| |
| |
| |
Geart Jonkman:
Minsken allegearre....
Hwa't it om pikante of sensuéle lektuer to rêdden is, kin dit hênskrift daelk wol dellizze, om't it doarp S. mar yn 't foarbygean neamd wurdt en it oare om persoanlike reden efternei gêns bihoffene wurde moast.
Der wurdt gauris sein dat de hjoeddeiske litteratuer de grinzen fan it foechsume net altyd yn acht nimt, mar yn safier't litteratuer de spegel fan it maetskiplik libben hjit to wêzen, sit it waer der wakker yn en binne de skerpste tearen der net yn to sjen.
Hwa't by de streek of oarwei ûnder it folk forkeart, sil tajaen moatte dat de litteratuer fan alle tiden de wurklikheit net heal bynei kommen is, binammen net op it stik fan wandieden dy't yn 'e maetskippij alle dagen iepenlik of tomûk bidreaun wurde mei forbjusterjende linichheit. Wé de skriuwer dy't it bistean soe en skriuw bygelyks hoe't it lân der to S. yn wêzen en wierheit hinneleit. De morael soe opslêch mei alle middels en wapens yn 't gewear komme, hwant de skriuwer mei dan sa op 't each hwat mear earmslach hawwe as bygelyks de rjochtbankforslachjower dy't him allinne oan offisiëel fêststelde feiten to hâlden hat, hy hat de eigengerjochtige lêzer - dy't elk fan ús is! - likegoed alle romte yn to skikken om him fan smjunt en rosmos distênsiearje to kinnen. Dêrom skept de skriuwer foar alle wissichheit, nést smjunten en smychten, in mannich blanke sielen of sympathike slachtoffers, yn hwaens habyt de lêzer him stekke kin en nimmen wurdt der sadwaende op ferge, him to forienselvigjen mei it rap en rût dat biskreaun wurdt.
Nimmen hoecht it him dan ek nei to nimmen dat de rjochtsinnige dûmny to S. tsien jier forlyn om reden fan bloedskande út it amt set is en dat der yn dyselde snuorje hwat west hat mei de skoaljuffer en de wyksuster, dêr't wy ús hjir net oer ûtlitte sille, hoewol't it Murk Terpstra fan De Linepölle ta êldfeint makke hat, sa'n knoei krige dy der fan. Yn safier't it de buorkundige feiten oanbilanget hawwe wy nou de hichte sahwat, hwant better net to witten wennet der to S. mar ien dief fan namme en alhiel gjin moardner.
In mannich asosiale formiddens binne der yn elke mienskip wol oan to wizen en buten de ligers, rabbers, gnobbers en waermmielrinners hat it doarp S. noch genôch lju ta syn foldwaen dêr't neat of alteast in binaud bytsje op to sizzen falt, sljochtwei om it feit, dat it dy lju slagge is har sûnden en
| |
| |
swierrichheden binnendoarren to hâlden. Der mei dan wolris sein wurde dat dit folk gjin libbenskunst hat - yn 't bernlike en boartlike sil dêr faeks hwat fan wier wêze - mar op it stik fan biklauwen en bikûpjen komt gjin oar folk it gau op 'e side. En dat hat ek hwat mei libbenskunst to meitsjen!
Binammen it bûtenfolk lit him komselden yn 'e kaert sjen, fan gefolgen dat de deugdsume ynbannige sielen to S. fier de oerhan hawwe. En men moat harren neijaen dat hja de minder achteneare sielen der mei trochskuorre en wol sê, dat gjin boarneboek it doarp in flie ôffange kin. Lykwols wurdt der efter al dy blanko straf- en sûnderegisters sa troch 'en dei oer alle boegen genôch ûtheefd, mar it is faeks feiliger en stek daelk de drokke betondyk oer nei de gêns bihindiger Linepölle dêr't altyd wol ien en oar bart dat krekt troch de mesken kin....
De frjemdling dy't it him mank it jachtsjend forkear op 'e betondyk even oan tiid docht en by de âld spinnekopmoune lâns de greiden oereaget, moat wol fan bitinken wêze dat it dêr op 'e pölle, sawn achthûndert meter it fjild yn, in wrâldtsje fan paradyslike frede is. Binammen by 't maitiid bylkje de earmtlike fruchtbeammen bisiden de trije pleatsen net sa min en brekt it weidzjend fé de ientoanichheit fan 'e lênsdouwe.
Fier mis is dy frjemdling nammers net, hwant al giet it der binnendoarren wolris omwei, as buorren kinne de pöllebiwenners it wakker roaije meiinoar, al hoefier't hja op it stik fan polityk en tsjerke ûtinoar rinne.
Hwer't de namme weikomt is min to sizzen, om't der better net to witten nea in linebeam op 'e pölle stien hat en de trije boeren dy't dêr tahêlde, lyk as de foarteam, oars gjin beammen forneare kinne as dy't der steane en seis dy noch heal forkomme litte.
Hwat fierderop oan 'e mienskiplike sintelreed binne efter de dûbele arbeiderswent lykwols twa stobbewylgen to sjen, dy't hwat drôf en formöge oer de êldsleat lynje, mar ornaris fan de tusken har spande line opfleure wurde mei ruften, skûldoeken en oare wapperjende feestlikheden, meast út 'e gereformearde sektor wei.
Op 'e pleats lofts fan 'e reed, dy mei de foarein, hêldt Sjouke Terpstra mei syn dochter en trije soannen ta. Sjouke is in strang rjochtsinnich man, dy't om syn rimmetyk spitigernôch yn gjin jierren nei de preek west hat en alhiel oerlevere is oan 'e dochter Teats, it neikommelinkje dat nou al in faem fan om 'e tritich is. De jonges binne êldfeint, Klaes en Koert
| |
| |
Om't hja gjin frouljusfleis oan har hawwe, Murk om syn nuvere loop mei de skoaljuffer yn 'e buorren.
De bruorren rédde folslein mei de pleats, dat Sjouke hat gjin frjemd yn 't wurk lyk as Bouke Sjollema en Arjen Hettema, dy't skean foar de Terpstra's oer op 'e beide stjelpen wenje.
Bouke Sjollema, ek wol sultan Bouke neamd fanwegen de acht dochters, dy't allegearre de doar al út binne, sit foar de Liberalen yn 'e ried. Hy hat de gereformearde arbeider yn 't wurk en de beide ynwenjende feinten ûnderhêlde artikel 31.
Bouke en Tsjal, syn wiif, tsiere bytiden wakker om't hja sa rûch mei de pong omslacht, mar dat mei hinnebruije, der is jild by de bult wurdt der sein, yn alle gefallen gau safolle as by Watse Blom-en-dy, de arbeider hwaens jong wiif sukkelt en de helte fan tiid efter de bedsdoarren omkrûsket, wylst fiif strobben mei wiete noazen en broeken oer it hûs omspane.
De Hettema's binne roomsk, âlde Arjen, widner lyk as Terpstra, set net it measte mear út 'e wei, Jurjen de êldste en yntroude soan is boer en hat de arbeider njonken dy fan Bouke ta syn foldwaen, de kommunist Nykle Stoker, hwaens kreaze dochter Doutsen mei melkt en bushimmelet. Doutsen komt gauris by de Terpstra's oer de flier en der wurdt wol grute dat hja dêr de êldfeinten om bar to wille is. Mar och, der moat praet bliuwe.
Dit is dan út 'en rûgen wei it folkje fan De Linepólle, dat it folk yn 'e buorren, mei alle lek en brek wol bilykje kin....
Op in winige woansdeitomoarn yn 't lêst fan oktober spêende Teats Terpstra nei kofjedrinken yn 't milhûs om. It wurk woe har net fan 'e hên, hja hie al in ûngemakje mei it diggelguod hâlden en it gyng allegearre nuvere mêl dy moarns. Lang om let koe hja it net mear foarinoar hâlde by de pannen, draeide it butagas op heal en sette nei de opkeamer. Mei 't breidzjen yn 'e hân sloech hja troch 't sydfinster de fytsers acht, dy't as lytse swarte poppen oer it fytspaed bisiden de betondyk skauwen.
Fjirtsjin wike, moarn wurdt it fjirtsjin wike dat er hjir west hat, suchte hja. Har ûnrêst gou de kunstskilder Hette Eisinga, dy't hja in jiermannich earder op it Reaklif metten hie, dyselde hjerst dat har heit kaem to lizzen. Hja wiene doe doe togearre weromreizge, hiene earst oanstutsen to Warns en letter hie hy harsèls al gau oanstutsen makke. Hja hie him nei al dy jierren noch leaf en gêns djipper as doe. Trije dingen stiene in libben mei him yn 'e wei, foarst dat er mei syn kunst gjin droech brea fortsjinne, dat wie lykwols it slimste net,
| |
| |
twad dat hja net út 'e hûs koe om heit, tred, en dat wie hast net to daeijen, om't der in oar wie dy't him yn 'e bisnijing hie.
En dochs, hoe goed hie it west, dy septimberjoun fan '48. Hja hie net genôch krije kinnen fan syn waerme stim, syn nerveuze hannen, syn djiplizzende blaugrize eagen dy't fan lok en leed sprieken en sa ûnforhoeds Ijochtsje koene. Hwat hie er har boun mei syn frijmoedige forhalen en as er har dy jouns bigeard of meinommen hie, soe hja faeks mar in bytsje forwar hawn hawwe. Dat er har net bigeard - dêt er har net meinommen hie, tanke hja allinne oan syn stoflike earmoede, sei er letter en dêr hie hja him heger om hawn.
Doe wie dy oare kaem dy't safolle op har fóar hie, dy't eigen kost fortsjinne en op keamers wenne dêr't hy frij komme koe...
It bêd yn 'e keamershoeke kreake, Teats naem hommels it breidzjen wer op, mar mimere fierder doe't it stil bleau. Dat mei dy oare koe hja wol goed krije, hja koe seis mar sa'n bytsje foar him wêze; as er har mar net forgeat en ris hwat faker delkaem. Hja koe de kearen wol telle, de lêste jierren, mar as er der west hie tarde hja dêr wiken op. Hjoed soe, hjoed moast er komme, der wie eat dat it har oansei, de hiele moarn al, it wie allinne oars as oars, binearjend suver.
Op 'en nij kreake it bêd, dit kear hise Sjouke Terpstra him kroanend op 'e earmtakken en graude: - Nou hast tinkt my lang genôch ta 't finster út sjoen, komt dy ferver faeks wer om dy? Dou tinkst langer dat ik yn 'e bernskens bin, mar ik haw dy yn 'e rekken mei dyn ferver!
- Heit moat net sa mêl.
- Mêl?! Mêl seistou?! Men leit hjir mar to broeijen, men kriget amper in wurd en aenst ek noch gjin iten tink. Dy ferver set hjir gjin foet oer de drompel dit kear, sa is 't al! Ik wik dy. ‘..
- Stiet Hette Eisinga heit of hwa ek yn 'e wei?
- Dat hat der neat mei to meitsjen, hy is my yn 'e wei. Ik bigryp net hwat dy biweecht mei sa'n fint, ik haw myn nocht, skjin myn nocht fan dy mirakels!
- Heit mei him net sa opwine, dat wit heit wol.
- Wit heit wol, wit heit wol?! Ik wit langer allinne datst leafst alle jounen op 'e jacht bist de buorren yn en oars sitst wol by dy kommunist hjirnjonken, ek al neat better as dy forwielen ferver.
- Der fait op Nykle-en-dy neat to sizzen, heit, likemin as op Hette.... mar kom, ik sil oer 't iten gear.
Healwei de keamer draeide hja har ynienen om en fottele op 'e nij nei 't finster.
- Soa, komt er dus al?! graude Sjouke Terpstra.
| |
| |
- Né heit, mar Nykle komt mei de bolle om 'e hoeke fan 't hûs, Jurjen hat de kou by de kop.
- Stiet Arjen der al? Gau, help my gau yn 'e stoel, Ear't it my ûntkomt!
Redsum holp de dochter de fan syn kwael forwoeksen man yn 'e rolstoel en skau him foar 't sydfinster. Alle lilkens en pine liken forgetten en fan 'e baen to wêzen, om hár hiene de Hettema's alle dagen in dûnske kou.
Mei greate spanning folge Sjouke Terpstra it barren by de buorren. Jurjen Hettema kuijere mei de kou en Nykle Stoker dangele der mei de bolle efteroan. Alde Arjen stie hoasfuotling ûnder in apelbeam op 'e tonge to kögjen, de tûmen yn 'e fusten.
Doe't de bolle risselwaesje makke sette Sjouke Terpstra him to skoar, de knoffelige krûme fingers om 'e stoel en op 't selde stuit fottele Arjen, sa hurd syn âlde taksskonken him drage koene, nei de sprongen kou, brocht de hannen as in tûter foar it bist syn lofterear en boldere: - Pûmû Doe jitris foar it rjochterear: - Pûmû
Sjouke Terpstra geide it út fan 'e wille en bisocht snokkerjendewei hwat tsjin syn dochter to sizzen. Mar dy wie al by de itenspannen yn 't milhûs.
- O, o, en dat yn ús tiid, róp er, en hy skodde en skokskoudere fan it laitsjen.
Teats wist wol dat er dêt roppe soe, dat röp er altyd, en glimkjend hearde hja harsels sizzen: - Och Heare, dat alle kij alle dagen dûnsk wurde mochten. Jurjen syn kij dan, forbettere hja gau.
Alde Arjen, hoewol't er it de lêste tiden net alhiel foarinoar hâlde koe mei de holle en Jurjen him wit hoe faek fan 'e bûthûssouder helje moast, waerd ynienen in oar man as de bolle fan 't ts joar kaem. De âlde famyljesede soe yn eare hâlden wurde, hy wie fan bitinken dat mei syn ‘pûm’ de kou net allinne kalf, mar ek biwarre wie foar 't kealforsmiten. It wie him tige yn e wei dat Jurjen der de gek mei hie, mar salang hy it op fuotten hâldde soe er it itige middel tapasse en der ek om tinke dat de bern ûnder de tolve jier binnendoarren bleaune by sok barren. Hwant mei bern der by wurke it wurd net, sa wie 't al!
Doe't Sjouke Terpstra in ure letter syn soannen by de tafel it forhael die fan âlde Arjen en de itenspanne omtrint fan 'e knibbels knoffele, skau lytse Arjen, de êldste fan Jurjen syn sawn rûbels, de fyts by de Hettema's yn 'e skuorre. Hy kaem thûs fan de Ulo en mei't er de tas fan 'e pakjedrager krije soe, seach er syn pake oan in balke boppe de bûthûssouder hingjen.
| |
| |
De jonge die fan 'e weromstuit in stap tobek, stoarre in amerij forbjustere nei de blau-opsette holle en stau doe nei de kokensdoar. Healwei draeide er him lykwols om, stie in pear tellen yn bistân en teante hoeden nei de ljedder.
Yn in omsjoch wie er boppe, glupte even om him hinne en stiek, doe't er nimmen en neat fornaem, de hân yn 'e êldman syn broeksbûse. In amerij letter liet er in ûnbidich knyft op 'e hênpalm draeije en doe yn eigen bûse glide. Mei in tofreden gesicht sloech er de skonken om 'e ljedder, rûtste der by del, skuorde hommels de tas fan 'e pakjedrager en gloep om in wein hinne nei de koken.
Jurjen siet al mei de jonges om 'e tafel, de boerinne skrepte mei de itenspannen en sei: - Moai, wiest der al? Warskógje pake even dat it middei is.
De jonge skau in stoel by, seach by syn mem lâns nei it byld fan Marije en sei: - Pake hoecht gjin iten mear.
Jurjen Hettema draeide him mei in hoart om en graude:
- Hwat binne dat foar mirakels, rop jim pake siz ik dy!
De jonge pikte in ierdapel fan 'e panne en sei: - Pake hat him ophongen.
De boerinne liet de sleef yn 'e fetpanne falie, de oare jonges bigounen lûd to laitsjen en de boer ûnderhelle de hân om syn êldste in slinger om 'e earen to jaen. Mar hy bleau yn in aldernuverste hêlding sitten doe't er de forskuorrende gjalp fan in frommis yn 'e skuorre hearde. De frou stau ta de doar út en Ear't de boer ta it bisef kaem dat er ek oerein moast, hearde er in twade gjalp.
- Dat is mem, sei de jonge.
Yn in omsjoch stau elk ta de koken ût, allinne Arjen bleau sitten, taestte even yn 'e bûse nei it mes, pikte jitris in ierdapel en harke prûzjendewei nei it bearen yn 'e skuorre....
Doutsen Stoker, dy't mei har gjalp it sizzen fan de jonge wiermakke hie, forgeat har boadskip by de Hettema's en rekke alhiel fan 'e wize by de Terpstra's yn 'e hûs. Dêr seach elk har forheard oan, bihalven de âlde man yn 'e rolstoel, dy't syn holle noartsk omdraeide, lilk om't it fanke syn forhael ûnderbriek.
Ear't Doutsen hwat ta harsels kaem en in wurd ûtbringe koe, stauwen seis fan Jurjen Hettema syn jonges mei de hannen omheech by de Terpstra's ûnder de glézen lâns en röpen:
- Us pake hat him ophongen, ús pake hat him ophongen!
Doutsen knikte forheftich en snokkere: - It is wier, it is allegear wier....
De Terpstra-jonges brûsden ta de keamer ût, de fammen,
| |
| |
beide sa wyt as deaden, seagen Jurjen syn rûbels by Sjollem's om hûs draven: - Us pake hat him ophongen, ús pake hat him ophongen!
De hiele pölle rekke yn trewyn en sette nei Jurjen-en-dy, op 'e beide fammen nei en Sjouke Terpstra, dy't wakker graude en snaude. - Mirakels! Gekheit allegearre! Niis boldere Arjen dy kou noch yn de earen! Praetsjes, oanslaggen fan dy apen!
Op dat stuit kaem de postrinner it hiem oer. - Hwat is dêr to rédden?! röp er, mei de tûme nei Hettema's wizend.
Teats sette nei de doar, mar Ear't hja de man tekst en ûtliz dwaen koe foei har each op it printwurk dat er yn 'e hân hie.
- Neat om 'e hakken, sei er, binijd as er wie nei de drokte oan de oare kant. Teats skuorde him lykwols de slûf út 'e hên, helle yn 'e koken de kaert der út en lies: Under de geboadens steane Hette....
It skimere har foar de eagen, hja draeide har om nei de doar, mar de post stiek al dwersoer.
Op 'en nij lies hja de kaert, dit kear alhiel. Doe roun se bidaerd werom nei de keamer en sei: - Hette Eisinga sil, nije wike oer, trouwe.
Doutsen biet har op 'e lippe, ien en al bigreatsjen. De eagen fan Sjouke Terpstra ljochten ynienen op en hy röp: - Trouwe seistou? Sil dy ferver trouwe?! Trouwe seistou, trouwe?!
Doe liet er de holle tsjin 'e bekling falie en bigoun to laitsjen, sûntsjes, hiel sûntsjes, djip út 'e kiel wei. Linkelytsen boaze it laitsjen oan, hy lake, lake, aloan lûder, heger, skerper! De meagere forwoeksen lea lake mei, trille, skodde, rölle tsjin 'e bekling hinne en wer, ja sels de knobbige hannen liken to laitsjen op 'e leuning fan 'e stoel.
Mei ôfgriis, de fingers yn 'e earen, seach it jongste fanke nei it skouderskokkend gedroch yn 'e rolstoel.
Yn de eagen fan de dochter flikkere de haet. Wie dat har heit? Wie dat de man dêr't hja har jierrenlang alles om ûntsein hie?! Der wie neat minskliks mear oan him, de fan lijen en pine miswoeksen lea, dêr't hja it altyd sa mei to dwaen hie, joech him nou it oansjen fan in ûnhuere sater.
Ynienen fearre de âlde oerein, de eagen draeiden him wyld yn 'e dobben om, biswarrend stiek er de rjochterhên omheech. Doe forloek it hiele gesicht ta in forskuorrend masker en mei in dierlike gjalp sakke it lichem foaroer....
Heit! Heit! De âlde man hearde it net mear....
Even letter kamen syn soannen mei de oare pöllebiwenners by Hettema's út 'e skuorre, net wittend dat der nôch in sûnder forfearn wie.
|
|