Frysk en frjemd:
Njoggentjinde-ieuwers to boek
It litterair-histoarysk Wurkforban fan de Fryske Akademy hat in foarlopige opset makke foar in rige boekjes mei wurk fan njoggentjinde-ieuske Fryske skriuwers. Derfoar soene yn de bineaming komme: J.C.P. Salverda, R.B. Windsma, R. Posthumus, J.G. van Blom, T.R. Dykstra, P. Bleeksma, A. Boonemmer, S.K. Feitsma, J.R. Kloosterman en inkelde oaren.
As earste Atjefte yn dy fan Akademywegen to forsoargjen rige soe in bloml8zing forskine kinne mei fersen At de foarige ieu mei taljochtsjende tekst fan dr. Y. Poortinga. Dr. A. Wadman hat him re forklearre, in dieltsje oer Salverda to forsoargjen, D.A. Tamminga is frege foar dat oer Windsma. De folchoarder fan de rige soe herder ofhingje moatte fan hwat der re komt.