De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 301]
| |
Massael
Kleurleas rint de joun oer it stiel
dat troch de strjitte bochtet
en it leste Ijocht heint
tit de sted,
dy't dankere winkelheakken
slacht yn 'e loft
en kantelt op de founeminten
fan it lok
Moarn sib in nij lok
de sted trochstreame
en klof ten sille har
troch de strjitten biwege
om it lok to bilibjen.
| |
Geheim
Geheimen
driuwe op it wetterflak
fan myn lippen
as Onlesber hcinskrift.
Myn male is tael
mar myn hannen
witte net it teken
dat God as in seldsume bilge]
oan de loft skreaun hat
mei letters fan frede.
|
|