| |
| |
| |
Jo Smit:
De bedkwast
- Foar ds. D.J. Miedema -
It eigenaerdichste is, dat ik net ienris to syn freonen hearde. Wy wiene goekunden, mear net. Der haw ik gans oer neitocht; der koe ik alteast oer neitinke en der komt it hieltyd op At as it gefal my yn 'e holle omwynt.
Nuver is it ek dat my sa klear en skerp foar de geast stiet hwat der foartyd bard is, al hie dat winliken neat om 'e hakken. Greate yndruk kin it net op my makke hawwe, mar dochs kin ik it elts eagenblik foar my krije; it is krekt as in foto, fyksearre, wylst dat oare....
Hawar, ik sil fortelle.
It wie tiisdeitomiddei, tsjin fjouweren. Mei Tamme roun ik dat ut, nei it kosthas der't er mei syn krupsje op bed rekke wie.
Nou moat ik mysels ynhalde om net yn it wiidweidige to forfallen, hwant ik soe alles fan dy gong derhinne fortelle kinne. Ik soe it krekte plak oanwize kinne der't it skaed fan 'e huzen op 'e strjitte foel, biskriuwe hoe't dy bakkerskarre by de brege justjes to folle lofts troch de bocht gie, en al soks mear. Ek wit ik klear hoe't Tamme njonken my roun, de hoed krekt efter op 'e holle, in strik foar mei reade en giele grimeltsjes. En wurd foar wurd soe ik Us petear herhelje kinne. Earst Hwe't wy hinne soene: by nei syn sweager, ik op sikebisiik.
Doe roun Roarda As foarby en derop - en dertroch wit ik wol - bigoun Tamme oer Jochum Weidema.
‘Dat wie oars in knap forhael’, sei ik, dat er skreaun hat yn It Wurd. Hie 'k net efter him socht.’
Tamme loek de millshoeken hwat del: ‘Dy mem giet dea oan 'e ein. Hie er net dwaen moatten. Dat is altiten swak.’ It kaem my hwat to apodiktysk oan. ‘Dat bin ik alhiel net mei dy iens. De lju stjerre nou ienris, dat hwerom mei Jochum Weidema se net stjerre litte?’
‘Omt it fierst to faek bart’, andere Tamme. ‘Sjoch, in minske stjert mar ien kear. Dan is it dochs al stomme tafallich, dat dat krekt yn in koart forhael barre moat, dat allinnich in lyts eintsje libben biskriuwt. Yn in roman, ja. In roman giet oer in hiel libben en fan gefolgen hat de dea syn rjochtlik plak deryn, mar yn in novelle of in short story? - Swak, swak!’
‘Houris’, lei ik der tsjin yn, in forhael biskriuwt net samar in stikje libben; it trapearret dat libben op syn hichtepunten, dy't fansels ek djipten weze kinne. Blauwe Fedde stiet ivich
| |
| |
om 'e doarsherne en de dea is noch altyd in wezenlik dramatysk elemint - it wezenlikste faeks foar us, westerske minsken.’
Tamme moast fansiden stappe foar in man dy't mei lampekapen efter op 'e fyts oer it trottoir boksele, dat hy hearde myn leste wurden net mear. Gelegenheit om it jitris to sizzen krige ik nammers net, hwant hy bigoun oer angeljen to praten.
Nou bin ik underwyls dochs dwaende yn it wiidweidige to fallen, dat der siz ik neat mear fan. It wie in tige koartswilich gefal en foar de doar moast er noch atfortelle. Doe fastken wy of. Tamme gie troch nei syn sweager, ik skille oan.
‘De groetenis’, rop er noch. ‘Siz mar dat ik meikoarten wolris delkom!’
De kostfrou liet my yn. ‘Jo kamen op sikebisiik?’ sei hja. ‘Der is op 't heden net ien, dat Jo kinne wol fierder gean. Hy leit boppe.... Jo witte it paed.’
Ik wist it en ik gie de kreakjende kokosloper op, nei boppen ta. Op 'e drompel fan syn keamer bilibbe ik in tel in soarte panyk, in pynlik byinoar liken fan spieren earne yn it underliif, troch it gefoel in forkearde keamer ynstapt to wezen, en dat wylst hy op myn klopjen mei syn heas lad ‘Ja’ roppen hie. It wie syn keamer al, hy wie it sels ek, mar hwat reads der op it bed forburch syn gewoane restige trekken.
It wie in burd, in weagj end read burd.
‘Ha, bistou it’, sei er med. ‘Ja, ik haw myn burd waekse litten, dou moatst der fansels noch oan wenne. Juffer Sytstra - dou hast har sjoen, se hat dy ynlitten - fynt 't moai. It falt mysels hwat of om dy de wierheit to sizzen. Ik hie forwachting fan in oare kleur.’
Hy swei. It misstiet dy oars net’, sei ik om mar hwat to sizzen, en winliken wie it noch wier ek. Syn antlit, dat altyd hwat strak en finbiweechlik wie, hie gans mear ekspressy mei dat reade, krolderige hier der om ta, as in corona om 'e sinne. ‘Ja, soks kin dy nou wachtsje fansels’, ornearre ik noch. ‘Dou bist al in skoftsje siik, n'twier? Hwat mankearret dy?’
‘Hernia’, sei er stroef ‘hiest dat noch net heard?’
Fansels hie ik dat, mar ik sei luftich: ‘Och ja, der waerd al sokssahwat grute.... mar de iju sizze sa'n soad.... en dou bist oars net sa'n man fan moade, nou? Ik hie tocht, hy sil wol hwat aparts hawwe en net hwat, der't Langer eltsenien mei oanhelle is dy't meidwaen wol.’
‘Ik moat meidwaen, Sibe, jonge’, sei er heas en fortroulik. ‘Ik hie it sels ek nea tocht.... mar nou liz ik hjir - hernia, fordomme.’
Even bleau it stil. ‘Moatst ris sjen Hwe't ik hjir op liz’,
| |
| |
forfette er utnoegjend. Ik riisde oerein ut 'e reiden stoel (let ik yn delfallen wie en biseach de planke der't er op lei. Mei de boppekant fan de tomme kioppe ik der op: In best stikje eken. Moatst sa mar tinke, der kinst altyd noch better op lizze as der tusken.’
Mar der fleure hy hielendal net fan op, lyk as de bidoeling wie en trystich sei er jitris: ‘Hernia, fordomme.’ En fuort der oerhinne: ‘Sibe, ik bin bliid datst’ der bist. Ja, wier bliid’, gie er mei hwat klam fierder, wylst hy nei myn gesicht seach. ‘Dou bist hwat healwiis. Ne, ik bidoel der neat forkeards mei, mar dou hast neat fan in siketreaster. Oaren al en dij wol ik dat wol sizze, ik undergean dat as in soarte fan chantaezje. Ik bear dat ik fleurich bin, ik doch myn best om de goede, digere, forduldige pasjint to wezen. Mar ik bin it net, ik bin it alhiel net. Derom bin ik sa bliid datstou der bist.... nou kin ik alteast mankelyk weze.’
Al sinnige dy stimming my alhiel net, troch syn wurden groeide ik dochs wol hwat. ‘Ik woe dy oars graech hwat opfleurje’, lei ik tsjin him yn.
‘Moatst foaral dwaen’, sei er sttimsk ‘hwat fleuriger, hwat better.’
Ik moast him unthjitte, ik soe net daliks wer fuortgean, ik soe him mar hwat kankerje litte. Sa sieten wy in moai poaske en hy hie mar mankelike praetsjes.
‘Witst wol’, sei er op in stuit ‘witst wol datst skoan gelyk hiest, niis? Dou seiste dat it neat boar my wie om hjir to lizzen mei hernia. En dat is sa, it is ek neat foar my.’
Sjochst nou wol, hie ik sizze wollen, mar hy joech my de kans net, sa red gie er troch. It is neat foar my, it heart ek net sa to wezen, ik soe it net hawwe moatte.... en dochs haw ik it. Fan alle lju dy't it krije, soe ik de leste weze moatte. En dochs.... Der hat men it nou. De dingen kinne net barre.... en dochs barre se. Twa kear twa is fiif; dat is myn probleem. Bigryp my goed: net dat ik hernia haw.... fordeald, ik kin it net iens sizze. De tael sjit to koart, is der to rasioneel ta... Ik bidoel, dou tinkst miskien dat ik der net oer kin, dat ik siik bin, dat ik hjir liz to.... to lijen, fuort mar, siz it mar. Dat is it him net, wier net, it is net it feit dat ik it haw.... Dou bigrypst it noch net, dat sjoch ik wol. It is sa: it is net it subjektive probleem der't ik mei oanklaud bin, net it Andergean fan myn hernia, mar it objektive: dat ik hernia haw. Fansels, omt dy wrakseling om it objektive myn probleem is, is it dochs wer subjektyf.’
In soarte fan bisetting wie oer my kaem under dy wurde
| |
| |
stream en dat gefoel waerd noch sterker doe't er ynienen ophaldde, my lyk oanseach en twingend sei: ‘Ik kin dochs op dy oan, wier? Dou meist it oan gjin libbene siel fortelle, hwat ik dy nou allegearre siz.’
Ik stelde him hastich gerest fan datoangeande. Nammers, ik koe my net yntinke dat ien bilangstelling hawwe soe foar myn meidielingen At 'e twade han oer subjektive en objektive, mar folslein finbigryplike herniaproblematyk.
‘Ik haw it noch nea oan in minske forteld’, gie er lusterjend fierder. ‘En hwerom net? Dat wit ik sels net. Faeks in soarte fan skamtegefoel; ik soe my ek net Atklaeije der't elk by is.’
Maurice, skeat my ynienen troch de holle. Maurice Chevalier haw ik op it toaniel de klean fitstrupen sjoen, yn Parys. Ik seach it reade hier op it wite kjessensloop en, grif as tsjinwicht tsjin de binearing dy't ik fielde, kaem de bizige fantasy yn my op: by yn in strip-tease, mei dat burd. Mar ik doarde neat to sizzen, sels net to glimkjen. Boppedat, ik woe mear hearre.
‘Dat docht ek neat to de saek’, bisleat er in mannich tellen fan oertinking. It nuvere is dat ik it nou oan dy fortel. Faeks dat ik ofstompt bin de leste tiden, mei dat fordealde gewask ‘... en dy smoarge pot altiten. Ik liz hjir as in nanepop en ik lit mar mei my omheisterje.... ik! Mar ik sil it dy fortelle ast’ der nea in mule oer iependochst.’
In knikje fan myn kant hjitte him, fuort to farren.
‘Dou moatst witte’, sette er fannijs ut ein ‘yn myn jonge jierren AtfanhAze ik simmerdeis wolris by As pake en dy op 'e pleats. Hja binne nou allang wei, dat docht fierders neat, mar hja hiene der noch fan dy alderwetske bedsteden, mei in bedkwast deryn. In lichter, sei pake, en dat is in tige moai wurd, mar foar my wie it altyd in bedkwast en dat ding makke djippe yndruk op my. Dat hat men gauris mei dingen dy't fan gjin bilang binne.
Och ja, ik wist doe noch net ienris dat it sa'n yndruk op my makke, mar dat kin ik neigean oan letter. Gans letter mei ik wol sizze, hwant ik wie al in jiermannich yngenieur, en ik wie mei fakansje yn LAksemboarch. Ik wie der mei de trein hinnereizge en makke fierder in greate fuotreis. Op in moarn hie ik in moai ein ofkuijere en hie hwat finder in beam lein to slAgjen, hwat nei de wolkens to sjen, nei in pear tAkjes fan in populier, der't ik krekt it each op hie. It lei der hearlik yn 'e frije natilr, mar op it lest moast ik dochs wer oerein. En doe tocht ik ynienen oan dy bedkwast ut pake’ bedsteed, en bimimere, it wie spitich, dat der net ien boppe myn holle hong.
| |
| |
Hwat is dat boar jeuzelpraet, tinkst nou fansels, en dat is ek wol sa, mar ik moat dit wol even fortelle, omt it it bigjin wie. Stint barde it hieltyd wer; as ik earne restich lei, moast ik oan in bedkwast tinke. Nou't ik der oer praet, op bed sels hie ik it net - dat komt fansels ek, jouns wol men sliepe en moarns, dan wachtet der fan alles, dan is men hastich.... Faeks is dat allegearre mar ansin; lykwols is it sa dat ik it allinne butendoar hie, under de frije himel. Ik leau, ik wie der ek op tit. Ik gie faker allinnich op 'en paed en as ik dan in restich plakje hie, dan joech ik my noflik del. It wie net allinne noflik, de langst nei dy bedkwast skrynde hwat; mar dat fielen fan iinwennichheit socht ik krekt, lyk as in widdou dy't nachts op bed oer har forstoarne man leit to tinken.’
Dat wiene syn wurden, heas, heal histerjend, en mei folsleine earnst utere. Dat leste byld wurke, mids de bisetting dy't noch hieltyd oer my lei, sa finwjersteanber komyk op my dat ik in finfatsoenlike froalikens yn my fielde, as in skoaljonge under in les der't it perfoarst gjin laitsjen lije kin. Gelokkich koe ik my bidimje - hwat siz ik? Hie ik mar lake.... mar ik kin my dochs min forwite.... It wie ek mar o sa koart. It wie samar wer oer; by hie even in momint wachte, en doe't er wer trochgie, wiene dy senuwtrekkingen der mei iens net mear.
‘Dou witst’, sei er, dat ik net sa faek yn tsjerke kom; net omt ik der op tsjin bin, mar omt ik der gjin gefoel boar haw. Bidden haw ik nea witten hwat wie, dat wol sizze, oars net kennen as formele hanneling; op ien kear nei. Dat wie op in sneontomiddei doe't ik earne by de Kanterlannen om noflik op 'e rech lei en doe wer sa'n hertstochtliken langstme hie nei de bedkwast. Ik woe dat er út 'e himel delkaem en ik my der swiet oan ophysje koe. Ik haw doe mei ynmoed bidden, mei hert en siel, mar der barde neat. Letter haw ik dat nea wer dien, net omt it net holpen hie, mar omt myn kristlike gefoelens der tsjin opkamen. Om soks mei men net bidde, fielde ik, dat kin net.
Hawar, it sil nou fiif jier forlyn weze, dat ik mei fakansje op it Skiermuontseach wie en op in middei lei ik der yn in dungloppe. It waerd tiid om op hûs oan; dat wie it al mei ik wol sizze, hwant al in fire lang hie ik lein to tinken oer de bedkwast dy't fan boppen delkomme moast, dat ik my oplûke koe. In moaije reade kwast woe ik hawwe dat it weze soe, mar der kaem fansels neat. Lykwols die ik op in stuit de ham omheech nei it plak der't er sitte moast.... en it wie oft myn hert stil stie. Ik fielde hwat. Der wie neat to sjen,
| |
| |
en dochs fielde ik dat ik hald hie. Op itselde momint lykwols wie it ek wer fuort. Mar ik wie hielendal oremus. De nachts sliepte ik hast net en de oare deis bisocht ik it op 'en nij, mar der barde neat. Forbylding, bisocht ik mysels wys to meitsjen; dat slagge my lykwols net, hwant ik wist dat it gjin forbylding west hie.
Ik sil koart krieme: in wike letter wie it wer sa fier; ik fielde de kwast, der't neat wie. Ik haidde my kalmer as de earste kear en it slagge my, my der in eintsje oan op to taken. Ik hoech dy net to fortellen hoe faek en hoefolle ik dernei dwaende west haw, mar ik kin dy it resultaet meidiele: sent forline jier septimber bin ik safier dat ik my oan 'e kwast oplake kin. Ik siz: oan 'e kwast, Alhoewol't dy der net is. Dat ik haw ek bisocht oft ik it sûnder kwast koe, mar hou, gjin kwestje fan. Ik moat my earst tige konsintrearje op dy bedkwast - dat duorre earst galls in skoft, mar njonkelytsen net langer as fjouwer, fiif minuten - ik gryp him en ik hysje my oerein. Hysje is it net, ik haw gjin swierte mear, it giet fansels.... mar dy kwast moat der weze, oars wol it net.
Sst, neat sizze, lit my atfortelle. Ik haw der nea hwat fan sein, tsjin nimmen net. Net ien hie my leaud.... en oars hie ik it foardwaen moatten.... in sirkusaep. It is tige de fraech oft it wol wol mei ien derby. Mar allinnich kin ik it; ik kin it. Dou leaust my fansels net, mar it is wier. hoe't it mooglik is, ik soe it net witte, mar it is sa. Ik haw my der de holle ek net oer brutsen, it like my net hwat to om der sa fornuvere oer to wezen. By in oar soe ik dat grif al dien hawwe. It is krekt as mei in lotterij, of mei alle dingen. Net ien dy't wier forheard is as er hwat wint yn in lotterij; net ien dy't him offreget hoe't soks kin. Men is bliid, wis, mar nuver? Ne.
der't ik wol mei sit is hoe't ik - ik! - nou mei hernia sitte kin. Stiif as in planke, hjir op in planke. Ik!.... hernia fordomme.’
Hy hie de eagen tichtdien finder dit forhael, syn holle lei wurch oer side, op it kjessen. It reade burd flamme om syn gesicht. Hwat ik allegearre tocht doe't er sa oan it wurd wie, wit ik wier net krekt. Gefoelens en tinzen wynden en woelden sa tizerich troch my hinne, skeaten yn my op, kamen op my oan en yn my del, sa't my nou foarstiet, en dat net ien foar ien, mar nest en troch elkoar, dat hwat ik der fan sizze mei perfoarst net wier is. Net wier, omt it tsjinoerstelde der tagelyk ek wie. Hy is gek, tocht ik, mar tagelyk leaude ik him wurd foar wurd, en wurd foar wurd haw ik it ek ûnthâlden.
Sa wit ik dat er op in stuit ‘sst’ sei, en derat moat ik
| |
| |
bigripe dat ik hwat sizze wollen haw, mar hwat soe ik net witte. ‘It is wier’ en ‘hy is gek’, dat wiene de twa finrestige poalen yn myn oeral brein. Ik bin oars de Anbitrousume kant neist, mar de tredde mooglikheit - dat er my boar de kroade ride woe - kaem net ienris yn my op. Derfoar oerhearske dat iene gefoel to folle, in fielen der't ik gjin wurden boar haw, mar dat in mingsel wie fan freze en loksillichheit yn it anderfinen fan in folslein nije, oare wrald.
Ik wit ek net hoe lang't er wachte, Ear't er wer bigoun. Faeks hat it mar in telmannich west.
‘Ik wit net hwerom't ik it dy fortel’, sei er doe traech ‘mar ik fiel my forlichte, forromme.’
Hy swei wer en ik socht om wurden, om hwat tsjin him to sizzen, mar neat woe foarm krije fit dy tizeboel yn myn brein.
‘Is dy doar ticht?’ frege er ynienen. ‘Wolst 'm op slot dwaen?’
Myn fuotten brochten my by de doar, suver Viten mysels om, en ik draeide de kaei yn 't slot. doe't ik wer yn 'e reiden stoel delsakke, sei er: ‘Ik sil it dwaen. Dou silst it sjen, neat sizze, stil.... '
Ik sei neat en wachte. Mei strakke eagen moat ik nei him sitten hawwe to sjen en wylst waerd it hieltyd restiger yn my. It frjemde fielen fan mystearje foel fan my 6f. Ik bigoun wer to raisonearjen: der lei er, in goekunde fan my; hy hie de eagen ticht, krekt as sliepte er. Faeks hie er wol paranormale jeften. It forskynsel fan de levitaesje komt boar, tocht ik. En twangfoarstellingen ek, bisleat ik nofteren, mar, nuver, ynienen seach ik syn rjochterarm omheech sjitten en it forbjustere my net. Ik siet mei strakke nijsgjirrichheit to sjen. Hy taestte even, de han cleat, krekt oft er hald krige.... hy bilgde de earm en der riisde hy mei in strak, spand lichem fan de planke omheech.
Dus dochs, konstatearre ik mei in foldien gefoel en yn spanning seach ik him fierder oprizen.
Nou wied er sahwat rjochtoerein; de biweging fortrage; it lichem skodde even hinne en wer as om yn 'e blans to kommen. Op dat stuit lichte hy de eachslidden op.... dy eagen, triomf en panyk beide seach ik der yn, mar dat kin forbylding weze, hwant alles gie yn minder as gjin tiid. Myn hert sloech ful tsjin 'e ribben.... Mei wiid iepen eagen foel er as in blok efteroer, tobek op 'e planke. In koarte droan, dy't my mislik makke en my folslein forlamme. Myn fuotten wiene kalde bonken iis, mar hja brochten my knikkend by de doar, der't juffer Sytstra oan 'e oare kant stie to jammerjen.
Hy wie dea.
|
|