loarste fan 't fûgelhear,
lyts hênfol sang en lear,
as de dreau fan dyn sjongerskip
Ik haw mei opsetsin dizze twa fersen folslein siteard, net om't der yn dizze bondel gjin gedichten mei in swider visy to finen binne mar om't se faeks wol it geefst binne.
Ds sniebuoi is gjin great fers, mar men kin der frede mei ha. De hoedene rhetoryk oan de ein bidjert it in bytsje. Foarjiersstoarm lit jin efkes tinke oan it ûtskriptis dichterlik proaza fan somlike Hollânske Tachtigers. Dêrom net, yn elke blomlêzing foar ús skoalbern sil it in rjochtlik plak fine kinne.
Foar Maeijemoanne hat de dichter in Heilwinsk loar de breid ornearre. Da moralisearjende toan steurt de dichterlike meditaesje en makket dy heilwinsk hwat ryklik swiersettich.
Jounliet yn midsimmer en Koart jounliet binne in pear wrakke steen dêr't net folie goeds fan to sizzen is. Oan de ein fan it lêstneamde fers de strofe:
sil tojoun, mei sêlt wjerljochtsjen,
ús in groetws, hast biskromme,
út dat fiere dreamlên komme?
Dat is fansels moai sein mar de dichter syn emoasje, dy't der sûnder mis wol west hawwe sil, wurdt uzes net.
Né, dan kin it fers Simmerheechtiid better munsterje, dat ûteinset mei in tige banale mar ek tige konkrete meidieling, ja winliken sahwat de meast proazayske oanrin dy't men foar in gedicht oandoare kin. Lykwols slagget it Kiestra der in fers fan to meitsjen dêr't men de dichter en de boer folslein yn weromfynt.
Simmerpsalm, dat jin O. Postma yn it sin bringt, al hat it dy syn biswarrende krêft net folslein, De ploits, De blêdial en De luortgong achtsje ik, as men in mannich lytse Schönheitsfehler net to folie biachtsje wol, de sterkste fersen fan dizze syklus. De luortgong mei syn eigenaerdich pathos en foarname alluere is faeks wol it hichtepunt fan de bondel:
och, dat de winter oer dit fryslân, God,
en mannich syn iolein'ge libbenslot
dóch komme mocht yn kleare tsjusternis,
en net yn dize en binauwenis;
net sa helpfallich lyts, biheind lan wrâld,
al slacht it herte traech, al wurdt it âld,
dat dôch de jeld ús hjirre net omklamme,
mei soargesyktmen, dat wy net biskamme,
leech oer de groun in lêste ôlreis sochten