| |
| |
| |
Baukje Fokkema:
Direktrise
De moarnssinne boarte troch de kastanjebeam en skynde oer de skriuwtafel fan direktrise Jongema. Hja, it hier strak efteroer kjimd, siet mei de pinne yn de han dreamerich foar har ut to sjen. Op 'e strjitte gyng de molkkarre mei de lytse ponny der foar en yn de duorren forskynden de froulju, guon it hier noch los, in inkeldenien al fleurich op 'e tried. In klok, de Roomske, sette oanienwei oer dat alles hinne.
Ynienen samar briek der doe op 'e sliepkeamers fan it aide gebou in helsk lawaei los. Gels Jongema skrille op, Sa let al’, en mei in sucht sette se har op 'e toarre papieren boar har. Der wie sa'n administraesje of to dwaen, Ear't se yn nije wike har fakansje hie.
Boppe waerd der noch altyd lake en oangien. Hwat binne se los fan 'e moarn, tocht hja. Hawar, salang de boel net ofbrutsen waerd, mocht it hinnebruije.
Der kloppe immen op 'e doar; Minnema kaem der yn, in meager, toar frouminske, mei in aldske mule.
- Kinne jo der net baes fan wurde, juffer Minnema?
- Der kom ik net om, sei stroef de oare. Ik woe mei jo oer Belts Faber prate. It is nou al de tredde kear dat dy jouns to let is. Neffens de oaren moat se in feint hawwe, dat kin gjin kant At fansels.
- Ne, fansels kin dat net. Ik sil har under fjouwer eagen nimme, ik haw dit net witten.
- Nou, dat is dan goed. Ik wol der yn nije wike net graech spul mei hawwe.
Doe't de keamer wer leech wie, suchte Gels. Minnema wie in krus, it foel net ta immen Under jin to hawwen dy't âlder wie. Ek al wiene jo sels al sa jong net mear. Hja gyng oerein en seach yn de spegel, swarte skaden en wurge eagen hie se. Hja wie ek oan fakansje ta, fakansje, sinne en wyn en allinne weze, hielendal allinne.
De itensskille gyng. Yn de greate seal wie it ljocht en fleurich. doe't hja der yn kaem, sieten se allegear al om de tafel. Fjouwerentweintich jonge fammen, dy't aenst nei har mefrouwen soene. Licht debile famkes, dy't under tasicht klear makke waerden foar it gewoane libben. De sinne biljochte de simpele snAtsjes en allegearre seagen se har like fleurich oan, op Ant nei, dy't moarns meast net sa briiksum wie.
De sinne kaem heger, direktrise Jongema liet in gerdyn
| |
| |
sakje, it waerd waermer al wer. It frisse, iere wie At de strjitte fordwoun, it libbe sa licht al net mear. Hja striek de Ilan oer de foarholle, Beits Faber hie niis de post foar har dellein, mar hja wie der net oan ta kaem it fanke op it harspit to nimmen, hja hie allinne mar bilangstelling boar de post hawn. De post wie alle kearen hwat der't se mei bigearige hannen nei griep. Men griep. Der soe hwat weze kinne. Hwat? It? En alle kearen wie der ek wer dat forlamjende; der wie neat. It wie der net. Der wie ommers neat, dat wist se doch wol!
De pleats thus yn de simmermoarn, mei it paed troch de greide nei skoalle ta en it hAske oan de feart mei de beammen der omhinne en de parrebeam, dy't altyd bloeide. Och ne, grif bloeide dy beam net altyd, mar hja koe it sa allinne mar boar har krije. Der wie ek it greate stalt mei de molkboat en der yn hja en Lykle, sittend op 'e ranne, mei de fuotten yn it wetter, it djippe, griene wetter, der't Lykle sokke frjemde dingen fan fortelle koe.
Hy hie der sa faek yn sitten, by wist hoe't it der under wie. Paleizen en bregen en wetterminsken, der koe er fan fortelle mei nuver blauwe eagen. Lykle koe altyd sokke wundere forhalen fortelle, ek yn 'e hils, as syn heit en mem der by wiene. Soms fantasearre er samar dingen dy't er bilibbe underweis, dingen dy't master of oaren tsjin him sein hawwe soene. Syn heit en mem leauden him altyd; as hja der dan ris by wie (hja wie der faek by), woe hja soms de mule iepen dwaen en sizze dat der neat fan wier wie, mar dan seach er har mei syn twingende eagen oan en as fansels swei hja dan.
Letter thAs, fortelde hja soms dat Lykle dingen sei dy't hielendal net wier wiene. Mem woe dan hawwe hja soe net sa folle mei him omgean, mar dan moast se altyd gale. Mei Lykle koene je sa alderprachtichst moai boartsje en Lykle wie sa goed foar har. By skoalle sei er altyd: Gels is myn faem.
Op 'e middei moast hja de sted efkes yn, Minnema paste op it has en de fammen. Hja moast nou hjoed doch mei Beits prate.
It wie waerm en gleon op 'e strjitte. Middeis koe hja de sted haetsje mei de boadskipjende en winkeljende froulju der by. Hie se fan 'e moarn mar kinnen, men soe nou de fyts nimme moatte, der At fleane en yn in stil stik greide op 'e rech lizze, mei de sinne oer jin hinne en de blauwe loft der boppe. Lyts ienlik minske yn de greate wrald. Ienlik? Ne, net alhiel. der't wolken, loft en winen, hoe wie it hast ek wer?
| |
| |
Nou wie se al in strjitte to fier. Hja koe lilk op har sels weze bytiden, in direktrise fan in tons koe net sa dreame, dy moast hurd en saeklik weze, neffens Minnema.
De fyfte dei fan har fakansje, frege Gels aide Keike om de fyts fan har dochter. Hja woe nei de haven, minsken en huzen en skippen sjen. Al to lang oan jinsels oerlevere to wezen wie hielendal sa goed net, bisefte se nou wol. Tominsten as der earne hwat friet oan jins hert.
Hja wie brim wurden. It lei sa alderhearlikst yn de dunkiilen en de se, de bosk en de blauwe loft, se hie it yn har opsiuge, mar fan de moarn woe se minsken sjen, samar stil hwat minsken sjen. Keike weau har nei. It wie fan dat stille limske waer, oer de waed lei in blaugriis waes. Yn ien fan dy spultsjes der jinsen, deun oan it wetter, soe hja wenje wolle. Net hjir oan 'e dyk, net al dy badgasten om jin en al dy foravesearde luiskes en pleatskes sjen.
It bigoun swierder to traepjen, it moast by de hichte op. In pittige rook fan beammen en hars hinge yn 'e loft en de greate fjurtoer kaem al tichter by. De fjurtoer! Thiis as famke en letter ommers ek, stie hja tiden efter it oergerdyn to sjen, nei de ljochten fan de fjurtuorren yn de tsjustere nacht. It AmeFen, Skylge, Flylan, Teksel....
Yn ien fan de aide strjitsjes oan de havenkant stiek se oan yn in smirk aid herberchje, mei trije linebeammen foar de finsters. doe't hja der yn kaem foel it of, it hie folle fan in semanskroech. Koe se as frouminske mar net better hwat oars sykje, der't badgasten kamen? Mar in optotele juffer mei fah reade lippen en ringen yn de earen, kaem al op har ta. Hja bistelde kofje. Efter in doar waerd mei kopkes rinkele en it froumins praette mei in skel brutael lud tsjin in man, dy't werom snaude. Hja huvere, hjir bleau se net lang. It madam kaem doe mei in bled oantripkjen. Geurige sterke kofje. Mar wylst roun der út de efterkeamer in man troch de taep op de utdoar ta. Flechtich naem hja him op en hy har. Doe as fascinearre bleau hja sitten, mei wiidiepen earen. It kopke trille har yn de han. Wie hy dat? Wie hy dat wier? Mar it wie to let, hy wie al fuort. Hja bleau sitten, dronk sûnder to priuwen. Fansels net, hy wie it net. Hy wie ommers trochroun. Hy koe har net. Mar seach se dan ek net hwat oan him?
Och, hja waerd romantysk. Hoe soe er hjir nou weze en hwat gyng it har ek oan op it lest. Hja, direktrise Jongema, fan it tohas foar wurkjende famkes. Hja gyng oerein, kald ynienen, en bitelle. Bittendoar seach hja de strjitte oer. Hwer
| |
| |
soe er bidarre weze? Hja woe it witte. Hja woe him yn it wezen sjen, as it har hjoed net slagge dan moarn. Mar as by it wie, hwat die er dan mei dit froumins? Wie er troud? Hja roun njonken de fyts en seach by de aide gevels op, speurde de strjitte lans. Ynienen, hwerwei wist hja net, stie er boar har, pakte it stjar fan har fyts.
Gels, dou koest my noch, nou? Twa nuver blauwe eagen seagen har oan. Syn eagen. - Lykle, stammere hja. Hy lei in finger op 'e lippen.
Hwer tref ik dy hjoed? Ik moat mei dy prate, ik haw dy nedich, Gels!
Hja makken in ofspraek, earne om Aest soene se inoar moetsje.
Oan de kant fan de waed wachte hja op him, alhiel fan de wize. Nei jierren Lykle wer en hoe? Hwat woe er? Hwat moast er? Sinten? Sinten tink. Wie it ek net allinne om sinten dat er by de aide minsken kaem? Hie er de ald man al net yn 't gref? Hwat die se nou hjir op him to wachtsjen, op sa'n fint?
Der kaem har in brok yn de kiel, it wie sa'n siel. Hoe koe se it him wegerje, der moast doch ien minske weze dy't him heinde. Of koe se dat better oan God oerlitte? Hja hie him leaf, hopeleas leaf. Hja stie op 'e dyk en seach nei him At. Doe kaem er de reed lans hobbeljen op in aid karke. It leste ein roun er, swabber yn in ljocht forsutere pakje. doe't er foar har stie, wiene se beide forlegen. Hy sei fan Jo tsjin har en bigoun in omslachtich forhael. Hja seach him oan op de aide manear; Gels Jongema.
Doch mar gewoan, ju, en fortel it my mar.
Hy slokte hwat wei: -- Gels, hwerom haw ik dy nea krije kinnen?
Hja seach him oan mei baernende eagen: - Hwa seit, dat dat nea kinnen hat?
Dou wiest ommers in boeredochter en us heit sa'n lyts mantsje. Piter molkfarde ommers mar.
Dou wiest de skranderste fan de hiele skoalle, Lykle, dou hiest it fier genoch bringe kinnen.
Hy seach tryst de waed oer. - En ik haw der neat fan to lanne brocht, ik doogde nearne ta. De minsken by uzes tinke miskien, dat it my neat skele kin dat us heit it bistoarn is en dat ik us mem hast nea opsykje, mar ik haw der gjin wille om.
Yn in wylde snok treau er syn holle yn it gers fan de dyk.
| |
| |
Hja pakte syn han: - Lykle!
Hy kaem oerein en seach har oan.
- Haldst noch fan my, Gels?
- It is net de earste kear dat ik dy dat siz, leau ik. Hy kniep syn hannen ticht, dat de knokkels wyt waerden.
- Ik haw alles forbruid, Gels. Ik bin in minnen ien. Hast myn wiif wol sjoen tink. Ja, mei har bin ik troud. It is in hel der. Ik miende dat ik gek op har wie. Soms tink ik dat ik it noch bin. It is sa'n divel en doch koe se sa forrekte leaf weze. Nou haw ik ofdien. Der is in seman, in Ingelskman. Ik haw har hast deaslein. 0 Gels, hwat moat ik? Kinst my net sinten jaen, dat ik fuort kin, hiel fier hjir wei? Dat ik oanmunsterje op in skip? Ik haw gjin bAssinten hast. As ik ienkear seman bin, fortsjinje ik wol, dan krigest it wol werom. Mar dan moatstou my skriuwe. Silstou my skriuwe, Gels? Altyd? Oars wit ik net hoe't ik boppe bliuwe sil!
De greate toer liet trije slaggen hearre. Yn de sliepkeamer fan direktrise Jongema knipte it ljocht op. Hja skarrele yn in laedtsje, om in tabletsje. It koe sa net langer, der gyng gjin nacht foarby dat se net wren wekker lei. Yn de spegel seagen har eagen great en barnend har tomjitte. Minnema praette hieltyd dat se der min Atseach, en bisocht har to fangen op tokoarten yn har wurk.
It gyng noch goed hieltyd, al kaem al har wilskreft der ek oan to pas. It foel sa swier, de famkes wiene op sa'n nuodlike leeftyd. Se moasten sa laet wurde. It frege alles fan har, soms wie hja strang, to strang sa't se it net fan har wend wiene, seach se oan de kelle eagen. Ek dat wie net goed, dan Antkamen se har buten it hAs om. Se moasten fest hâlden wurde, sûnder dat se it sels hast fielden. It gyng har altyd sa goed of, mar nou stie se soms yn bistan om nei it bistjur to gean en har Antslach to freegjen. It gyng hast net mear, as allinne dat iene har mar yn bislach naem. Mar dan ek bitocht se har, se moast sterk weze, it soe wol wer wenne. Hwat moast se sûnder har wurk, hja moast fierder ommers. Elke moarn en elke middei wachte hja yn spanning de post of, oft der net in brief mei in frjemd postsegel lei At in fiere haven. Hy soe earst skriuwe en adressen opjaen, der't hja hinne skriuwe koe, mar nea kaem der hwat. Hwer siet er? Hwat die er? Fear er nou al, of wie er noch by dat wiif?
Fjirtjin dagen letter lei der in lyts suterich briefke tusken
| |
| |
de oare post, mei it stimpel fan it eilan. Hja skuorde it iepen:
Leave Gels,
Nim my net kwea, dat ik hjir noch bin. Ik gun har dy keardel net, ik kin der neat oan dwaen. Hja bitsjut noch to toile foar my. Forjow it my, Gels. De sinten stjur ik letter wol.
Lykle.
Doe waerd it hjerst en winter njonkelytsen. De kastanjebeam foar it Hns wie keal, de bledden wiene der ofswypke, wylst oer de aide strjitte de wolkens jagen. Faek wie Gels de doar ntstapt mei de hannen djip yn de bfisen fan de aid reinjas. Pal yn de wyn op hie hja roun by it swarte wetter lans mei de kritende seffigels der boppe. Mar jouns, allinne op har keamer, siet se foar har fit to stoarjen en tize mei him om. Hwat die er? Hoe wie it mei him? Soms lei hja op knibbels foar har bed. 0 God, wes him genedich! HaId Jo him beet, as ik dat net kin! Moarns lykwols bigoun se de dagen mei in kalme moed en sette har to har taek. Stil weze moast hja, op har post weze, by soe har noch altyd nedich hawwe.
Op in sneintojoun yn jannewaris siet hja mei in boek yn in noflike stoel by de kachel. De wyn guide oanienwei troch de skoarstien fan har hege keamer, en hja hearde oanhaldend de goate rinnen. As hja it gerdyn optilde, plakten der wiete ploken snie tsjin de glezen oan. De hiele dei hie it sok iinhuer waer west. De moarns doe't se mei de famkes nei tsjerke roun, wiene se allegearre like klomsk en forsutere oankommen. Mar de tsjinst hie goed west. Hja seach harsels noch sitten yn de hoeke fan de bank. It bleke winterljocht foel troch de hege finsters, it oargel spile en naem jin mei. En doe fierder de preek en it sjongen, hwat it krekt west hie, wist hja net, mar it hie har hwat sein. De hiele dei wie der hwat fan hingjen bleaun, hwat waerms en ljochts.
De skille gyng. Hol klonk it troch de gong; hja skrille der fan op, hwa wie der noch sa let? Och ne, let wie it noch net, mar hwerom trifle se dan sa, de konsierge wie der ommers wol?
- Der is immen om jo to sprekken, direktrise.
- Hwa, of witte jo dat net?
- Ne, ien fan de famkes har heit miskien.
- Goed, ik sil sjen.
Hja gyng nei de doar, de konsierge stie heal efter har
| |
| |
In man stie wiet en forklomme foar har, de hoed oer de eagen. Mar doe't er opseach, haldde hja har beet oan de stile fan de doar.
Lykle! Dou hjir! Kom der yn! - Kinne jo Lys hjir efkes hwat kofje bringe litte? frege se doe de konsierge.
Mar yn har keamer: - Lykle, hwat is der oan mei dy? Hwat dochst hjir nou sa let?
Gels, lit my by dy bliuwe. Ik kin net mear!
Jonge, dat kin ommers net. Hwat is der dan oan mei dy? Ik sil dy sinten jaen boar in hotel!
Ne, Gels, dan forsilp ik my, ik kin fannacht net allinne bliuwe!
Mar leave jonge, dou kinst wol bigripe, de konsierge hat dy ommers sjoen!
Doe sei er heas, mei wanhopige eagen: - Ik sil nou aenst fuortgean en dan sil ik wachtsje oant alles tsjuster is yn it hûs en op it rut tikje. Litst my der dan yn? Dou litst my der yn, nou? As it wier is datst fan my haldst. Wyld hie er har Ilan beet. Hja, deawyt, forweegde har net.
Ja, ik lit dy der yn.
Mei in kertier stapte er op. De konsierge liet him At en knipte de doar yn it nachtslot. Yn har keamer stie Gels rjocht op en del nei de doar to sjen. Dreamde hja it net? Wie it wier? Mei in snok foel se mei de holle op de tafel. - 0 God, forjow it my hwat ik nou dwaen sil! Forjow it my! Ik kin net oars. Meitsje Jo dat nimmen it to witten komt. It kin net, om de famkes net!
In fire gyng foarby. Hja hie har gewoane gong troch it hûs dien, nou wie elk fit de wei. Op de strjitte wie it stil, soms klonk der in holle stap. Koartsich wachte hja. Hwer wie er nou? Soe er werkomme? Hwat wie der mei him bard? Hwat moast se mei him fannacht?
In lichte tik op it nit. Hja rydboske, de tosken klapperen har, doe't se nei de doar gyng. Yn de gong wie it tsjuster, der wie nimmen, mar it wie har of loerden der troch alle doarren eagen. It wie sa forskriklik foar in direktrise, mar it moast om Lykle. Har triljende hannen krigen mei lijen de doar fan 't slot. Hja waerd kel fan it geknars. Doe wipte er der yn. Hy holp ta de doar, doe loek hja him mei oan de han nei har eigen doar, dy't fuort by de foardoar wie. Der brande in lyts skimerlampke en de kachel stie gleon. doe't se him syn hoed en jas ofnaem, sei er mei triennen yn de eagen: - 0 Gels, forjow my dat ik dy dit oandoch. Ik bin der sa biroerd oan ta!
Doe't hja syn han streake, waerd it him to folle mansk en
| |
| |
bigoun er to skriemen. Hja gyng by him sitten en loek syn holle tsjin har oan. Yn syn hier siet bistjurre bloed. - Lykle, hwat is der oan? Stil leave, se moatte dy net hearre. Fortel my doch hwat der oan is!
Stadichoan bigoun it har dfidlik to wurden, by wie weromkommen, de Ingelske matroas. Hy hie se trapearre, hja hiene fochten. Hy hie bfiten westen lein, en nou wiene se fuort, atnaeid, togearre.
Hy snokkere it nt. - Ik haw wol ris tocht, dat it my neat skele koe, mar ik haw sa gek op har west. Dat bigrypstou net, dat kinstou nea bigripe hoe't se weze koe. Ik haw my forsiipe sillen, it wie my allegear neat mear. Ik wist net hwerom't ik fierder soe. Mar dou wiest der ek noch, Gels, en dat silst ek net bigripe kinne, mar ik haw dy nea forjitte kinnen. Net in fire fan de dei, datst der net hiel fier op de eftergroun wiest. Doe wist ik oars neat mear, as ik moast nei dy ta. It wie as in koarts yn my en nou bin ik hjir en bring dy yn gefaer. 0 Gels, moatst my der wer Utlitte. Ik bin net in keardel, miskien fyn ik noch wol in finderdak.
Wyld fleach er oerein. - Ne, ik lit dy net los. Dou bliuwst hjir. God sil us helpe.
Dy nacht leine se stiif yn inoars earmen op it smelle bed. Mar ier, hiel ier yn de moarn, doe't it noch neare nacht wie, liet hja him fit.
Yn de pyama, forskille efter de treppen, stie Minnema. Gels hat it net fornommen....
|
|