G.N. Visser:
Twa Portugeeske fersen
Antero de Quental (1842-1891) waerd, soan fan in aristokratysk slachte, berne op de Asoaren, de oan Portugal hearrende archipel, midden yn de Atlantyske Oaséaen. Dêr is er ek forstoarn, op in gleonhjitte Septimberdei die er him yn in plantsoen fan syn berteplak tokoart. Great as dichter, as tinker en as karakter, syn spitsen neamden him de Hillige Antero, socht er yn syn libben krankyl nei de wierheit, in leauwe, dat him bifredigje koe, dêr't er frede by hie. Hy foun it net. Yn de Portugeeske litteratuer fan de 19de ieu is er binammen bikend as restaurator fan it sonnet. Neffens de Franske lusitanist le Gentil ‘son principal mérite est d'avoir fait du sonnet, ou plutöt de l'enchainement chronologique et logique des sonnets, l'expression troublante et angoissante d'un drame philosophique, sans pourtant jamais s'écarter du naturel et de la simplicité.’