al wer tweintich jier lyn, dat Simke Kloosterman op dy hjerstige neimiddei to hôf brocht waerd. De dame dy't yn Den Haech en to Ljouwert wenne hie, waerd ûtdroegen út it Twizeler boererinteniershûs dêr't se jong west hie. It wie in sobere bigraffenis yn boerestyl, neffens har bigearte. Inkelde taspraken yn it tsjerkje wiene noch hwat offisieel, mar de gearsit neitiid yn dit hûs, dêr't boereminsken út de omkriten en biwegingslju fan alderhanne slach trochinoar sieten, forskilde suver neat fan in ienfâldige doarpsbigraffenis, foaral net fan sa'nien, dêr't gjin oerbliuwende neije sibben it forstjerren muoilik meitsje. Sa tsjin it opbrekken kaem by guon lju de humor al wer hwat boppe. Ik sjoch noch Obe Postma it klûntsje dat fan syn thédrinken oerbleaun wie efter de kiezzen stekken. ‘Dat heart sa op in bigraffenis’, sei de âlde biis mei in fyn glimke.
Sa wie de lêste gong út it hûs wei, dêr't ek har heit sokke lokkige, mar ek bittere jierren trochbrocht hie. Hy hie it der soms ek net hurde kinnen en wie dan fan ûnbistimde langsten en fielingen, dy't mei syn djipste bistean gearhongen, nei de ienlikheit of op fiere reizen dreaun. Mar al hoe fier hja beide, heit en dochter, somstiden ek fuortswalken, har wurk spilet hast altiten yn 'e neiste omkrite fan it sté dêr't hja har jonkheit bilibbe hiene. De boerewrêld yn Simke har forhalen liket faek sa op himsels to stean; fan de wrâld deromhinne en fan de moderne tiid fornimme wy net mear as in fier wjerlûd. En Jan Ritskes Kloosterman mei de Drachenfels ris neame, of Grou, of Raerd, ta hwat wêzenliks wurdt ek by him allinne de Achtkarspeler krite. Yn de hwat mear forheljende of biskriuwende gedichten wurde de stéen en doarpen by de namme neamd, en syn eigen folk, heit, pake, omkes en êldomkes.
Dit hoecht noch mar in uterlike oerienkomst to wêzen, de gelikense koulissen dêr't by de iene in platsjesaeijerige klucht yn spilet en by de oare in heech drama. Hwat soene de rymker fan knoffelige stikken en hja dy't flonkerjende kunst skoep meiinoar mien hawwe?
Ik kin der neat oan dwaen, mar ik haw in swak foar dyselde Jan Ritskes Kloosterman, dêr't by wize fan anekdote fan forteld waerd, dat er ris by forsin in sonnet makke hie fan trettjin rigels. De primaire funksje fan in dichter sil dochs wêze, dat
| |
[pagina t.o. 338]
[p. t.o. 338] | |
Simke Kloosterman (1876-1938) ‘In frysk famke’ likernôch 18 jier âld -
| |
| |
er syn inerlikste fielingen oerdraecht op de lêzer. Foar Jan Ritskes hat dat inerlikste west it bilibjen fan de natûr. Der binne yn de Fryske skriftekennisse fan de foarige ieu in mannich goede lyrici en gêns mannen en hearen dy't in glêd fers skriuwe kinne. Mar der is gjinien by, yn hwaens wurk ik sa de minske yn syn djipst bistean fiel. Gjinien jowt him sa bleat, Alhoewol't der oer oare kanten fan syn sielelibben, bygelyks oer de forhêlding ta de frou, almeast swijd wurdt.
It is net allinne it witten, dat Jan Ritskes it yn letter jierren net alhiel foarinoar hâlde koe byhwannear't de blêdden fan de beammen foelen, dat my oertsjûget fan de echtens fan syn klachten oer it skieden fan de simmer. Der sit hwat yn de toan dat it him docht:
Ik wyt, de tiid fan skieden is dêr,
En dêrom wurdt my 't hert sa tear.
't Wurdt my sa swier yn hert en holle,
'k Soe mei de lûgels wei-tsjen wolle,
Forlitte hûs en hôf en lên...
De lêste wurden fan de lêste rigel binne ek gjin stoplapen. It hôf is foar dizze biminner fan de beammen hiel hwat oars as it hûs, en it lân ek.
Wémoedich sjoch 'k de skerpe kleuren
Fan 't giele en brune bosklof oan.
Ien flikkering fan 't skiedend libben,
Al yn it hert en ieren stoarn.
En iensum sjongt in lette sjonger,
Mar oan 'e kimen tynt de tonger.
De maitiid en de simmer wurde faek bisongen, groei en bloei wurde forhearlike, mar men fielt dochs de elegyske ûndertoan:
Dêr, dêr komt in sang fol wille,
Mei in molakkoard fol leed.
It fait jin altyd wer op, hoe konkreet Simke, dy't seis dochs net op in pleats great wurden is, boerelibben en -wurk biskriuwe kin; oft it de flaljeklap fan de terskers op de telle is of ‘it sûzjen fan 'e wine’, altyd komt it dúdlik foar jin to stean. Dat greate auditive, mar noch sterker fisuële waernimmingsformogen hat se net fan frjemd. Ik wit sa net hwerre,
| |
| |
mar l©ze wy earne yn ien fan har forhalen net fan in stille sneintomiddei op in boerehiem? Hja koe soks grif út eigen ûnthald dwaen, mar oars hie se it oan it fers ‘Sneinneimiddei’ (Wâldblomkes, bis. 55) fan har heit oernimme kinnen:
Stil is 't om hûs en hiem yn 't roun;
Om hiel de boerehûzing hinne.
Gjin fuotstap op d' oanklauwe groun.
De sêite eltermiddeisinne
Biskynt de kouwemuorre klear,
En op in rige stean de weinen
(Bûkberjes opwipt), mei in pear
Ierdkarren, ek sa, om it reinen.
En allegearre oan kant, yn 't skaed,
Foar it fordruijen, onder d' esken.
De hinnen molje yn it paed,
De einen sliepe yn 'e resken.
Men fynt ek itselde minsketype by beide werom. Allinne Jan Ritskes hat gjin oanstriid om de hurde, ûnforsetlike natûren to tekenjen. By ûtstek hawwe beide mien it gefoel foar de lytsens fan de minske yn de greate, driigjende natûr. Men soe it sa yn De Hoara's weromfine kinne, dat heidejonkje út ‘Sniestoarm’ (Wâldblomkes, bis. 32):
Hwant my tinkt, it liket,
Foar Simke is de heide by ûtstek de oarde, dêr't hja de greatens fan de ienlike, wylde natûr bilibbet. Men hoecht de prolooch ta De Hoara's en de brieffragminten dy't Wumkes dêroer fan harres publisearre hat (Paden 11, bis. 492) mar to lézen. Jan Ritskes is dêr ek wol gefoelich foar:
| |
| |
mar by him is it dochs alderearst it unlân mei syn puollen en petten, dat er altyd mar wer opsocht liket to hawwen, om dêr mei de stiltme allinne to wêzen. In foarbyld is it lange gedicht ‘Om maeije’ (Wâldbl. bis. 42):
As by 't maitiid yn 'e petten
Wer de wylgen bloeije....
Dan wer fier fan hûs, nei 't unlân.
Dan wer hinne, Hwe't it paed
Hjir oer sompen, dêr oer stringen
Of oer bjintepöllen laet!
Ja, dêr groeit en bloeit in weareld,
Frjemd en great yn folie kracht,
Net forknoeid troch kunst of moade,
Yn oarspronkelike pracht.
Beide hawwe hja op har eigen manear, ûngelyk, mar dochs mei gêns oerienkomsten, deselde wrâld yn har wurk stal jown. Hja hawwe beide foarkar foar it wâldfrysk boppe it algemiene Frysk. Yn har stavering wolle se dêrom eigen wegen gean. De heit skriuwt seis ‘ijnen, wijnen, snijn’, om oan to jaen, hoe't hja by harres ‘einen, weinen en snein’ ûtsprekke. Folie fan it aparte idioom en fan de aparte wurden, foar planten en beammen bygelyks, fynt men al by de heit. Hja hearre hast altyd ta de streektael. Ik haw my ris fan in Twizeler fortelle litten, dat Simke altyd in opskriuwboekje by har hie, as hja by de gealju op bisite kaem en dat dêr alles yn optekene waerd dat har noch net bikend wie.
Ek yn de motiven fan Simke har wurk sit wol hwat, dat men as âlderserf biskögje kin. Yn it niisneamde brieffragmint fortelt se hwat oer de manear dêr't har wurk op ta stan kommen is:
‘Noch by de ‘Hoara's’, noch by ien fan myn oare boeken of novellen hat my in ‘model’ foar eagen stien. Alles is suver oarspronklik, út it eigen-ik fan my sels mei al syn goed en tsjoed, sa't it opbuorrele is út it saed fan myn dichterlik moed.
Wol is hjir yn 'e Twizeler omkriten altyd in great biweech fan sterke karakters, dy't it mei inoar oan 'e stók krije en fielde ik der as bern al it sterke en frjemde ‘libbensbarren’ ût, sadat it my altyd bybleaun is, mar bydroegen ta de ‘inspiraty’ fan it boek hat it net, leau ik.
| |
| |
It Fryske aerd is hjir noch wol frij suver yn dizze omkriten to finen, sims yn wûnderlike staeltsjes, dêr ik foar en nei faek fan heard ha en mei ik wol oannimme, dat der sims eat fan as in sulveren kerreltsje yn it boek omrollet en der in glimmerke fan skittering oan jowt, mar, biwust net.’
Sa't wy sjogge, nimt hja oan de ein foarsichtich hwat fan har oars tige positive forklearring tobek. It liket my ta, ek oan de hân fan har heite wurk, dat der dochs wol inkelde wiere boerehistoarjes út de Twizeler omkriten - foaral yn De Koaten moatte destiids fan dy hurdkoppen sitten hawwe - yn har wurk forarbeide binne.
Wy sille folstean mei ien biwiis. De lêzer fan De Hoara's sil it slot wol altyd bybleaun wêze. Fokke, djip woune troch de toloarstellingen dy't er yn de leafde ûnderfoun hat, is njonkenlytsen like hurd as syn heit wurden. Hy nimt, jierren letter, wraek op Doutsen, de greatske faem fan de Klaei, dy't de noas foar syn needrich âld wâldspul oplutsen hie. Har heit hat him der út buorke, seis wie de man to sleau en wiif en dochter to pronksk. De pleats komt op buorden. Fokke wurdt keaper en reaget it Hermana's folk fan it sté.
Dit wichtige motyf moat op in âlde boeretrageedzje birêste, dy't ek al yndruk op har heit makke hie. Wy fine it forhael, mei de foarskiednis fan pronkjen, merkjen en bisytsjen, suver yn hiele hear en fear al yn de Wâldblomkes (bis. 84-89). It moat dus yn alle gefallen al foar 1883, it jier fan forskinen fan de bondel, foarfallen wêze. ‘'t Giet alles op, yn pronk en steat, / Hwe't pake en beppe swier foar wrotten, / Hwer tachtich jier ta nedich wie....’ Sokke forhalen röpen fier yn de boerewrêld en waerden as warskógjende eksimpels ornaris in pear slachten lang forteld. Liz it slot fan it fers ris njonken de ein fan De Hoara's:
Swier hypotheek op lân en hûs
En losse skulden by de rûs,
By de notaris en by oaren.
Dat duorret sa in jier of fiif,
Dan sjocht ta 't finster út it wiif
Twa, trije man op har oanspoaren,
Dy bliuwe der de hiele dei
En skriuwe mar de hyltyd wei.
Der wurdt bislach op sikretaire,
Op linnenkast en alles lei;
Hja ride alles, alles nei.
| |
| |
Gjin hoekje yn 'e chiifonaire,
Gjin plakje dat forgetten wurdt...
Och, 't lalt de âlde lju sa hurd;
De liitdracht fan har bêste âlden
En al it sulver, al it goud,
De klean dêr hja yn binne troud,
Fan alles dat wurdt boelguod hâlden.
Dit wurdt de âlde lju to slim
En 't skriemen dat iorstikt de stim;
Hjir is gjin êtkomst mear to finen.
't Reau en bislach en alles fuort,
Op 'e âlde dei noch oan 'e lod,
Dat giet troch ieren en troch sinen.
De âlderlike pleats iorkocht,
Sa as men al ioar moannen tocht. -
In nimmennet, sa as men tochte,
Dy by boer's Bauk in blauke roun,
Dy is nou hear fan hûs en groun,
Dy wie 't dy pleats en lânnen kochte.
Gjinien sil De Hoara's der minder oarspronklik en minder great om achtsje, dat hja sa'n motyf in organysk plak yn it gehiel jown hat. De ienheit fan fisy op minsken en wrâld, in frij pessimistyske, hast ûnbarmhertige fisy, wurdt der net troch oantaest, rjochtoarsom. Dit oanfielen fan minsken en wrâld is tige persoanlik, mar likegoed kin it dêrom mei biskaet wêze troch it laech dêr't de skriuwster út fuortkommen is.
|
|