Op it harspit:
Myn lokwinsken
Ik wit it wol, it foeget my net en skriuw, nei't it bistjûr fan de Kristlike Fryske Folksbibleteek in ‘forklearring’ ûtjown hat oer de saek-Friso Stellingwerf, jitris oer dizze affaire. It is al slim genôch dat dizze notysjes op forsyk fan de redaksje in plakje krije yn de rubryk Op it harspit: krekt oft ik hwat op it harspit to nimmen haw, krekt oft it bistjûr fan dizze Folksbibleteek hwat ûtheefd hawwe soe dêr't it om bi-harspitte wurde kin! Men moat dochs oannimme dat dat bistjûr by himsels oertsjûge is fan syn eigen great gelyk, syn rjocht, en binammen syn eigen (Frysk) fatsoen - oars hie it nea de niisneamde forklearring de wrâld ynstjûre kind nei oanlieding fan it boekje dat ik oer Friso Stellingwerf-en-hwat-dêrmei-mank-is iependie. Sa ûnfrysk en sa ûnfatsoenlik iependie, nota bene.
Nou ja, der hawwe letter noch inkelde oare skribinten west dy't net safolle fatsoen opbringe koene en net safolle solidariteit en likemin safolle earbied foar dy 13.000 lêzers, dat hja net efkes mei har gleije fingers yn dy frjemdsoartige ‘forklearring’ omreard hawwe. It Friesch Dagblad, Fedde Schurer yn de Friese Koerier, Piter Terpstra yn Frysk en Frij en Anne Wadman foar de R.O.N. hawwe it bistjûr fan de K.F.F.B. to witten dien dat dy ‘forklearring’ op neat like, folslein ûnder Bolswerter mjitte bleau. Der is oanstien op, nou einliks ris, folsleine iepening fan saken. Op it ynlûken fan de oan Friso Stellingwerf takende ‘romanpriis’ dy't ommers folslein to'n ûnrjochte takend waerd - allinne al om it bleate feit dat Frijdom wie de heechste wet op it stuit dat it oan it jildforparten ta wie himsels al forret hie as net-oarspronklik (Frysk) wurk.
It is fansels net allinne ûnfatsoenlik, mar ek ûnfrysk, jin yn to litten mei saekjes dy't jin net oangeane. It is fansels fatsoenlik en frysk om tige lûd ‘Hêld de dief’ to roppen as men seis biskuldige wurdt. It is grif ek frysk om op in allerkristlikste wize oan it ynsinuearjen to slaen. En it sil ek wol mei de mantel fan de leafde bidutsen wurde moatte as ûtkomt dat in bistjûr, dat 13.000 of wit ik hoefolle leden efter him hat, op in allergrouwélichste wize skriuwers en lêzers foar de kroade rydt. En sûnder mis heldhaftich mei it hjitte om dan mei in ‘forklearring’ to kommen dêr't seis in troch alles hinne fatsoenlik Kristenfries efkes kjel fan wurdt. Hoewol, hwat dat lêste oanbilanget bin ik noch net ál to wis.
Ik moat hast oannimme, dat de K.F.F.B. himsels fan alle blaem suvere fielt. Ik moat hast oannimme, dat de wiere tadracht wol nea iepenbier makke wurde sil. Ik moat hast oannimme, dat it bistjûr fan de K.F.F.B. him by dat alles woltomoede bifynt. Dat is, fan myn kant, in hertlike lokwinsk wurdich. En dan earst mar oant de folgjende forklearring!
FREARK DAM