lân! Mar de Friezen binne al sunt ieuwen twa-talich, hawwe in biheind eigen taelgebiet, libje yn it skaed fan in mei namsto mear ierdske middels seine Hollânske rykstael, omstannichheden, dy't it forskinen fan wierlik great en folslein oersetwurk (as der al in Hollânske oersetting wie) ont op in hichte oerboadich makken, liket it, en oars wol ta in finênsiéle ûnmooglikheit. Wol wie der talint genôch en is út alle mooglike spraken wol rispe, mar yn haedsaek doch o sa fragmintarysk, hoe wiis men der yn de situaesje ek altyd mei wêze moat. Der siet meast net folle systeem yn. In hap hjir, in snap dêr, dat dizze Shakespeare-oersetting foarmet kwantitatyf tsjin de Fryske oerset-loft in massyf, net wanlyk oan hoe't Shakespeare dat sels kwalitatyf tsjin de Europeeske loft docht.
Shakespeare wie oars al gjin ûnbikende yn Fryslân. De earste oersettingen ea út it Ingelsk yn Fryslân forskynd, wiene ek al neffens him, en wol twa fan syn stikken fan de hân fan Ds Rinse Posthumus yn 1829. Foar dy tiid wiswier in swiere opjefte, as men bitinkt dat de Fryske oerset-technyk doe noch yn de ruften lei, en de Fryske tael syn ûntjowing nei algemien brûkber litterair ynstrumint noch amper bigoun wie. Hwat der fierder út it Ingelsk ek oerset waerd, Shakespeare dûkt der de hieltiid wer út op: Colmjon weage him der oan, Holtrop, S.D. de Jong (en Dam Jaarsma, om folslein to wêzen), en ûnderwilens ek al sûnt 1916 Kalma, dy't sûnder syn herskeppingen neffens Shakespeare ek oars al by de produktyfste oersetters út it Ingelsk heard hawwe soe.
Sa binne wy dan oanlênne by Kalma as oersetter. Der soe op himsels al in soad oer to sizzen wêze, omt hy ek sa'n soad fortalingen op syn namme stean hat. As wy ús biheine ta dy út it Ingelske taelgebiet, en dan binammen ta de eardere Shakespeare-stikken: Macbeth (1932) en Midsimmernacht-dream (1949), komme wy al, dêr't wy wêze moatte. Mei inkelde gefallen út it lêste stik mei ik nammentlik yllustrearje hwat my by al Kalma syn oersettingen ont nou ta in earnstich biswier taliket: by my is it bygelyks tipysk Kalma as Shakespeare's ‘eyes’ yn oersetting ‘loaits’ of ‘skyn’ of ‘sjen’ wurdt, en dat bygelyks ‘wings’ by him ‘fleanen’ wurdt. Dat komt faeks it bêste ût, as men Holtrops oersettingen derby hellet: Holtrop sines mei men konkreet neame (jin fuort oansprekkend), mar soms to min dichterlik; Kalma sines faken to min konkreet (to sweevjend), mar wol dichterlik. Hwant it is buten kiif, dat Kalma dichter is, in by ûtstek persoanlikenien, mei in eigen styl en wurdkar, ja safolle dichter, dat er as oersetter faek to min himsels-ôf wurdt, der tofolle it stimpel fan syn