griene boekje, hat der oer gear west, sa't men dat op syn boerefrysk neamt. Hy hat prikken yn it wurk steld (dat docht er wolris faker, leau ik) om der in lollich stikje fan to meitsjen. Oer Jo Smit, dêr't er in ‘swak’ foar hat en dy't nou in novelle publisearre hat dy't ‘pûrbêst’ is mar dy't hy, earme Prikke, net bigripe kin. Folgje noch hwat partikuliere meidielingen û.o. oer in foardrager dy't heal dronken op bêd lei, ûnder it foardragen, as ik, F.D., it F.D. goed bigryp. En oer in romer dêr't Prikke graech ris fiks yn sjen woe, mar it guod dat yn dy romer heart is op 'e redaksje fan it Friesch Dagblad net yn foarrie, docht bliken. (Dat haw ik nammers op in prikje).
Dat sadwaende, Prikke wit it wier net. Nei goed fyftich rigelen Prikke-grappigens komt er einlings ta dy konklûzje. De nei foarljochting toarstige en bigearige lêzers fan it Friesch Dagblad moatte it dêr dan mar mei dwaen.
Nou gun ik Prikke graech syn romerfol - miskien hat er dy nedich om eh.... grappich to wêzen. It bisprekken fan boekjes as Sûnder sûker soed er lykwols better oerlitte kinne oan minsken dy't safolle binul oer litteratuer hawwe dat hja soksoarte wurk fetsje en der yn in minder ôfwaeide trant oer skriuwe kinne. Of binne der sokken ûnder Prikke syn kollega's net? En as Prikke dóchs frij mandaet hat, hwerom skriuwt er dan nea ris in haedartikel?
F.D.