De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 324]
| |
Op 'e hoek (bosplaet)Foarby de leste dune is 't binearjend rom, de tijen bouwe moedsum der fan san en skom in wrdld, dy't oare tijen moedsum slope. Mar - bouwe, brekke, bouwe - freegje net hwerom. | |
Wrak
Op 't strdn in kankrich bonkerek,
hwat brike tosken yn in bek,
jit gnyskjend om de skoandre set:
dit wie in kof mei dabeld dek.
| |
Jonge kapteinske
It has is nij, bombidich djar,
it sjocht de hiele Sadse oer.
Mar o, de nacht yn 't lege bed!
En as in klok de slach fan 't Fjar.
| |
De gasten
Elts draecht it klaed, dat jin de simmer hjit.
En al hoe nuver guon it bleat ek sit
(it brune pakje mei rju farianten),
gjin pylger, dy't de sinne net oanbidt.
| |
[pagina 325]
| |
De butsiker
Forsin jo net mei winkelman of smid,
mei hwat jou hospes liket, is of hjit.
Syn wezen brekt pas yn in stoarmnacht iepen,
as op 'e Grongen wer in offer sit.
| |
Oan skylge
It is dyn dune net en net
dyn it is de kilns om yn dit grotfol Jan
doch ienkear jins gelikens to antrinnen,
as glied de minske moarn út God syn hon.
| |
Sibskip
Siz net fan Fries, ne neam it net.
Haw frij dyn wille altomet
oan each en still, oan gong en sprake.
Mar swij - wy ha de se forret.
|
|