De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 291]
| |
J.H. Brouwer:
| |
[pagina 292]
| |
hearsking fan it Frysk to kommen. It uterste hwat yn de measte gefallen mooglik weze soe is, dat beide partijen har tael oanhalde. Sa'n twatalich petear, is alris sein, mist sfear; it is wier, dat it as men bigjint, net tafalt (binammen foar de Friezen net, dy't ommers har ek skoan mei it Hollansk redde kinne), mar soe it net in kwestje fan wennen weze? En as wy dit net as oplossing oandoare, hoe komme wy dan Ut it dilemma? Hwant, en der woe ik op ta, soe it net fan it greatste bilang weze foar de antjowing fan de eigen Fryske kultuer, as de net-Friezen, mannen fan formaet en mei in iepen each boar de Fryske bilangen, folslein yn us formidden opnommen waerden en der in aktive rol to spyljen krigen? Soene wy hopentiden net hwat mear us best dwaen kinne om harren oer de streek en nei us ta to heljen? Dat hoecht wier net bisocht to wurden mei to greate jovialiteit, ne as der ien ding is, dat fine geasten wearzich meitsje kin dan is dat de omstannichheit, dat guon Friezen Frysk praten en familiariteit sahwat itselde achtsje; mar as men de goede net-Friezen hwat mear mei iepen hoflikens en mei bigryp foar har posysje op healwei kaem, hoegden hja net in libben lang yn de perifery to forkearen. Is it net bigreatlik, dat immen as Witsen Elias, in man fan smaek en fan niveau, sa'n bytsje bitsjut hat boar de Fryske litteratuer en it Fryske toaniel? Hy hie sander mis gans toaniel sjoen, hy wist hwat toaniel wie en in skoging fan syn han wie nea in ofwaeid praetsje, mar in motivearre oardiel, der't men haldfest oan hie, al hoegde men it der altiten net mei iens to wezen; hy bisocht, dat wie dudlik, stik en opfiering beide ta har rjocht komme to litten en syn skegingen hiene in greate ynstruktive wearde, likegoed foar de spilers as foar de taskogers. It soe in moai ding west hawwe, as er ek sines sein hie, al wie it mar fan en ta, oer it Frysk toaniel; al moat men hoeden weze mei oan it amateurtoaniel deselde noarmen oan to lizzen as oan it birops, it mei gjin kwea as in kundich man it út en troch de spegel foarhaldt. Dat soe fan dy gefolgen weze, dat de amateurs harsels heger easken stelden, der't hja dochs ta komme moatte yn us tiid, Nou't safolle minsken wolris of gauris biropstoaniel sjogge en lang sa gau net mear tofreden binne mei de prestaesjes fan eigen doarpstoaniel as yn 't foarige; us kriten witte derfan mei to praten. It stiet net oars mei de litteraire krityk. De posysje fan de Fryske kritikus is net altiten like noflik. Hy ken de skriuwers ornaris moai goed, neamt har by namme en foarnamme en gjin skalnamme jowt op 'en dar feilichheit. Hy is bihalven | |
[pagina t.o. 292]
| |
Jhr Jan Willem Jacobus Witsen Elias berne 1 oktober 1896, forstoarn 21 juny 1956
| |
[pagina 293]
| |
kritikus ornaris ek sels skriuwer en Hwa't by hjoed geweken nimt sil him moarn rjochtsje. Yn sa'n situaesje falt it wolris net ta, mei de bioardiele skriuwer en mei it eigen gewisse beide goe-freon to bliuwen. Dat de litteraire krityk yn Fryslan trochinoar op sa'n goed peil stiet moat men dan ek greate biwondering foar hawwe. Yn sa'n situaesje soe it wol noflik weze, as de Fryske kritisi forsterking krigen fan minsken as Witsen Elias ien west hat: ta oardieljen bifoege, hifkjend neffens algemiene noarm, mar hwat frijer fan it formidden der't de litteratuer sels yn Antstiet. Ik wit wol, dat ik sok in man gjin maklike taek tatink, mar it soe wolris weze kinne dat syn oardiel makliker oannommen waerd as fan de al to ticht op de skriuwer steande konfraters en as er, lyk as Witsen Elias dat wend wie, in oardiel joech, wol op 'e man of, mar mei takt en oerliz, soe er de lju net to bot op it sear komme. Hwant in krityk skriuwe, der't men hwat oan hie, dat koe Witsen Elias. Der forskine litteraire kritiken yn in hopen kranten; dy fan Witsen Elias, forskinend yn de Ljouwerter krante, koene munsterje tsjin hwat men yn de greate bledden foun, dy't altiten hwat mear by to setten en derom rimer kartit fan meiwurkers hawwe. Op in stuit bin ik bigoun se fit to knippen en to biwarjen; ik haw dat jierren folhalden. Ear't ik oan it skriuwen fan dit bitinkingswurd bigoun, haw ik se foar my op tafel lein en der fannijs yn omsneupt. Lyk as my sil it grif gans lezers fan de Ljouwerter krante gien weze; oan de han fan Witsen Elias lieten hja har gauris liede op it wide gebiet fan de moderne letterkunde, hja sille ek mear as ienris by oankeap har foege hawwe nei syn kar. Ut syn kritiken koe de lezer him tige skoan in ide foarmje fan it bisprutsen boek: oer ynhald, sfear en styl waerd er ynljochte en as er it sels lezen hie sil er grif jitte wolris nei de skoging fan Witsen Elias taest hawwe, om eigen oardiel der mei to forlykjen. De krante-krityk fan Witsen Elias hat sûnder mis greate foarmjende wearde hawn en de Friezen meije it wol op priis stelle, dat sa'n kundich en biskieden foarljochter harren paedwiis makke op sa'n tige kleare wize. Oer fersen hat er mar in kearmannich skreaun. Net omdat er der net kompetint ta west hawwe soe, de kearen dat er it die biwize ommers hoe fersgefoelich as er wie, hoe goed er it wezen fan in biskaet dichter fette en hoe tige er dat wist to formulearjen. Syn earbied foar de wierhaftige poezij wie sa great, dat er dy leaver net mei syn utliz biseare woe. ‘Wanneer er in deze kronieken slechts tamelijk sporadisch | |
[pagina 294]
| |
gewag wordt gemaakt van poezie dan vindt dat zeker niet zijn oorzaak in gebrek aan materiaal... Wat ons echter doet aarzelen, over poezie te schrijven is de vrees, de sfeer van een gedicht met proza, met prozaIsche woorden, te naderen. Van school uit hebben we een innige afkeer van het parafraseren en voor het overige vinden we die verzen het mooist, welke men stil en zonder zelfs inwendig commentaar kan ondergaan. Hetgeen men gerust een dilettantisch standpunt kan noemen. Toch bevangt ons nu en dan de behoefte, eenvoudigweg te getuigen van mooie poezie En sa móast er dan skriuwe oer G. Achterberg, Jac. van Hattum, A. Roland Holst, H.W. J.M. Keuls, Paul van Ostaijen, J.A. Rispens, J.J. Slauerhoff, Vasalis, wylst ek de namme fan Bloem withoefaek yn syn sk6gingen opspringt. Yn dy foarkar k.omt dus ek hwat fan it wezen fan de sk6ger nei foaren; hy haldt it mei de minsklike dichters, mei de poezij, dy't in wrald efter dizze wrald oantsjut; de ropping fan alle dichtkunst is neffens him to wizen nei it biiten-tydlike en bUten-wraldske en hy hat it graech oer ‘de laatste dingen'‘de laatste waarheid’, al kin men dy dochs net fitdrukke. Hy fielde him ‘slachtoffer van een noodlottige ontwikkeling der tijden’ en as er it oer ‘heimwee’ hat, foeget er der oan to ‘een zeer menselijk gevoel te meer verbreid naarmate de mens zich in zijn tegenwoordige staat onbehaaglijker gevoelt’, hy hat it oer de minske ‘wien het steeds benauwder wordt in dit stikvolle land, dat bezig is een stad te worden, en zich voortdurend verder vervreemdt van de natuur, dus van de schoonheid.’ sûnder mis leart men de skoger sels kennen nt sokke eintsjes sin, dy't him sûnder dat er it sels wol, út de pinne glide: ‘wie, die in het stukje ziel dat hem restte, zachte druppelen balsem, welke zulk een vers in het geteisterde hart stort ‘door een toeval - nim mer was het woord onjuister dan hier ‘..’ As er, skriuwend oer Couperus, it hat oer Den Haech ut 'e ‘rydtugentiid’ seit er: ‘De stad waaraan elke oudere Hagenaar met een zekere vertedering terugdenkt.’ De frage is wol steld, hwat dizze Haechske jonkhear altiten yn Fryslan hâlden hat. Soe it net west hawwe, dat hjir de sted gjin stienbult wie, mar yn simmernachten geurje koe fan hearook? Wie hjir net hwat fan it Westeuropeeske klimaet, der't er A. Roland Holst ut forklearje woe, it klimaet ‘met zijn winden, zijn nevels, zijn wolkenformaties, zijn wilde zonsondergangen’? Wie it net goed silen by 't simmer, net kostlik riden by 'I winter op dy wide flakten foar him, dy't | |
[pagina 295]
| |
Parys koe as syn eigen has en bernlik forbaesd weze koe, dat soks by oaren net it gefal wie? Bilibbe er, al kaem er dan fan in oare kant en al krige it by him in oare foarm, net hwat fan de twaspjalt, dy't er mei sa'n ynmoed biskreaun hat by twa dichters, dy't har fan Fryslan frijmeitsje moasten en der net los fan komme koene: Slauerhoff, Van Hattum? Men soe tinke kinne, dat er it oer barren hie, omdat hja Friezen fan kom6f wiene en hy foar in krante yn Fryslan skreau. Ik leau dat net, it gyng djipper. Hy, de bitafte kranteman, joech, doe't A. Roland Hoist ris de krante omseame, ta dat dit barde yn wurden ‘waartegen elk verweer wegvalt’ en hie it oer aktualiteit ‘die per slot toch het minst wezenlijke is.’ Sjocht men hjir net hwat fan in inerlik konflikt; hy, de litterator yn oanliz dy't sizze koe ‘een gedicht, dat waarlijk een gedicht is, rechtvaardigt een bestaan reeds en dy't nest ‘de aarzeling ‘.. om over dat werk te schrijven’ ek wist ‘het zoeken naar de sleutel, het ‘passen’ van wat men gevonden meent te hebben, vormen een zo verrukkend ziels-avontuur, dat men niet meer begeren kan moat by tiden skjin syn bikomst hawn hawwe fan it pinnewurk, der.t it krantefak nou ienris in journalist ta twingt en hat faeks de oergong fan it redakteurskip nei it direktoraet fan N.V. Erven Koumans Smeding dochs ek wol as in soarte fan bifrijing fielt: mear as tofoaren koed er nou ommers oandacht hawwe foar de litteraire rubryk. Hy seach Slauerhoff as ien, dy't mear in Rimbaud weze woe as er wie en dy't flechte yn it avontar ‘om aan de kleinsteedse burgeriijkheid, welke hij als een voortdurende dreiging in zichzelf aanwezig weet te ontkomen.’Ga naar voetnoot* As er it oer him hat, skriuwt er: ‘Nostalgie en zwerflust zijn den Friesen aard niet vreemd, al wordt de laatste te vaak onderdrukt en ‘Moge de tweespalt, welke Slauerhoff kenmerkte niet specifiek-Fries worden genoemd, OOk-Fries was zij wel.’ En jitte mear lit er atkomme, hoe't er Fryslan sjocht en jowt er tagelyk himsels bleat, as er Jac. van Hattum karakterisearret. Ik helje in mannich sinnen oan: ‘Het is natuurlijk altijd van belang om te weten, waar een dichter geboren is, omdat zo'n geboorte-oord een stempel op de mens pleegt te zetten...’ | |
[pagina 296]
| |
‘Hij is geboren in het hartje van de Friese weidestreek, waar de bevolking statisch is en bezinnend ‘.. De mensen leven er beschouwelijk, voorzover ze niet louter vegeteren, wat OOk - en trouwens overal - voorkomt.’ ‘Tenslotte kwam hij in Amsterdam terecht, waar hij een stuk Wommels mee naar toe nam. En bij de gratie daarvan is hij dichter geworden. Niet bij de gratie van Wommels, maar van het feit, dat er een zekere gespletenheid in zijn per-soon werd aangewakkerd. De meeste dichters scheppen uit zulk een gespletenheid.’ ‘Van Hattum had een te levendige geest en was te critisch van instelling om zich op den duur in het Wommelse milieu thuis te voelen, maar dezelfde eigenschappen beletten hem, in Amsterdam, of in het algemeen in ‘Holland’ nu het ideaal te zien ‘..’ En hy wiist dan op in fers ‘waarin Van Hattum zijn positie ten opzichte van zijn geboorteland tracht te bepalen. Dit gedicht ‘Friesland’ getiteld, is een van zijn mooiste verzen.’ Ja, helte algemiener moat er feststelle ‘De twaalf gedichten die in direct verband met zijn geboorteland staan, behoren tot de beste in dezen bundel.’ Komme wy faeks tichte by it riedsel fan Witsen Elias sels, as er formulearret: ‘Het zijn juist de restanten provincialisme die de kracht uitmaken van het cosmopolitisme van bijzondere geesten. Cosmopolitisme zonder een element van verwondering en ‘onwennigheid’ is als ongerezen brood.’ Foun dizze Haechske kosmopolyt yn Fryslan de forwundering en de lmwennigens, der't er forlet fan hie? Yn alle gefallen hied er folle fan in dichter yn him en koed er, faeks om syn greate hoedenens, tige fortsjinstlik oer ferskunst skriuwe. Net alle soarten leine him. Paul van Ostaijen koed er neikomme, mar ‘onze huidige dadaisten of experimentelen’ hied er amper in goed wurd boar oer; dat wiene by him ‘zwakke epigonen’ en hy miende skriuwe to meijen ‘dat een demonstratie van kinderlijke verongelijktheid tot waarachtige poezie aanleiding zou kunnen geven, moet altijd nog bewezen worden....’ Ik haw faeks to lang by syn poezij-resinsjes stilstien, omdat dy fierwei de minderheit fan syn kritysk wurk foarmje, mar hja hawwe ynhald en styl en soene yn gjin litteraire periodyk misstien hawwe en boppedat, ik mien dat er krekt yn dy poezij-krityk, der't men soks faeks it minst forwachtet, in kearmannich himsels bleat jown hat. In Undersiik nei syn poezij-krityk is dus tagelyk in lytse bydrage to de kennisse fan himsels. In forhearliker fan Fryslan sûnder mear hat er | |
[pagina 297]
| |
grif net west; hy seach to skerp de faeije kanten fan it geastlik libben yn doarp en sted. Mar oan de oare kant joech FrysIan him hwat, dat er yn Den Haech en Parys miste, al hat dat faeks mear it Fryske lan en de Fryske natur west as de Fryske minske. Koed er dy ek genOch? Hy sil, lyk as wy sjoen hawwe, in karakteristyk fan de Fries Ut de greidhoeke jaen doare en op in oar plak (ik mien, as er in boek fan Evert Zandstra bisprekt) opmerke, dat de Friezen en dan binammen de Waldfriezen tige sentiminteel weze kinne, mar it bliuwt hwat yn 't algemiene sizzen hingjen en hy seit ek wolris tsjinstridige dingen, as er it oer de Friezen hat. Sa sil er yn it iene opstel uthalde, dat de Friezen, ek yn it skriuwen, lju fan de koarte baen binne en in oare kear, as Theun de Vries wer in nij diel oan in rige tafoege hat sizze: De Vries set mar troch; fan in Fries kin men ek min oars forwachtsje. Mar ik bin hjirmei al by syn proaza-kritiken kommen, der't ik dochs ek wol in wurdmannich oan spansearje woe. Hy sil ek hjir sûnder mis syn foarkar en syn bigrinzing hawn hawwe. Dochs sil men wol hwat hoeden weze moatte mei it lfiken fan konkluzjes ut hwat er sk6ge. In folslein byld fan de litteratuer yn moderne talen fynt men net by him. Hy hat wol Dutske, Ingelske, Franske, Deenske en Sweedske romans oankundige, mar hy biheinde him, hwat dy litteratueren oanbilanget, ta hwat yn Nederlanske oersetting ta him kaem (en faeks ek ta hwat oan de redaksje fan syn krante ta bisprek tastjurd waerd) en fan gefolgen is syn kronyk yn dat stik fan saken helte minder represintatyf as foar de HollanskFlaemske produksje. Dat syn kunde oan de frjemde litteratueren fier ntgyng boppe hwat er sk6ge, kin men allegeduerigen oan syn forlikingen byg. sjen. Hy is tige goed op de hichte fan de wraldlitteratuer oft dat nou Aischylos, Gide of Emily Brontë oanbilanget en moat ek de aktuele tydskriften mei stUdzjes oer de skriuwers mei niget folge hawwe; hy sil byg. de oerienkomst opmerke tusken Wuthering Heights en guon boeken fan Sjoerd Leiker. De kronyk giet dan binammen oer Hollanske en Flaemske romans, mei foarkar foar de Flaemske. Hy hat dy ek motivearre: In de Vlaamse (literatuur) ontwaren we telkens iets van een verloren paradijs, althans de vage herinnering daaraan. De Vlaamse geest is een gelukkige vermenging van de Germaanse en de Latijnse, vooral zoals hij bij de jongeren spreekt. De scherpe en minder aangename kanten van beide zijn bij die vermenging wat afgeslepen en de goede spreken | |
[pagina 298]
| |
daarom duidelijker. De verbondenheid met den grond is aanwezig, maar leidt niet tot de blubo-gruwelen waartoe de Duitsers geraakt zijn. En van l'esprit gaulois hebben de Vlamingen de helderheid van zegging, het klare beeldende vermogen en vaak ook de humor in zich...’ Der is my wolris sein, dat er yn it bysfinder bilangstelling hawn hawwe soe foar boeken, der't min ofte mear dekadinte formiddens en persoanen yn biskreaun waerden. Ik moat dat fintstride. Syn foarleafde foar Couperus kin men dochs min as biwiis oanfiere. De leginde, dat dy skriuwer sels dekadint en loai wie, skynt mar net stjerre to wollen, mar hy mei dan ek boeken oer ‘fin de siècle'-formiddens skreaun hawwe, net derom biwendere Witsen Elias him en ek net ienris, omdat dit Haechske formiddens wiene (al sil dat him as ald-Haechner mear sein hawwe as oaren). Foar him wie Couperus ‘nog altijd Nederlands grootste romancier’ en hy is sels binijd, dat er (by it fitkommen fan it samle wurk) nei 35 jier dy romans lest mei jitte sterker emoasjes as eartiids ‘schier ademloos verdiept erdoor meegesleept.’ Witsen Elias wie grif gjin optimist; ik hoech mar in pear dingen oan to heljen om dat to biwizen: ‘Men zou het van harte met den schrijver eens kunnen zijn, dat de samenleving bezig is vast te lopen'‘een nog niet door Freud aangetaste tijd'‘het element van een cosmische angst, welke inderdaad tegenwoordig wel over de wereld schijnt te hangen’. Mar hy forset him, en bytiden tige fill, tsjin de skriuwers dy't dy dingen yn in to skril ljocht sette, dy't alle forhaldingen fit it each forlieze, oft dit nou Bordewijk, Theun de Vries, Vestdijk of hwa oars ek is en oft dit nou oer needlot, it sosiale unrjocht of psychologyske tokoarten giet; hy forset him faeks ek, omdat har wurk finder dy iensidigens to lijen hat. Nearne faeks skerper as Hwe't er Louis-Paul Boon giselet mei de wurden: ‘Intussen -- de rol van een, ietwat sombere nar moet in onze samenleving ook vervuld worden, want niets is voor mens en maatschappij schadelijker dan een geloof in eiaen voortreffelijkheid of zelfs maar goedwillendheid.’ Wol soe men faeks sizze kinne, dat romans mei in sterke sosiale ynslach him minder goed leine; der sjocht er al gau oerdriuwing en dus fortekening fan milieu en persoan en faeks ek wol mei rjocht, om't sokke auteurs faek formiddens biskriuwe dy't hja net kenne. Dat die Couperus like goed, doe't er oer Haechske ambassade-formiddens gear gyng en mislearre. ‘En nu is het alvast prettig doch helaas zeldzaam in | |
[pagina 299]
| |
onze letteren - dat een auteur schrijft over milieux, waarin hij waarlijk thuis is ‘..’ It komt my foar, dat Witsen Elias him binammen oanlutsen fielde to it skogjen fan boeken, der't sielkundige konflikten op heldere en sobere wize yn biskreaun wiene. De minske yn al it forskaet fan syn mooglikheden hie syn bilangstelling en by hie in tige suver oanfielen foar it al of net tarikkende yn de biskriuwing fan de minsklike siele; it to sterk oansetten, oergefoeligens yn de Utbylding wiisde er of, yntelliginsje yn plan en Utfiering stie by him heech oanskreaun. Hy hie in iepen each foar de wearde fan de moderne, suggerearjende skriuwtechnyk, al seach er ek wol de gefaren derfan. Hoe koed er suchtsje, as in skriuwer as Theun de Vries, dy't er oars tige heech hie, yn syn romans festhold oan in realistyske skriuwtrant, der't gjin ein oan komme woe, in skriuwwize dy't neffens him fit de tiid wie. Opmerklik wie, as er krityk oefene en dat kaem gauris foar en mak wied er dan ek net *), dat er dan leafst twa stikken wurk fan in skriuwer foarinoar oer sette, it iene dat er lekje moast, it oare dat er priizgje koe. Sa soed er in roman fan De Vries forwije, mar yn deselde kronyk him bisprekke as de skriuwer fan treflike koarte forhalen. Datselde antithetyske mocht er jerne trochfiere yn de praegnante titels fan syn opstellen byg. Belangwekkende mislukking, Irritante maar oprechte confrontatie, Spanning en ontspanning. Syn styl fan skriuwen koe hwat in lakonike humor oer har hawwe, mar dy't soms ek Aligned nei bitter sarkasme. ‘Een boek dat verschrikkelijk irriteert, en dat desalniettemin iets is.... ‘Toen wij voor het eerst op een postkantoor ons het document verschaften dat diplomatiek ‘luistervergunning’ heet - het aan den houder ter beoordeling overlatend of er werkelijk iets redelijks te beluisteren zou vallen ‘Negen jaar zijn een te kort tijdsverloop in onze dagen, om den afstand te nemen, die Aischylos nam. Hoewel men zegt, dat wij in een zo haastigen tijd leven. Klassiek zal die overigens naar alle waar schijnlijkheid ook niet worden.’ ‘...aan zijn werk (is) iets bizars, iets ‘onwezenlijks’, waarin voor den schrijver juist het wezenlijke begrepen was.’ En sa mar fierder. Der soe ut dit kritysk wurk in hiele ricie fan dy puntige formulearringen to gearjen weze, dy't suver hwat fan maximes krije. Witsen Elias hie folle lezen, safolle dat er net inkeld it ofGa naar voetnoot* | |
[pagina 300]
| |
sunderlike boek op syn wearde wist to skatten, mar it ek syn plak wist to jaen yn it hiele oeuvre fan in skriuwer. Der wiene auteurs en it wiene mei fan de bilangrykste en produktyfste, dy't er suver op de foet folge (Vestdijk byg. en Bordewijk en Marnix Gijsen) en by alle biwondering, dy't er foar har hie, coed er net neilitte in tydlike ynsinking as sadanich to signalearjen. Mar by doarst it ek wol oan, it earstlingwurk fan in skriuwer to skegjen, Ear't de offisiele krityk it oardiel klear hie en tige wis koed er dan weze yn it skatten fan wearde en tokoart (in foarbyld: G. v.d. Walcheren, Scherven tangs de hemel). Hy moat in hege opfetting hawn hawwe fan syn taek as litterair kronykskriuwer; kundigens, earlikens en biskiedenens binne de skaeimerken fan syn krityk en binne dat net krekt de grounslaggen fan alle krityk dy't wier hwat om de hakken hat? It sil net maklik weze, in goede forfanger boar him to finen; lang net eltse journalist is tagelyk in goed kritikus. Dochs hoopje wy dat dy der komme sil, hwant as wy yn it bigjin fan dit opstel it pleit fierd hawwe boar it yntegrearjen (om dit moadewurd nou mar ris to brilken) fan de weardefolle Hollanske eleminten yn it Fryske kultuerformidden, dan haldt dat fansels alderminst yn, dat wy gjin bilang hawwe soene yn Fryslan by heechsteande foarljochting oer Hollanske litteraire kultuer. Ek der moatte wy us ommers oan opine. Grins, augustus 1956. |
|