De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 177] [p. 177] [Nummer 5] S.J. van der Molen: De pearen Seis ûre, dat de glézen doar komt ticht. Nei neon, chefs en tiere klanten nei dei fan nylons, pumps of wanten is dêr de joune mei in mylder sicht. De feint stiet al to wachtsjen foar it rût. Dan tripket hja him kwier tomjitte. Hy krijt har fyts en oer de strjitte sette hja earm yn earm de Nijstêd út. Hwat sil it wurde: Tivoli of Tún, in slow-fox of hwat doelleas rinne? Of sil it lok ditkear bigjinne by blanke tonic en kroketten brún? Ik bin har wilens al wer kwyt. Mar oeral dêr't de saken slútten wjerspegelje de brede ruten de jonge pearen mei itselde wyt. Hwer rint de waerme dream op út? Mar goed, dat hja it joun net witte; hja kinne langernôch jit sitte iorfeelsum foar in ûtpraet rút. [pagina 178] [p. 178] It hus Hwa dy't it hûs dêr lizzen sjocht op wiid gazon jin prissenteare (de leane makket hoask in bocht) kin dit healwize langstme keare: to libjen ekris sa solyd yn sealen elter linsterrige, bibeet'le mantels, moarmerwyt, en tsjinstberen, dy't swijend nige? In boade skout jin 't finster op en 't park lit swiere roken driuwe út beammeseam faisanterop wylst spjêrren tsjinstré koelte wiuwe. Men kiest in learen foliant en nimt in sit oan hege finsters. Oer d'affaers, hoedzjend oan 't lewant, struit middeisinne giele glinsters. O wis, oerdei soe 't wier-wol gean. Mar hoe, as nachts yn d'earste slomme de deaden om 't ûnthâlden lean forwitend foar it pronkbêd komme? Vorige Volgende