| |
| |
| |
Anne Wadman:
Muzikologysk puzzle-wurk
Jacob Jansen: Gysbert Japicx’ Lieten. In studzje oer de fan de dichter bidoelde meldijen. Utj. Fryske Akademy. Drukkerij Laver-man N.V., Drachten, 1956.
Prof. Jansen hat mei syn boek oer de wizen by Gysbert Japiks’ lieten pionierswurk dien. Mei forbjusterjende krektens en sneupsin hat er him jown yn it tizebosk fan de aide 17de-ieuske lieteboeken en it is him, muzikologysk detective, slagge fan sa goed as alle wize-oantsjuttingen dy't de Bolswerter poeet by syn poezij jown hat, de wize mei frij greate wissichheit op to spoaren. Deft syn wei dearoun, hat er dochs noch bisocht mooglikheden oan to jaen. Yn mar ien gefal is sels dat him net slagge, en noch wol krekt by dat Gysbert-liet dat wy as studinten-mei-breinroer-gemoed sa faek songen hawwe, it liet fan Wobbelke. Men hoecht yndied net al to folle muzyk-histoarysk gefoel to hawwen, om fest to stellen, dat de wize (eet wy it op songen (Frysldn sjongt,
63, bls. 92) hwat al to folle nei de romantyk rat om suver 17de-ieusk to wezen, mar ‘.. der stiet yn Fryslem sjongt dochs mar by: ‘Stemme: Daer vond ick heynelijck, & c’, dat Prof. Jansen hat dizze wize gjin wurd weardich achte, en ik kin my dat wol bigripe fan de offisiele wittenskip ut wei. Oan de oare kant, Prof. Jansen hat de biskikking oer mear gefoel foar humor as foar Unoantaestbere Wittenskiplike Heechheit, en derom, sjoch, hied er alteast my in deugd dwaen kinnen en los dit Wobbelke-riedling efkes op, byneed per fuotnoat.
Ungemurkenwei bin ik al op it med fan it kritisearjen oanlanne. Mar lit my dochs foaropstelle, dat ik dit boek mei earbied en biwilndering lezen haw. It Frysk is wolris hwat optocht, en trochdat it boek oarspronklik foar in part artikelsgewize yn tydskriften forskynd is, forfalt it wolris yn herhellings, mar de skriuwer is in man dy't, eksakt, mei fjilr, bigryplik en flot oer de dingen skriuwe kin. Hy hat mei dit boek in nijsgjirrige bydrage levere to de Gysbert-studzje.
En derom nou in mannich oantekenings.
Op bls. 69 en jitris yn de Hollanske gearfetting op bls. 129 stelt Jansen, dat Gysberts liet ‘Wol-komm’ freugde fenne Wrad'r sij it net alhiel goed, nog altijd veel en gaarne ge- | |
| |
zongen wordt.’ Dat komt my hwat al to roaskleurich boar. Under it folk haw ik alteast dit liet nea sjongen heard (it stiet ek net yn de aide Lieteboeken), wol under de studinten. Jansen sjocht dizze melodij dan ek as moai wis in ‘fariant dy't yn de 20ste ieu foarme is’. Mar, freegje ik, hwernei, hwerneffens? Der moat dan dochs in boarne weze, en dy boarne is, tinkt my, net de folksmille. De ien of oare muzikus (fakman of dilettant) moat earne in Galatha-melodij foun, dy op Gysberts wurden tapast, en doe it saekje yn de Studinte-biweging loslitten hawwe. Faeks kin in veteraen Ut de Studinte-federaesje hjir ljocht bringe. Miskien - ik haw it net by de han - jowt it boekje fan Mefr. Komter-Kuipers 10 lieten fen Gysbert Japicx (1939), dat Jansen sa hoflik bynei-deaswijt (op in lyts letterke op bls. 128 nei) de oplossing. Mar hie in neijer utliz fan de ‘vele onjuistheden’ yn dat boekje hjir net op syn plak west? It sil dochs wol net allinne ut Ankrektheden bistien hawwe!
Sunder mis, seit Jansen op bls. 5, binne Gysberts lieten wol op de fan him bidoelde melodijen songen wurden. Sander biwiis lykwols leau ik der noch net it aldermeaste fan. Hoe langer ik my mei Gysbert yn lit, hoe mear by my de oertsjuging komt, dat dizze man suver gjin klankboaijem hawn hat, en grif net Under it folk. Der wie syn kultuerhistoaryske situaesje net neffens. It liket my earder ta, dat it oanjaen fan dy wize-oantsjutting (cler't men út konkludearje moat, dat de dichter syn fersen yndied op dy wizen dichte hat) earder in kwestje fan moade wie, en dat oan sjongen pas yn it twadde plak tocht waerd. It kin ek noch hwat oars weze: it oanhald finen oan in biskaet metrysk-ritmysk skema, dat as ynspiraesje-driuw tsjinje koe. Der binne ek wol oanwizings ta: Prof. Jansen sprekt hjir en der twivel Ut oft Gysbert, as er boppe syn fersen mear as ien wize oanjoech, wol witten hat oft er der mei ien of mei twa wizen to dwaen hie. As dat yndied sa is, en as dus in melodij Gysbert net folle mear joech as it metrysk stramyn der't er syn ferswurk op borduere, hokker sin hat it dan noch to sykjen om Gysbert syn muzikaliteit, op groun tan de aesthetyske wearde fan de troch him brakte melodijen, in putsje dat Jansen op bls. 9 oan oaren oerlit?
Prof. Jansen is wolris hwat optimistysk. As er (bls. 108) ta syn forrassing in Holt ansk lieteboekje fynt mei in hantekening in syn bertested Warkum, konkludearret er fuortdaliks dat de melodij dy't oan de oarder is, dus yn Warkum, buorsteel fan Bolswert, songen is. Ik soe daliks sa fier net gean
| |
| |
wolle: it kin der songen weze, mar dat seit net, dat it ek yn Bolswert songen is.
In kwestje fan mear bilang is de folgjende. Dr. Kalma hat yn syn dissertaesje tige war dien om efter de datearring fan Gysberts fersen to kommen. Yn party gefallen is dat slagge, mar yn oare, en faeks krekt psychologysk de meast nijsgjirrige, ntl. de erotyske poezij, net. Dizze erotyske poezij nou is it krekt, dy't Gysbert sa faek fan melodij-oantsjuttingen foarsjoen hat. Biedt nou it undersiik fan Jansen in helpmiddel om de kwestje fan de datearring fierder to bringen? It komt my foar, dat Jansen, as muzikolooch (en dus is it him net kwea-of to nimmen) dit litterair-histoarysk probleem net sjoen hat. En foar de litteratuerskiednis is dat spitich. Foar Jansen wie de fraech: Hokker fan de foune melodijen past qua metryske struktuer it beste by de wurden fan Gysbert? In litterairhistoarikus hie de fraech oars steld: Ut hokker lieteboek is de measte kans dat Gysbert syn melodij helle hat - forandersteld altyd, dat er dy At in lieteboek helle en it net ut syn Unthald wist, mar dan n6ch, om't de forsprieding fan in liet dochs earne op in printe tekst weromgean moat.
Om in foarbyld to neamen. It gedicht ‘Foor-siz fen 't Lijen uwz Sillig-meytsers’ (atjefte 1936, bls. 137) hat net minder as trije wize-oantsjuttingen, dy't krekt sa foarkomme yn de 9de printinge fan in sjongboekje, forskynd yn 1694, lyts 30 jier nei Gysberts dea. Oer in eardere printinge fan 1655 jowt Jansen gjin fitslutsel, om't dat foar syn fraechstelling net fan bilang wie: Hy hie de wize, dermei At. Mar stel, dat dy printinge fan 1655 de earste wie, en dat ek der dy trije wize-oantsjuttingen al yn foarkamen, dan soe men der mei hast 100% wissichheit fit konkludearje meije: Gysbert hat dat boekje kend en syn fers dus yn of nei 1655 skreaun. En nou soe dat witten yn dit gefal foar Us net sa bilangryk weze, mar yn oare gefallen al.
Ik haw alle fynsten fan Jansen neigien mei myn fraechstelling boar eagen, mar suver nea in bifredigjende oplossing fine kind. Fuortdaliks is dat al Unmooglik, as blykt, dat Gysbert moai wis wizen nommen hat út Starters lieteboeken, dy't datearje Ut de tweintiger jierren, en guon miskien ut dy fan Stalpert, fan in jier of tsien letter. Mar hjir en der skimeret dochs hwat ljocht, b.g. as in to datearjen fers ‘Lan-geane aef Friesche freugde: oer it ijn-nimmen fenne Sted Hulst’ (ed. 1936, bls. 79) - it is fan 1645 - neffens Jansen (bls. 84) wierskynlik nommen is At in lieteboek fan 1645, wylst er gjin aldere boarnen foun hat. Derfit soe men konkludearje kinne: Gysbert
| |
| |
hat it lieteboekje fan 1645 (Den gheestelycken Leevwercker) kend, hwat ek oer oare wizen utslutsel bringe kinne soe.
Op dizze wize arbeidzjend soe ik dochs inkelde oanwizingen jaen wolle en wol oangeande trije fersen der't Kalma yn syn dissertaesje noch al swierrichheden by anderfoun hat (bls. 73 en 74) foar syn bisykjen om ta in datearring to kommen. En wol fan: ‘Ljeafde’, Herders Ljeafde to Galatha’ en ‘Herders njue, to Pales’, yn de edysje 1936 resp. bls. 18, 21 en 23. It twad neamde, Galatha’, steane twa melodijnammen by opjown. Dy beide komme, mei noch in tredde, boar yn in lieteboekje fan 1655. Ien fan de trije komt ek foar yn in boekje fan 1649. De wizen (ek dy fan lettere boekjes, foar as net fan bilang) antrinne elkoar net folle. Aldere boarnen jowt Jansen net op. Om net neijer oantsjutte reden nimt er sels de wize fan 1655 foar kar, mar lit as oannimme dat dy fan 1649 ek to kiezen wie. Dan lei dus de konklazje foar de han: Gysbert hat syn wize (direkt of yndirekt, dat docht der neat ta) at in boekje fan 1649 of letter. Syn gedicht kin dus net boar 1649 skreaun weze. Mar Kalma rekkent dit fers to datearjen fan foar dichter's houlik, 1637. En wol omdat it neffens him in ienheit foarmet mei de twa oare dy't ik neamde, alteast derby heart (dat net hielendal wier is, hwant ‘Reontse Ljeafdegal’ (1936, bls. 20) siet der tusken yn, dat Kalma ta in letter tiid rekkent). Kalma syn formoeden komt dus wol swak to stean!
It bikende ‘Ljeafde’ rekkent Kalma ek to datearjen fan foar 1637, om it yndied wol tige erotysk-bluisterige ‘taheakke’. Dat argumint stiet wol sterker, mar it gedicht sels is in problematysk gefal en it hiele ‘taheakke’ (skreaun yn in oar metrum as de rest en dus net op de oanjowne wizen to sjongen!) liket mear op in grap of op in forsin mei syn ‘Heal dea! heal dea, trop Minn'-sjocht’, Ljeafke’ (fan Kalma nammers to anrjochte op bls. 105 as in soarte fan plan ta selsmoard ynterpretearre!).
Nou de wizen. Gysbert jowt twa: ‘Prins Roberts mars’ en ‘Een Ionckvrou die mijn hert door-wondt & c.’ Hwat dy earste oanbilanget, Jansen biwiist op bls. 24-28, dat wy hjir to dwaen hawwe mei in wize dy't songen waerd op in Prins Robert (of Robbert, Rupert of Ruprecht) fan Bohemen, soan fan Frederik fan de Palts. Hy hat de oantsjutting ‘Prins Rob(b)erts Mars(ch)’ foun yn 4 Hollanske lietebondels fan 1646, '48, '49 en '50. Yn twa (1646 en '50) stiet ‘Masco’ yn pleats fan ‘Mars’, dy binne dus fierder net fan bilang. De wize is oeral, mei lichte ofwikings, deselde. Dizze wize hat dus yn de jierren 1646-’!50, en
| |
| |
letter ek noch wol, tige populair west, en dat wurdt dndlik as wy de libbensskiednis fan dizze yn 1619 berne Prins Ruprecht neigeane: greatbrocht yn Den Haech by Prins Maurits en Frederik Hendrik, yn 1636, dus 17 jier aid, nei Ingelan gien, it bertelan fan syn mem. Der hat er yn de jierren nei 1645 in greate rol spile as royalistysk oanfierder yn de striid tsjin Cromwell. It leit foar de han om yn dy Ingelske boargeroarloggen de reden to sykjen fan syn populairens, tomear as men wit, dat de Prins Roberts-mars wierskynlik fan Ingelske kornof is en yn 1650 yn in Ingelske samling stien hat. Konkluzje dus (mar mei foarbihald!): Gysbert kin dizze wize net boar 1646 brakt hawwe as ynspiraesje-boarne to syn gedicht! Twadde konkluzje (ofhingjend fan de earste): It ‘taheakke’ heart yndied net by it gedicht.
Mei foarbihald, sei ik. Hwant de twadde wize-oantsjutting: ‘Een Ionckvrou die mijn hert door-wondt’ wiist op in oare melodij, en ien dy't neffens Jansen yn lieteboeken fan 1631, 1635 en letter to finen is. Men soe dus de foranderstelling weagje kinne, dat Gysbert syn tekst oarspronklik op de twad neamde wize skreaun hat, en letter by it printremeitsjen fan de saek de earste wize tafoege hat, earst om't dy moai grif ek troch syn aktualiteit populairder wie. Der is sels in lytse oanwizing, dat it yndie sa gean kind hat. De twad neamde wize stiet der by tusken heakjes, hwat Gysbert yn gjinien fan de gefallen dat er twa of mear wizen opjoech, dien hat! Al mei al bliuwt it foarbihald dochs frij wif en kin men likegoed oan de prioriteit fan de Robert-melodij as ynspiraesjeboarne festhalde. Dan komt dus ek hjir de datearring fan Kalma: ‘foar 1637’, frij swak to stean, tomear om't wy by gjinien fan beide wizen wei witte mei dat ‘taheakke’.
Nou soe it tredde fan de trije neamde gedichten ntslatsel bringe kind hawwe, dus ‘Herders njue, to Pales’. Mar spitigern6ch hat Jansen de opjowne wize ‘Van Cordewagen’ net mei wissichheit thasbringe kinnen. De melodij dy't er mei gans foarbihald jowt, datearret fan sahwat 1700. Mar as men nou de groun neigiet, hwerom't Kalma dit fers fan foar 1637 achtet, blykt dat ek in swakke groun to wezen. De harker forklearret yn it gedicht, dat er it lan trou bliuwe sil. ‘Forklearrings det men it lan trou bliuwe scil, dichtet men allicht minder maklik as men sels yn de sted wennet.’ Dy sted is dan.... it plattelanstedtsje Bolswert. Sprekker is in harder, en lit dat dan in forobjektivearring fan de dichter sels weze, der stiet net: ‘ik’.
Konkludearjend: Op net botte sterke grounen makket Kalma de trije fersen en neffens de ynhald en neffens de tiid fan
| |
| |
antstean, los fan de derop folgjende groep. De kans is frij great (ik soe sizze: 75 O/o), dat hja alle trije fen letter datum binne, bihalven it ‘taheakke’ fan ‘Ljeafde’.
Oare konkluzje: de probleemstelling fan Prof. Jansen-asmuzikolooch hat spitigernoch net folle wearde foar de litteratuer-studzje. Der laette de frachstelling net ta, boppedat tintbrekt in yntegraesje fan it materiael.
Hokker doel hat dizze Utjefte dan, bihalven fansels it doel fan alle wittenskiplik-histoaryske stUdzje? De skriuwer hat sets it antwurd jown op bls. 9: ‘....ien ding hoopje ik birikt to hawwen: Fryslan kin Utein sette mei Gysberts poezij to sjongen’.
Lit Us it beste hoopje, mar Fryslan sahwat kennende.... Lit Us nammers tajaen: de 17de-ieuske melodyk leit Us net bot mear. Dat in pear lieten ut Valerius noch min ofte mear (mar hoe langer hoe minder al!) bikend binne, is net sasear om de wize as om de ynhald en de histoaryske, patriottysk-religieuze eftergroun. Populair sille Gysberts lieten nea wurde, ek al net om de teksten, lit stean dat se ‘Pake syn klok'‘It Aldershas’ en de ‘Waldsang’ fan 't ste kringe sille. Lit Us hoopje, dat in fakman se (of de moaisten deritt) op forantwurde wize harmonisearje sil en dat se as kunstliet songen wurde foar de mikrofoan en by oare gelegenheden. It Fryske gearkomstew8zen soe der grif yn gehalte by winne!
|
|