Frysk en frjemd
De tsien wer thus
In nijtsje dat om mear as ien reden mei read kryt oan de balke kin: lang om let sil der in Fryske ‘oersetting’ útkomme fan Alke's Tiental, ien fan de ‘klassiken’ en faeks wol it forneamdste ûnder de berneboeken yn Nederlên. Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer (.Nienke van Hichtum’) skreau it yn de tiid doe't har man, Piter Jelles, as advokaet yn 'e pleit wie foar de Hogerhuizen en dêrfandinne seis in skoft, fanwegen opsetlike mislediging, yn 'e finzenis tahêlde moast.
Bihalven in plicht foar Fryslân oer bitsjut dizze forfrysking (ûnder de titel De tsien fan Martens Alke) it neikommen fan in eareplicht foar de forstoarne skriuwster oer. Nienke van Hichtum hat it altyd as great leed field, dat ien fan de lêste berneboeken dy't hja skreau, De jonge priiskeatser, yn it Frysk yn boekfoarm net forskine koe, om't nimmen it risiko oandoarst. (Nei har dea op 9 Jannewaris 1939, is it der lykwols dochs noch fan kommen). De forfrysking fan Alke's tiental, forsoarge troch mefrou T. Eisenga-De Groot, sil mei goedfinen fan de erven fan de forstoarne skriuwster útkomme. De fan komôf Fryske yllustrator Tseard Bottema sil de printsjes meitsje.
Tseard Bottema hat ek in nije biwurking makke (skreaun én tekene) fan in oar, net minder ‘klassyk’ berneforhael Der wie ris in âld wylke, neist jierren ek mei yllustraesjes fan syn hân en mei