fortelde har neat, dêr't se hwat oan hie. Hy wie yn Knin ynstapt en hja bigriep, hy hie by syn heit yn Sibenik ûtfanhûze; syn muoike hie de fisk bakt en hy hie in susterke dat noch op it lyceum gie. Né, folie wizer waerd se der net fan.
‘Ik moast al mar oan ús mem tinke, fannacht’, hie er sein doe't hja him in glês wetter ynskonken hie. Dat sintsje wie har bybleaun. Wie dat in hinnewizing? Hy hie har dêrby oansjoen oft er mei syn prakkesaesjes withwersanne wie. En nou sieten hja deun by elkoar to moarnsiten, mei fisk, sanovite en mineraelwetter.
Hoe âld wie hja winlik? In jongfaem dy't lyk as hy gek op swimmen wie, of in ripe frou dy't dit feintsje allinne har glimke jaen koe? De lênsdouwe waerd flakker, mear bibrûkt ek, en de bergen waerden leger. By de spoarwei lâns leine yn greate stikken terrasfoarmige boulênnen. Ja, hja wiene der hast. Noch in heal ûre miskien.
It praet rekke hwat op. Twa jier Ingelsk op skoalle, wie wol in smelle basis foar in petear. Dêr kaem noch twa jier Russysk by en hwat Italiaensk dat er fan de bisettingstroepen op 'e strjitte leard hie.
Hja hiene beide har nocht, fanwegen de ûngewoante fan dizze nacht, mar ek fanwegen it moedsum petearjen.
‘Haldst tige folie fan jim mem?’
Hy knikte en seach nei har hannen dy't yn 'e skerte leine. Sûnder euvelmoed fimele se hwat mei har trouring.
‘Ha jo ek bern?’ frege er sunich.
Hja die har medaljontsje ôf. ‘Trije ljochte, en ien hat krekt sokke grize eagen as dy.’
Hy seach o sa earnstich doe't er it yn har hân weromlei. Syn gesicht stie strak doe't er fortelde dat syn susterke ek ljocht wie.
‘Mar mem wie donker’, sei er.
Hja moast glimkje om harsels. Hwat forwachte se fan dy jonge mei dat heal fortroulike, heal earbiedige yn syn eagen?
‘Is hja dan forstoarn?’
Hy knikte en der kamen trije kykjes út syn brievetas, ien fan 't suske, in famyljegroep dêr't net folie op to ûnderskieden wie en in hwat snûsterich portretsje fan in noch jonge frou.
‘Us mem. Hja is yn 'e oarloch hinnegien.’
Hja doarst net to freegjen yn hokker bitsjutting hy it Ingelske wurd brûkte: tróch of ûnder de oarloch. De hân trille har in bytsje, doe't hja it him weromjoech.
It hie in âlde foto fan harsels wêze kinnen.