De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 185] [p. 185] Sybe Sybesma: As ik oan Fryslan tink As ik oan Fryslân tink: ik wit it net.. Syn boeren sille laeks duorjender wêze as in mannich stienberchtmen - faeks ûnder oare nammen - mar it folk, it Fryske folk? It Fryske folk is in ding dat oerwoun wurde moat en Fryslân in lân forline; Fryslân is in stêlle dy't net bloeije wol, in blom dy't gjin frucht set Fryslân is hjerstwoartels, dy't oergeane, Fryslân is dong. Fryslân is in ding lan juster, en de wrâld dy't wy wêze sille ja, laeks sil dy earne in âld stien opdolle, smoarchgrien lan moas, mei ûnlêsbere hieroglyphen: fryslân - As ik oan Fryslân tink... Vorige Volgende