hie hjir bliuwe kinnen; wie dat net it beste foar soksoarte minsken?
Mar sa is it net gien! Se woe hjir bliuwe, se soe hjir wurkje.
- Dat sil ek hwat wurde, hat suster Verona sein; doe 't Paulette noch by har op 'e kreamkeamer lei, en sy dat hearde:
- Dat sil ek hwat wurde, as dy hjir bliuwe moat. Sa'n mefroutsje: mear lest as gemak foar us fansels.
- Sit dou net yn noed, sei Fraulein Palm yn it kantoarke: se sil nei de keuken, se wurdt gjin leading.
- Sil se nei de keuken? Hwat moat se derre?
- Dweilje en bjinne, skuonpoetse.
Fraulein Palm hat lake, in bytsje minlik: - Se wol it sels, se kin der mear fortsjinje as by jimme.
- Ik tocht dat se ryk wie.
- Wie.... miskien. Us kin se neat bitelje. Se moat de hiele bihanneling weromfortsjinje.
- Soa, sei suster Verona: weromfortsjinje....
- Paulette, bringstou de brieven op 'e bus? Hy wurdt mei fiif minuten lege.
- Paulette, makkestou de tafel re? Paulette, hjir bin de apels, dy't skyld wurde moatte. Paulette, suster Verona hat om dy roppen, ik leau dat se lulk wie!....
En Paulette andert:
- Ja suster. It spyt my, suster. Ne, Gina, ja Gina. It is al dien, Fraulein Palm. Hjir bin ik wer Gina, hwat moat ik nou?
Weromfortsjinje. Ierappels skile, flierren bjinne, de skille klingelje en tafel opredde. Fleane, drave, oanfitere wurde en greate mfilen oanhearre.
Der bin net folle fammen, dy't atstean koene hwat Paulette atstiet, samar, sander hwat fiele to litten fan wrok of tsjinsin, suver altyd fleurich en geduldich. Mar hoe komt dat?
Der binne susters, dy't tinke, dat it har to dwaen is om yn in goed bledtsje to kommen by de jonge Herr Holland. Mar dat is ommers al to mai: Mei dat to winskjen hat immen noch gjin wurkroutine en batendat, se is al trije wike earder bigoun as hy, en doe wie se ek altiten krekt en warber. Wol is it Anbigryplik fan de direktrise, dat se him in keammerke jown hat neist it wurkhok en de keuken, en net ien fan de frije keammerkes yn 'e sted. Nou yt er net allinnich mei it personiel, mar ek jouns formakket er him faek yn 'e keuken. Hwat dan noch net is, kin samar komme. It jufferke bisiket it genoch mei him. Hja is moai en leidich. In protte manlju soene der net oer kinne. Herr Vonderlaan? De susters