| |
| |
| |
M.J. de Haan:
Ekspedysje oer de sompe
Plak en bitsjutting fan de litteratuer yn de hjoeddeiske kultuer.
As men - op hokker wize dan ek - yn de situaesje kommen is, dat men hwat nei foaren bringe moat oer in ûnderwerp as it boppesteande, dan springt de minsklike geast gauris werom nei in eardere libbensperioade en fynt dêr ynienen in analooch gefal.
Sa sjoch ik my nou stean as jonge mei in pols, op in skrouske aprilmoarn, midden yn in sodde (nuver gefal eins, dat men jinsels sa stean sjen kin!). Hoeden taest er fan it faeije plakje, dêr't er op stiet, it ‘terrein’ ôf, yn 'e hope hwat stevichheit to finen, dat er wer in eintsje fierder komme kin.
Steane wy sa ek net yn de hjoeddeiske kultuer? Hwat fakman doar it oan en jow ús dêrfan in byld en dêrmei hwat fêstichheit?
Yn ús bibliotheken kinne wy rigen wurken fine oer Egyptyske, Babylonyske en neam mar op hokker âlde kultueren. Mar siikje ris om in biskriuwing, in gearfetting fan de hjoeddeiske kultuer, dy fan ús moderne wrâld. Dan komt men net fierder as ta détailstûdzjes ‘It probleem....’ of ‘De problemen fan... ‘".
It libben fan de minsken yn de moderne wrâld liket tofolle ûtinoar roun, wy sitte allicht ek to deun op de feiten om ta in totaelbyld komme to kinnen.
Dêrfoar moat men ôf nei it forline ôf nei hwat langer hwat seldsumer wurdende primitive slettene mienskippen as dy fan Navajo's c.s. weromgean.
It wurd kultuer, dat yn ús dagen safolle brûkt wurdt, set ús op slêch al foar slimme tûkelteammen. Op in yn 1954 to Ljouwert holden ‘Congres, uitgaande van Nationaal Overleg voor gewestelijke cultuur’ sei Prof. L.J. van Holk yn in ynlieding oer Traditie en vernieuwing in het cultuurleven:
Cultuur is ontginning der natuur door de krachten van de geest: op het gebied van levensonderhoud (aarde, landbouw b.v.) en bedrijf; van wetenschap en techniek; van recht en staat; van godsdienst en wijsbegeerte.
Cultuur is ontginning der ziel: door beschaving van zeden en gewoonten, taal en omgangsvormen; door veredeling van karakter; door geestelijke oefening en zelfkennis.
| |
| |
Cultuur is ontginning van de aangeboren speeldrift en vermaak en sport; door vrijetijdsbesteding; door teamspirit en wedstrijden; door optochten en feesten.
Wy hawwe hjir in moai dûdlike omskriuwing fan hwat it anthropologyske kultuerbigryp neamd wurdt. Dêrby wurdt ûnder kultuer forstien:
‘de werkelijkheid, die de mens zelf handelend voortbrengt en stelt naast de werkelijkheid, die onafhankelijk van de mens voorhanden is.’
(Dr. K. Kuipers, E.N.S.I.E., bis. 151).
Dêrfoaroer stiet de klassike opfetting dy't in skieding makket tusken kultuer oan de iene kant en sivilisaesje en technyk oan de oare. Under technyk en sivilisaesje fait dan alles hwat tsjinst docht om yn de materiële bihoeften to foarsjen en hwat praktysk en nuttich is yn it maetskiplik forkear (wetjowing, bistjûr ensf.).
Sa makken de Griken al ûnderskie tusken fakkundich witten en ‘paideia’, de opfieding ta in goede hêlding, ek yn jins dwaen en litten. Ek by de Romeinen, yn de midsieuwen en letter, ont yn de 19e ieu ta, slacht it wurd kultuer binammen op foarming fan smaek en fefoelslibben, opfieding fan de geast, foaral troch litteratuer en kunst, allegear bigripen dus, dy't lizze boppe it praktysk nuttige en it ekonomysk needsaeklike.
Ek Prof. Dr. P.J. Bouman, in kultuerhistorikus út ús eigen tiid dus, stiet tichte by de klassike opfetting, as er de ynlieding fan Van Renaissance tot Wereldoorlog bigjint mei: ‘Cultuur is de levensstijl van een samenleving’, in definysje, dy't er ek brûkt yn syn Algemene Maatschappijleer.
Hokker kant út moatte wy it nou siikje - ik taest dus nei myn pols - as wy it hawwe wolle oer de litteratuer as ûnderdiel fan de kultuer?
Sûnder mis de klassike kant ût, mar rint men dan net it greate gefaer, dat men fan de kultuer hwat aparts makket, hwat yn-’!e-loft-sweevjends, bidreaun troch in apart soarte fan minsken, ‘de kulturelen’, wylst kultuer just de harmonyske ienheit oantsjut, dy fan it praktysk nuttige en it aesthetyske, lyk as wy b.g. forwurklike sjogge yn de ealste skeppingen fan ambachtskunst en boukunst?
Hellet men dizze twa-ienheit ûtinoar, dan hêldt men noch as tredde elemint it stribjen nei ienheit oer, mar it wûnderlike is just, dat kultuer dit stribjen wol foar-ûnderstelt, mar dat men earst fan kultuer prate kin as dit stribjen foarm krige hat yn it einresultaet.
| |
| |
Dêrom docht kultuer ús oan as in natuerforskynsel of natuerprodukt, hwat it lykwols út noch yn net is.
It nuodlike yn de kultueraktiviteiten fan ús tiid koe dan ek wolris wêze, dat dit stribjen nei synthese yn in troch spesialisearring ûtinoar dreaune maetskippij tofolle healwei stykjen bliuwt, de harmonyske ienheit net birikt en dêrtroch de yndruk jowt fan hwat krampeftichs, hwat gau anti-kulturele réaksjes opropt.
Ta hoen formelende krêft dy oanboazje kinne, hawwe wy al ien kear ûnderfoun. Hwa doar sizze, dat itselde gefaer nou net mear wankt? En hwa is fan bitinken, dat it yn Fryslân net oanwêzich is?
Dochs kinne wy it stribjen nei de harmonyske ienheit, dy't wy kultuer neame, net oerjaen: wy soene ús namme fan minske net mear wurdich wêze. Lykwols, allinne al út selsbihêld, moatte wy der alles op sette it hiele folk yn to skeakeljen: in elitekultuer, allinne foar in lytse boppelaech, is yn ús dynamyske maetskippij deadsgefaerlik.
As wy nou sjogge nei kênsen om yn ús tiid to kommen ta kultuer, dan moat it each wol yn it foarste plak falie op de mooglikheden dy't de tael biedt.
Ommers, de tael is mienskiplik bisit, it biningsmiddel tusken de leden fan itselde folk. De tael is lykwols folie mear as sosiael binings- en forkearsmiddel: de tael is uteraerd it foarmskeppend middel by ûtstek, dat de minske ta syn foldwaen hat om it chaotyske forskaet fan yndrukken dat op him takomt, to oarderjen en to bihearskjen.
As it lytse bern syn earste wurdtsje, ‘mem’, seit, dan docht it syn earste greate skeppingsdied: it grypt hwat út de chaotyske skeppingswrâld om him hinne, makket dat los fan it oare, lukt it yn syn geast: it is in bigryp wurden, dat tonei syn eigen wegen giet.
Nei dizze earste stap giet it boartsj endewei ta-eigenjen fan symboalen yn rêd tempo fierder en al ridlik gau bigjint it oarderjen, it lizzen fan forbannen tusken forovere bigripen: hja wurde gearbrocht yn it systeem dat wy ‘tael’ neame, it middel dêr't de minske net allinne kontakt troch hat mei syn meiminsken, mar dêr't er him ek de wrâld mei ta-eigenet, ta sines makket, of dichterlik sein ‘biswart’, nei forrin fan tiid seis los fan it bilibjen op in bipaeld sté en stuit: frij fan plak en tiid kin er seis de bylden oproppe.
De mooglikheden mei de tael wurde noch ûnoarm forgreate as nést it klanksymboalesysteem, de sprutsene tael, it skrift- | |
| |
teken komt, dat bliuwt, as de mûle dy't de klanken uterje koe al lang stom wurden is, as de skeppende geast dy't formulearre d.w.s. syn tinken en fielen yn foarmen fêstlei, it ierdske libben al lang forlitten hat.
De greate bitsjutting fan de tael foar alle kultuerwurksumheit bly kt wol hjirtit, dat alle minsklike wurkdiedichheit op hokker gebiet ek, yn tael biskreaun wurde kin.
De tael is en bliuwt dus it greate middel om de chaos, ek dy fan ús bitiisde moderne wrâld, to bihearskjen.
De swierrichheit bigjint lykwols, as men fan de tael oerstappe moat nei de litteratuer.
Dy swierrichheit soe der net wêze, as men ienfâldichwei alles hwat op skrift steld is, litteratuer neame koe. Nimmen giet lykwols sa fier, dat er de hiele krante, advertinsjes en pleatslik nijs ynbigrepen, ta de litteratuer rekkenet.
It brûken fan it wurd tsjut altiten op in ûnderskieding. De studint, dy't seit dat er foar it iene of oare tentamen noch gêns litteratuer trochwrakselje moat, docht dat likegoed as de Tsjerneredakteur, dy't ûnderskie makket tusken litteratuer en lêsfoer.
Oan dizze foarbylden docht lykwols al bliken, dat de iene de grins tusken litteratuer en hwat dêrûnder bliuwt gêns oars lukt as de oare, ja, dat wy, al neffens de situaesje, de grins iderkear wer forlizze.
Ek yn Fryslân kinne wy, hwat de penibele fraech: ‘Hwat is litteratuer?’ oanbilanget, wize op inkelde nijsgjirrige publikaesjes.
Yn syn ‘Forantwurding’ by De Fryske Skriftekenisse fan 1897-1925 (diel I, 1928) skriuwt Dr. D. Kalma:
‘De Fryske skriftekennisse, nommen yn de wiidste sin fan it wurd, omfettet de kennisse fan alles hwat der yn it Frysk skreaun is.
Yn in inger sin heart dêr ta de kennisse fan de skriftlike utering dy't fan bliuwend bilang is ûtreden fan hokfor fortsjinste.
Yn in jit inger bitsjutting wol it sizze de kennisse oan de skriftlike utering dy't fan bilang bleaun is ûtreden fan har kunstwearde.’
Fierder fordigenet er syn kar mei de wurden:
‘As stûdzjestof is keazen de skriflike utering dy't fan bilang west hat yn de ûntjowing fan it geastlik libben yn Fryslân.
It aesthetyske falt hjir fansels ûnder, mar it is net bihearskjend.’
Yn it foarwurd fan diel II (1931) skriuwt Dr. D. Kalma, dat
| |
| |
meil bitinke moat dat dizze blomlêzing in diel titmakket fan in litterair-histoarysk wurk:
‘Dit bitsjut, dat ik net ûtgean woe en ûtgean mocht fan in persoanlik aesthetyske standert, dy't ûtwiisde hwat forsmiten wurde moast en oannommen wurde mocht, mar allinne fan de litteraire feiten, dêr't ik fan jown haw, hwat my út hokfor groun fan bilang like, om sa in hiel tiidrek to typearjen.’
Yn De Fryske Skriitekennisse fan 1876-1897 (1939) l©ze wy yn de ‘Ynlieding’!:
‘Under skriftekennisse wurdt dan, yn oerienstimming mei de definysje yn de dielen oer it tiidrek fan 1897 ta 1925, forstien de utering fan de Fryske geast, ynsafier't dy fan bliuwend bilang is, ûtreden fan hokfor fortsjinste, mei bisûndere biachting fan hwat wearde hat as taelkunst.’
As wy dizze lêste ûtspraek forgelykje mei de earste twa - dêr't men ek al in lytse forskouwing yn konstatearje kin - dan blykt op slach, dat wy ‘yn oerienstimming mei’ hjir perfoarst net l©ze moatte as ‘lyk as’.
De Fryske geast, dy't yn 1939 foar it earst opdûkt, kin ik hjir rêste litte. Mar hwat ús wol tige ynteressearje moat, is de forskouwing yn it bigryp ‘skriftekennisse’, de aesthetyske kant oer!
Fan in ûnderdiel (‘dat der fansels ûnder fait, mar net bihearskjend is’ - 1928) is it aesthetysk elemint yn 1939 opklommen ta in kritearium, dat wol tige meitelt (‘mei bisûndere biachting fan hwat wearde hat as taelkunst’).
Dr. D. Kalma syn lêste wurd hjiroer hat west, hwat to finen is yn It Beaken (1953, bis. 84):
‘Litteratuer: dat is yn Fryslân net sa ienfâldich. Hwat is by ús litteratuer? Al dalik doe't ik foar it earst in oersjoch jaen moast oer in hiel tiidrek, yn 1928, by de Forantwurding fan it foarste diel fan myn Skriitekennisse, moast ik in definysje jaen.’ (folgje de trije definysjes, hjirfoar jown.) ‘Dat giet - ynsafier't it fuotten hat.’
Yn hoefier hat dit nou fuotten? Net sa hiele fier, as men lêst hwat der yn in noat ûnder oan de bledside - en noch wol tusken heakjes - oan tafoege wurdt:
‘Op bitingst fansels dat de oanbilangjende wurken ek stilistyske fortsjinste ha!’
Nei fiifentweintich jier is it aesthetysk elemint, ‘stilistyske fortsjinste’, d.w.s. macht ta foarmskepping, it kritearium wurden, wurdt it tominsten foar it earst as it kritearium steld.
Wy sjogge hjir in nijsgjirrige ûntjowing, dêr't wierskynlik
| |
| |
nimmen oan ûntkomt, as er him rekkenskip jowt fan hwat er ûnder litteratuer forstiet.
Tige fordtidlikjend is hwat Dr. D. Kalma yn ditselde artikel opmerkt oer de gong fan saken by it titjaen fan Dr. Botke syn natuerhistoarysk en geakundich wurk en dy by lettere titjeften fan net minder kwaliteit:
‘Botke, mei syn natûr-histoarysk en geakundich wurk lyts tritich jier lyn, wie in forskining; de Fryske Bibleteek rekkene it har ta in eare syn wurk yn har rige op to nimmen; der binne nou dieltsjes yn de Lênbou-bibleteek dy't grif net minder skreaun binne, mar as hja yn in oersjoch fan de litteratuer neamd wurde, is it mear as moai.’
Dizze gong fan saken sjogge wy yn de ûntjowing fan eltse litteratuer en kin ús dus miskien in oanwizing jaen, Hwe't wy de grins by de bineaming ‘litteratuer’ lizze moatte: de earste dy't bigjint syn ûnderfiningen, yndrukken, bitinkens, fielings yn tekens fêst to lizzen, to biskriuwen dus, wurdt ferge op in kar. Hy moat himsels de foarm skeppe dy't utering jowt oan hwat er bilibbe, sjoen, oertocht, trochfield hat. Dit foarmjaen is foar de pionier in ûndernimming, in wrakseling, dy't neitrillet en spanning jowt oan syn wurk, hoe primityf dat dan ek - mei letter wurk forgelike - wêze mei.
Mei rjocht nimt eltse litteratuer de âldste taeldokuminten dan ek allegearre as litteratuer oan. Sa meije wy dus ek de âldfryske wetten yn har gehiel, dus net allinne de pro- en epilogen, ta de Fryske litteratuer rekkenje.
As nei forrin fan tiid dizze earst sa swier bifochten formulearringen ta algemien gongbere munt (klisjé’!s) wurden (forwurden) binne, dan fait it persoanlik taelskeppend elemint hwat langer hwat mear wei, wurdt it forfongen troch in technyk, dy't men oanleare kin, d.w.s. oernimme fan de foargongers. De skeppende persoanlikheit fan de skriuwer skout hwat langer hwat mear nei de eftergroun.
Is it sa fier kommen, dan moat men in skied lûke tusken litteratuer en skriftlike meidieling. Sa'n skieding hat dus neat to meitsjen mei it ûnderwerp. Biskiedend is it oardiel oer de styl, d.w.s. oer de foarmskeppende macht, it kréatyf formogen fan de skriuwer. In wittenskiplik wurk kin dus yn in situaesje ta de litteratuer hearre, in roman of in gedicht der bûten falie (lêsfoer, rhetoryk).
Dit oardiel bliuwt uteraerd persoanlik, subjektyf: it sil altyd in nuodlik bidriuw bliuwe, de skied to lûken.
Yn Critiek op de Tweesprong (‘De Eik’, J.M. Meulenhoff
| |
| |
1952) wurdt dit probleem yn de foarm fan in polemyk tusken S. Dresden en D.A.M. Binnendijk op nijsgjirrige wize biljochte. Wylst Binnendijk as litterair kritikus it litteraire wurk hifkje wol oan it litteraire peil, dat op in bipaeld stuit birikt is, wol Dresden - mear psycholoog - it wurk binammen sjen as kréaesje fan in bipaelde skriuwer en dus yn wêzen eltse skriuwer in eigen mjitte oanlizze.
Dit probleem leit yn Fryslân wol bisûndere lestich, om't de litteraire ûntjowing hjir noch sa jong is en sa biheind. Dat bringt ommers fiergeande konsekwinsjes mei foar de noarm dy't men yn Fryslân oanlizze kin by it skiftsjen fan hwat der al sa skreaun wurdt. Lit ús dat mei in ienfâldich foarbyld yllustrearje:
In Hollânske skoaljonge dy't goed mei it spul op 'e hichte is en geregeldwei sportforslaggen lêst, kin, as er in bytsje handich is, in fuotbalforslach yninoar sette. Lit in Fryske jonge, dêr't wy nou ris fan oannimme sille, dat er him mei Frysk skriuwen rédde kin, dat ek ris bisiikje. Hy sil der oer switte moatte, en as it him sahwat slagget, mei men wol hast fan in lytse litteraire prestaesje sprekke: hy hat seis hwat meitsje moatten.
As wy noch ris weromsjogge nei ús ûtgongspunt, ntl. de frage: ‘Hwat is it plak en de bitsjutting fan de litteratuer yn de hjoeddeiske kultuer?’ dan kinne wy dochs wol dizze konklûzje lûke: it plak is rommer en wider as dat fan hokfoar oare kunst, om't de litteratuer as ynstrumint de tael brûkt, in ynstrumint dat elts ta syn foldwaen hat; de bitsjutting fan de litteratuer, har bilangrike funksje dus, blykt wol hjirût, dat elts dy't ‘der mei pielt’ twongen is dit ynstrumint op in hwat oare as de gongbere wize, op persoanlike wize, to brûken.
Litteratuer is dus wêzentlik altiten eksperiminteel, oars is it gjin litteratuer mear, mar omgongstael. Dit komt it dûdlikst út yn de poëzij, mar it jildt ek foar alle oare litteratuer. Hja moat alweroan nije libbensgebieten bisiikje to omfiemjen troch dy litterair foarm to jaen, en de biwende jimmeroan op nije wize witte to eksplorearjen. Slagget dat net, dan is it sêlt lef wurden en ta weismiten keard. By in part fan de Fryske skriuwerij lykje wy wolris op dit punt oanlênne to wêzen!
De hjirboppe neamde opjefte: iderkearen wer hwat nijs en/of it âlde jimmer op nije, oarspronklike wize bringe, is foar de skriuwer en foar de litteratuer in tige nuodliken-ien. Yn 't foarste plak foar de skriuwer. Prof. S. Dresden skriuwt dêr
| |
| |
b.g. oer yn Existentie-philosophie en Literatuurbeschouwing (‘De Eik’, J.J.M. Meulenhof, bis. 29-33):
‘De dichter nu verlaat dit gereguleerde, bepaalde leven, dat hem te knus, te warmpjes, maar vooral te drukkend voorkomt; hij overschrijdt de grenzen en is daarmede geheel alleen, zonder steun, overgeleverd aan gevaren die hij ook alleen ondergaan en overwinnen moet.’ (yn in ûtiensetting oer Heidegger: ‘Hôlderlin und das Wesen der Dichtung’).
‘En de schrijver, of de kunstenaar in het algemeen, is bij uitstek eenzaam. Hij, die de grenzen van het dagelijks bestaan niet aanvaard heeft, hij leeft naast de mensen der dagelijkse wereld. Hij is niet opgenomen en wenst ook niet opgenomen te worden, in hun gemeenschap. In eenzaamheid aanvaardt hij de strijd, die gestreden moet worden, wil hij ooit tot het scheppen van een kunstwerk geraken. Dit scheppingswerk is overigens, op zichzelf, van een merkwaardige, paradoxale natuur. Immers de kunstenaar, die eenzaam en alleen staat, richt zich noodzakelijkerwijze tot anderen, wanneer hij zich uitspreekt. Daaruit moet volgen allereerst, dat hij anderen insluit in zijn eenzaamheid en vervolgens, dat hij, bij het uitbeelden van deze eenzaamheid, gebruik maakt van een methode, hetgeen eveneens het bestaan der anderen veron-derstelt. De situatie van de schrijver, die zijn eenzaamheid verkondigt, is dus paradoxaal en, al aarzelt men het te zeggen, absurd: in zijn eenzaamheid is hij geenszins alleen.’ (nei Maurice Blanchot's Faux pas en wol út de ynlieding: De l'angoisse au langage).
Dizze ‘absurde’ en paradoksale situaesje fan de dichter is op de him eigen masterlike wize ûtbylde troch Dr. O. Postma yn it gedicht: ‘Soene Jo stjerre moatte as Jo net mear dichtsje mochten’ (It sil bistean, bis. 34). Earst sjogge wy de dichter sitten yn syn iensume striid:
ik soe dochs wol jouns hwat sitte meije
en de aide bylden foar my oprize litte?
Ik soe dochs wol it jonge forskinen festhalde meije,
En wezen en faits wer foar eagen bringe?
Faeks soe ik wol effen perbearje meije
Hoe't it klinkt as ik de wurden opsiz?
En as ik sa yn tinzen wei de pinne opnaem
en in pear rigels opskreau
Om my dan wer to bitinken en troch to krassen
en wer op 'e nij hwat wurden to siikjen.
en dernei it paradoksale:
- Mar sa'n fers wol nei de minsken ta,
mei syn glans, mei syn libben,
| |
| |
mei syn sjongers- en dounsers-aerd;
It wol mei yn 'e rige yn blomsierde parken,
En effen in glim jaen yn donkere keamerromt,
En soms wol it skrieme om droef forlitten;
Hoecht men nei dizze rigels oer de bitsjutting fan de litteratuer, bringer fan hwat boppe it gewoane, praktyske libben fan al den dei út giet, noch ien wurd to sizzen?
Mar út dizze rigels blykt ek, dat it bistean fan de litteratuer bidrige wurdt, as de ûtstjûring fan it dichterlik boadskip net opfongen wurde kin. Wy komme hjir dus sahwat by de Goutumer Radiokwestje tolênne: de stjûrder, d.i. de skriuwer, moat in birikbere golflingte brûke, mar sa'n aparte dochs ek wer, dat de ûntfanger al mar oan twongen wurdt syn tastel to forbetterjen, dat er finer nuansearringen opfange kin.
As de maetskippij sa organisearre is, dat dit kontakt suver ûnmooglik makke wurdt, dan is sa'n bistel in gefaer foar de kultuer en dus foar it minskdom.
Omdat der spanning wêze moat, bliuwt lykwols ek yn gunstiger omstannichheden it gefaer fan oerspanning - en dêrmei dat fan kontaktforbrekking tusken skriuwer en folk - altiten bistean.
It bisûndere fan de hjoeddeiske situaesje koe dan ek wolris wêze, dat dit gefaer sokke ûnoarme ôfmjittingen oannommen hat en dat dêrtroch it eangstgefoel sa sterk wurden is. Ut dit gefoel fan driging sil lykwols just de wil to forlossende dieden en út de dêrtroch ûntsteande spanning de krêft ta de died-sels fuortkomme moatte.
Hoe stiet it nou mei dit eangstgefoel en dizze spanning yn Fryslân? Prof. Dr. J.H. Brouwer konstatearret yn syn Hedendaagse aspecten van de Friese literatuur (Laverman N.V., Drachten, bis. 36):
nog altijd heeft de karakterisering, die Folkertsma van de Friese literatuur gaf - yn 1936 - zijn gelding niet verloren, al nemen de spanningen zienderogen toe en al dreigt de intellectuele bovenlaag zich naar inhoud en vorm meer en meer af te scheiden van wat het volk wil en kan verwerken. De kloof tussen de generaties wordt groter. Modern levensbesef en moderne literatuurvorm lijken niet altijd te kloppen. Het aantal talentvolle auteurs is verhoudingsgewijze niet, absoluut wel gering en maakt de toestand soms wat labiel; de uitbreiding van terrein, de verdieping van de methoden van bewerking, de bij de tijd passende vernieuwing van het taalkunstig instrument voltrekken zich langzaam. Men kan dit als een
| |
| |
organische groei beschouwen, maar ook pleiten voor meer durf, meer élan, groter intensiteit in verband met de maatschappelijke en geestelijke ontwikkeling, die zich in onze tijd met sprongen en rukken schijnt te bewegen. De krachtproef voor het Friese volk en voor de Friese literatuur moet nog komen....’
Yn 't foarste plak is der in yntern-Fryske spanning. Allinne al troch de forbettering fan it ynstrumint, de opbou fan in foar litteratuer to bruken tael út de dialekten, in opbou dy't nou al mear as hûndert jier sûnder ûnderbrekking trochgiet, al is it tempo wolris stadich, moat de ofstên tusken de Fryske skriuwer, dy't dêr diel oan hat, en de Fryske analfabeet - noch altyd de fortsjinwurdiger fan de greate mearheit fan it Fryske folk - greater wurde. Allinne dêrom al is algemiene ynfiering fan ûnderwiis yn it Frysk urginsjepunt nûmer ien!
Mei dit rûge technyske tokoart fan de ûntfangynstallaesje hinget in subtiler, dus foar de kultuer, dy't uteraerd subtiliteit is, folie greater manko gear. It frjemdtalige ûnderwiis op de skoallen yn Fryslân makket, dat it gefoel foar it libbene, it organyske, it persoanlike yn de tael, it gefoel foar de styl dus, dy't de skriuwer bistribbet, by de lêzer mist. De skriuwer komt troch syn eigen ûntjowing mear en mear yn in fakuûm to stean. De trochsné Fryske lêzer hat allinne niget oan de saeklike ynhêld, it nijsgjirrige forhaeltsje mei hwat morael der op ta.
Om dêr forbettering yn to krijen is Frysk ûnderwiis op skoalle ûnfoldwaende, mar moat de Fryske skoalle der komme, dus de skoalle mei Frysk as grountael!
Dizze ynwindige spanning wurdt trochkrûst troch in ûtwindigen, ien dy't fan bûten komt. Trochdat de Fryske skriuwers hwat langer hwat mear de ynfloed fan de Nederlânske en ek wol fan oare moderne litteratueren ûndergeane, litteratueren dus, dy't har folie fierder ûntjaen kinnen hawwe as de Fryske, wurde hja suver twongen foar Frysk litterair wurk in standert oan to lizzen - foar har eigen sa goed as foar dat fan oaren - dêr't in jonge letterkunde, dy't har yn tige muoisume omstannichheden ûntjaen moast en moat, net oan foldwaen kin.
It koartsige tempo dêr't hja - jitris suver twongen - yn bisiikje dizze efterstên yn to heljen, ropt in tige nuodlike situaesje op foar harsels: steld foar in ûnmooglike eask jowe
| |
| |
guont it oer; foar har ynstrumint, it Frysk; en foar it needsaeklik kontakt tusken skriuwer en folk, in kontakt dat tige fariearre wêze kin - as it tal lêzers greaternôch is! - mar dat der op de iene of oare wize wêze moat.
Yn de Jongfryske Biweging fan 1915 binne dizze gefaren foar it earst mei greate krêft nei foaren kommen. Hja binne sunt dy tiid net lytser wurden.
It paradoksale forskynsel docht him foar, dat wy oan de iene kant roppe om mear publyk foar it Fryske boek en oan 'e oare kant net foldwaen kinne oan it forlet fan it bisteande lêzerspublyk. Ut in forslach fan de lêsseal to Frjentsjer 1953:
‘....waaronder 2963 Friese boeken, tegen 3636 in 1952, dus 673 minder dan in 1952, hetgeen het gevolg is van het verschijnen van weinig nieuwe Friese boeken, terwijl de oude veelal bekend zijn.’
En út dat fan de lêsseal op it Hearrenfean 1953:
‘4480 Friese werken (v. j. 4768). De laatste daling laat zich wel verklaren: er verschijnen te weinig nieuwe Friese boeken om de interesse van trouwe lezers gaande te houden.’
Doe't wy ús tocht troch de sompe bigounen, haw ik foarût warsköge, dat ik net de pretinsje hie in bitroubere wei dêr trochhinne to wizen. It is bleaun in taesten en bidjipjen, mar miskien binne wy dan dochs safier kommen, dat wy hwat mear sizze kinne oer de pöltsjes dy't hwat hope op fêstichheit jowe:
De tael is en bliuwt it oarderjend elemint yn it minsklik libben, ek yn dat fan hjoed de dei.
Om't de tael yn it maetskiplik forkear iderkear wer ôfslyt ta technysk helpmiddel, klisjé, en dan allinne mar in bisteande, statyske wrâld ûtbyldzje kin, is de litteratuer needsaeklik, dy't troch it sykjen fan nije mooglikheden de tael op 'e hichte fan de tiid haldt.
Yn in dynamyske maetskippij moat de litteratuer dus ek in dynamysk karakter hawwe. Sa gau't hja efterbliuwt, is der gjin litteratuer mear.
Litteratuer kin allinne bistean as der kontakt is tusken skriuwer en publyk (lêzers). Dat kontakt kin oan beide kanten forbrutsen wurde. De skriuwer moat him, ek yn syn eigen bilang, hoedzje foar oerspanning. Syn publyk moat fan de oare kant sa ynsteld wêze, dat it rikke wol, him ûtrekke nei heger plan.
Hjir leit dan ek de earste taek fan it ûnderwiis yn ús tiid.
Foar Fryslân is de taelopbou, dus de litteratuer, it iennige
| |
| |
dûdlik oanwiisbere middel om eigen persoanlikheit to bihàlden.
Yn in lyts taelgebiet moat de yntensiteit fan de litteratuer, allinne al om saeklike reden, tige great wêze. Dat kin, lyk as wy oan Yslên sjogge. Krekt dizze needsaeklike yntensiteit is it sterkste argumint dat wy, universeel sjoen, foar de Fryske biweging oanfiere kinne. Tagelyk moatte wy hjir miskien ek wol de greate oarsaek siikje fan de skrutenens, dy't in great part fan it Fryske folk noch altiten toant foar de Fryske biweging oer. Hoe dan ek, de yntensiteit kin yn Fryslân noch gêns opfierd wurde.
De opbou fan de Fryske skoalle, har tsjinstber meitsjend oan de Fryske kultuer, is njonkenlytsen in saek fan libben en dea wurden.
It is tige winsklik, dat de minsken, dy't skriuwe kinne, har yn Fryslân ek rekkenskip jowe fan de sosiael-kulturele funksje fan de litteratuer en har dêr mei troch liede litte.
In goede organisaesje fan ûtjowerij en boekeforkeap is foar de Fryske litteratuer fan it greatste bilang.
De Fryske litteratuer fan hjoed en moarn sil net mear ien wêze kinne fan in lytse yn himsels bisletten mienskip. De doarren steane oan alle kanten wiid iepen: de Fryske litteratuer stiet foar de kar, de hiele wrâld oan en yn har op to nimmen of ûnder to gean.
Foar de opbou fan in moderne Fryske litteratuer kin in formidden as de Fryske studintemienskip pionierswurk dwaen.
Hjirmei is dizze ekspedysje oer de sompe ta in ein kommen. Hat it doel hawn? Miskien soe it wêze kinne, dat wy it yn 'e takomst, lyk as eartiids yn de striid tsjin de Hollânske greven, binammen hawwe moatte fan licht opjaen!
(Lezing, sa likernôch hâlden foar it
‘Studium Generale Frisicum 1955’)
|
|