Klaes Dykstra:
E. Howard Harris tachtich jier
De man hwaens namme hjir boppe stiet mei himsels graech ‘bookman’ neame. Ek tsjut hy himsels wolris oan mei it wurd ‘internationalist’. En al syn bûtenlanske reizen binne by him ‘literary pilgrimages': sa stiet dizze figuer winliken al út 'en rûgen foar tis tekene.
De hear Harris is in Ingelsk-pratende Welskman, dy't yn Noard-Ierlên oan de Queen's University fan Belfast syn graden helle, om dêrnei 50 jier oanien, meast oan skoallen yn Ingelên, ûnderrjocht to jaen yn 'e Ingelske tael en litteratuer. Al lizze de plakken fan stûdzje en wurk wol jimmeroan yn it Keninkryk, dóch wie dizze dichter neffens syn hert al dy jierren om utens. Wales wie en bleau syn Heitelên. Dêr allinne sjongt er yn syn bondels fan, dy't ek al alles-sizzende titels op it omkaft drage: b.g. An Exile's Lute (De Lute fan in Balling), The Harp of Hiraeth (De Harpe fan Langstme). It docht jin dan ek gjin nij, dat er nou, stillibjend (nou ja: stil!), wer yn Wales wenplak keazen hat, yn it Suden, yn Swansea, in drokke havenstêd. Hy skaeide sels út in âld sémanslaech dêrwei, en dat forklearret faeks in soad; dat forklearret altomets ek mei syn swalkerssin en syn ynternasionale ynstelling, hwat foar him as ‘man fan boeken’ fansels sizze wol: niget oan frjemde litteratueren.
By myn witten binne fan Howard Harris fiif fersebondels titjown: An Exile's Lute, The Harp of Hiraeth (1922), Songs in Shot-Silk, Singing Seas en Song Cycle at the Worm (1934).
Yn 'e earste bondels wied er algemien Welsk, it rike Keltyske forline tofoarskyn toverjend yn melodieuze fersen en wûndere balladen: