De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 155]
| |
D.A. Tamminga:
| |
[pagina 156]
| |
litten yn fantastyske taelboarterijen, is har seldsume goed ôfgien. Hwant mien’ mar net, dat it skriuwen fan dit soarte poëzij elke beukerskoallejuffer samar slagje sil. Jo en ik soene der oan hawwe en lit ‘op 'e tsjerketoer fan Grou’ in fûgel wenje dy't harket nei de namme ‘Sprik Sprak Sprou’. Ik set it Jo en skriuw mei de losse hân in poëem oer Mûske Mipmopmapke of Wjirmke Krikkrakkrokje of Eamelder Jokjajûmeltsje of de forkêlden fisk Hatsjyhatsjé, dy't swom yn 'e sé fan Pimpompé. Neffens it titelblêd is dit wurk ornearre foar bern fan 5 oant 95 jier (in fariant op it ôfwaeide fan 8 oant 80), mar hjir ynsafier nij en wier, dat ik ek de folwoeksene in nocht is dizze 44 bokkesprongen fan de geast sels to lêzen of oan bern foar to lézen. De skriuwster en tekeneres fan Tutte mei de linten hat grif noch mear snaren op har gitaer. Lit ús nou al fêst oan har boartlik ynstrumint in earelint hingje. | |
De forkâlden fiskYn de sé fan Pimpompé
swom de fisk Hatsjyhatsjé
mei in pûdtsje sêlte dropkes
en in kopke sipelthé,
mei in gleone wetterkrûk
op syn kêlde fiskebûk,
om syn liif in breidene jas
om syn sturt in rutene das.
As dy fisk: ‘Hatsjyû! HatsjéUI’!
prûst yn de sé fan Pimpompé
geane de weagen Woetsj! omheech
geane de weagen Watsj! omleech.
Alle skipperkes op 'e wêl
roppe: ‘In stoarm! En hwat rûst it mêl!
Earst moat dy smoarge fisk mar better
oars komme wy net mear op 't wetter!’
|
|