| |
| |
| |
Y. Poortinga:
De tromslagger ut it matrasgref
Heinrich Heine, forstoarn 17 Febrewaris 1856
De 17de Febrewaris is it in ieu lyn, dat Heinrich Heine to Parijs de geast joech, neidat syn lichem troch in kwael oan 'e rêchmarge winliken al jierren ôfstoarn wie. Mar dy geast wie wûnderiikernôch al dy jierren oer helder bleaun en hie de fenomenale fearkrêft om op syn siikbêd, syn ‘Matratzengraft’, wurken to skriuwen as de ‘Romanzero’. Diskear wie der ris gjin oerdriuwing yn syn bearen fan eigen lijen: ‘Existiere ich wirklich noch?’ frege er yn it neiwurd. ‘Mein Leib ist so sehr in die Kriimpe gegangen, dass schier nichts ûbriggeblieben als die Stimme.’ Mar dy stim hat dan ek noch hiel hwat ôfdiktearre en ôfpraet, oer polityk en filosofy, en oer de godsfrage, dêr't er mar net mei yn 't lyk komme koe, oant er einlings wurch syn lêst, en miskien syn meast grandioos bonmot formulearre: ‘Dieu me pardonnera, c'est son métier’. Hoefolle en hwat er diktearre hat, is net mear fêst to stellen; hy dy't sa wiis mei syn eigen wurk wie, hie ek de geastkrêft om syn skreaune memoires út to leverjen oan syn rike sibben yn Hamburg, om sadwaende in jierjild feilich to stellen net allinne foar syn eigen lêste libbensjierren, mar ek foar syn widdou, foar Mathilde, dy't him al dy minne jierren sa trou bystien hie.
Der hie him hiel hwat ôfspile tusken dy 17de Febrewaris 1856, doe t Heinrich Heine stoar en dy 13de Desimber 1797, doe't Harry.... van Geldern to wrâld kaem. It is noch net lang lyn, dat der lettere jierren as syn bertejier neamd waerden, mar it is njonkenlytsen fêst kommen to stean, dat de keapman Sigismund Samson Heine de doktersdochter Betty van Geldern earst in wykmannich nei de berte fan harren earsteling troud hat. Heine sels hat der net om skrept om dit forsin út 'e wrâld to helpen. Oerwinnelinkje hoegde der net mear by - joadejonkje wie al slim genôch yn it Dûtsklèn fan nei de Restauraesje, dat it âlde folk wer heal en heal yn 'e getto-posysje weromtwong: ‘Wie kann ich aus meiner Haut, die aus Palestina stammt, und welche van den Christen gegerbt wird seit achtzehnhundert Jahren!’ Hy hat it bisocht en spring út dat fel. Earst troch to dichtsjen en rjochten to studearjen yn pleats fan in hannels- of bankiersposysje to foroverjen, dêr't him it paed troch syn rike omke Salomon
| |
| |
Heine út Hamburg oars wol ta sljochte waerd. ‘Hêtte der dumme Junge was gelernt, brauchte er jetzt nicht zu schreiben Bûcher!’ moat dyselde omke sein hawwe; men kin hjir meiiens oan sjen, hoe wiis hja yn 'e famylje mei in dichtsjende leat wiene. Nei syn promoasje hat er it noch ris better bisocht om it semityske fel út to strûpen: hy liet him dope en syn namme waerd Heinrich, mar ek dat ‘entréebillet’ ta de Europeeske kultuer hat him net folle holpen. Hie it him al holpen, it hie de Heine fan nou net wurden, dy't it meast wêzentlike fan syn persoanlikheit en fan syn dichterskip dochs wol oan syn ras to tankjen hat.
Hwant in aparteling ûnder de klassiken is Heine dochs wol wurden. Hwat mei gjin inkelde oare âlde klassike striesnijer it gefal is, moat men by jin sels oangeande him fêststelle: men kin hûndert jier nei syn dea noch altyd ûnmooglik ‘objektyf oer him tinke of skriuwe. Men hat sympathy foar of argewaesje fan him, en meastentiids beide tagelyk. Ek yn 'e litteratuerwittenskip bliuwt er mar in omstriden figuer en ûntstiet der mar gjin ienheit yn 'e wurdearring fan persoan en wurk. It binne yn 'e Dûtske litteraire wrâld om 'e deale net allinne de nazi's dy't him forspuije. It is hjir it plak net om dêr oer út to weidzjen, mar in stik of trije fan 'e greatste Switserske litterair-historisi, alle trije fûle anti-nasionaelsosialisten, fine hjoeddedei mear negative kanten oan him as positive, en hja konstatearje, dat er mear ûntbinend as bouwend wurke hat. Mar hwat by de iene skeinen fan it hillichste hjit, jildt by de oare allinne foar omwêdzjen fan hillige hûskes. It is yn dit forbân opmerklik, hoe't de offisiéle litteratuerwittenskip efter it izeren gerdyn op it stik fan 'e Heine-stûdzje eigen wegen giet. sa't er by oaren jildt as foarrinder yn mannich ding fan Nietzsche of Dostojewski, om mar in pear nammen to neamen, sa is er yn East-Dûtsklûn al in hiel ein hinne ûnderweis om in kanonisearre hillige fan 'e marxistyske leare to wurden.
Syn opportunistyske religy-wiksel lykwols kinne sels de kommunisten nou noch net goedkrije. Folie wille hat er der dan ek nea fan hawn: ‘Ich bin jetzt bei Christ und Jude verhasst’, skriuwt er dan ek al mei gauwens oan in freon, ‘ich bereue sehr, dass ich mich getauft hab'; ich seh’ noch gar nicht ein, dass es mir seitdem besser gegangen sei.’ Dizze oergong hat him der dan neijerhên ek net fan wjerhêlden om de fûlste oanfallen op it tsjustere, asketyske kristendom to dwaen, om in religy fan 'e sinnen en it flêsk to forkundigjen en likefolle mei in polytheïstysk nij-heidendom as mei in eigenwil- | |
| |
lich soarte pantheïsme to huorkjen. It is dan ek net minder as in irony fan 'e histoarje, dat de hjoeddeiske marxisten út 'e sowjet-zone him de iennichste kear dat er echt mei de geastlike dingen wraksele hat en ta de God fan Israël weromkommen is (‘Ik moat dochs wol oan in God leauwe as ik him lasterje sil?’), noch it meast kwea-ôf nimme, om't se der oars neat yn sjogge as in tobekfal yn 'e réaksje.
Net sûnder rjocht en reden, docht allinne al út dizze hêlding foar de religy oer bliken, forwite Heine's tsiinstanners him in ûntwoartele-wêzen, in grinzeleaze egosintrisiteit, in brûken en misbruken fan alle dingen fan 'e geast, fan kunst en kultuer ta eigen foardiel en geniet. Miskien hawwe it krekt wol rasgenoaten west, dy't it minste moederaesje mei him hawn hawwe, as it om it fêststellen fan in einoardiel gyng. De essayist Karl Kraus lit yn ‘Heine und die Folgen’ net folie oan him hiel en de greate litterator en wittenskipsman Friedrich Gundolf mijt him yn 1932 noch folie minder. Wy sitearje dit, om't it ek op 'e aesthetyske biswieren tsjin Heine komt - de wurdearring fan syn politike en geastlike wurking wurdt op 't lêst noch troch jins eigen libbensskóging biskaet, mar tsjin hwat Gundolf fan syn artistike wurking seit, kin men leau ik oars net as fragmintaryske fordigeningen ynbringe:
‘Er hat die Wendungen der Weihe, des Glaubens, des Meinens und des Zwecks, des Strebens und des Forderns, der Erschûtterung und des Getandels, die noch bei Goethe durch eine immanente Wertordnung geschieden waren, durcheinander gebracht und den Sinn fûr Gewichte ersetzt durch den Sinn fûr ‘Nuancen’. Er hat dem Ladenschwengel den Ton des Priesters ermöglicht, dem Redner die Lyrik, dem Banker die Salbung. Er betritt viele Ebenen nach Willkûr und zerstört damit jedes Niveau.... Vor ihm gibt es wohl niedrige und leere Sprache als Ausdruck niedriger und leerer Gesinnung, platter Gedanken, stumpfer Gefûhle, aber erst seit Heine gibt es in Deutschland Worte ohne Werte aus allen seelischen und gesellschaftlichen Schichten.’
Men freget jin ôf, wurdt Heine hjir net tofolle ta de sûndebok makke, dy't biladen mei alle litterair forfal fan 'e 19de ieu de woastenije ynjage wurdt? Mar men moat fansels net út it each forlieze, dat Heine yn 'e foarige ieu nei Goethe de meast lêzen skriuwer fan Dûtsklan west hat. En dat it virtuoze, it kunstige makliker nei to folgjen en oer to nimmen is en oernommen wurdt as wiere kunst, dy't gever is, mar minder
| |
| |
hylket. Syn ynfloed rikt fan bittere revolusionairen oant sentimintele jongfammen.
Men kin Gundolfs oardiel in ein hinne meistimme en dochs biwûndering foar Heine hâlde. Heine hat it ienfâldige. folksaerdiqe liet, fan 'e Romantyk, likegoed dat fan ‘Des Knaben Wunderhorn’ en fan dichters as de jonge Goethe en Eichendorff, ta syn uterste forfining brocht, sizze syn biwûnderers, - forkréfte en om hals brocht, sizze syn lekskoaiiers. It liket my ta, dat er beide dien hat. It lêste yn dy gedichten, dêr't er de lyryske toan net yn folhêlde koe, om't syn eigen stim- minq allang omslein wie yn irony, aeastiaens of spot, it earste yn dy pearels, dy't de ienfâldiqe folkstoan oan 'e ein ta folhêlde, hoewol't hia Heine's inerlikst libbensgefoel taqelyk werjowe, soms allinne mar yn bvlden, soms ek klear ûtsprutsen. (Ik mei. tusken heakies, Schurer svn kar by it oersetten wol efkes priizqie. Hy hat nei it hybridyske net taeld).
De krityk hat ek sa'n fet op Heine, om't er neat foar himsels hêldde, mar moai en mêl oer himsels meidielde. Hv nimt wol ris in pose oan, mar in oare kear lit er him wer like nayf yn 'e kaert sjen. Dat docht er ek prachtich yn ien fan syn moaiste fersen.
Doktrin
Schlape die Trommel und filrchte dich nicht,
Und kiisse die Marketenderin,
Das ist die qanze Wissenschaft,
Das ist der Bücher tiefster Sinn.
Trommle die Leute aus dem Schlaf,
Trommle Reveille mit Jugendkraft,
Marschiere trommelnd immer voran,
Das ist die ganze Wissenschaft.
Das ist die Heaelsche Philosophie,
Das ist der Bûcher tiefster Sinn,
Ich hab’ sie begriffen, weil ich gescheit,
Und weil ich ein guter Tambour bin.
Yndied hat Hegels filosofy foar Heine net mear bitsjut, mar ek net minder. Yn syn studinteiierren yn Berlin hat er kolleezje by Hegel roun. Dy joech doe kolleezje oer wrâldskiednis. Hegels eask om it geastlike as it wézentlike yn 'e wrâld
| |
| |
oan to nimmen en dêrneffens to libjen, hat Heine him net folle om bikroade, al net foar't er to Parys it Saint-Simonisme mei syn foaropstellen fan it materiële en mei syn ‘Réhabilitation de la chair’ foar kar naem. Hegels bitinken, dat minsken fan wrâldhistoaryske bitsjutting frijskat wiene fan 'e gewoane morele forplichtingen roun him dêrfoaroer as lij wetter yn 'e earen. Hy hat himsels as sa'n minske biskóge en dêrneffens libbe. Troch syn geniael tromjen hat er it wrychtich ek noch west. Marketintsters op elk niveau hat er mear iverich as trou patte.
Foaral yn syn proaza hat er as in goede tambour it tiidbarren net minder bigelaet en oankundige as de tambour Le Grand it syn fan Heine sa foreare master Napoleon dien hat. Hwat er mei syn politike skriuwerij, foaral doe't er yn Parys de greate man wie, net foar de ûntjowing fan 'e journalistyk bitsjut hat, is net to sizzen. By Heine koe men de ynteressante reportaezje leare, it briljante haedartikel, de kunst om yn in polemyk jins tsjinstanner to forgriemen, of om in wierheit tusken noas en lippen wei to jaen: om koart to gean, men koe der leare om alle waer út jins journalistike marse to forkeapjen.
Sûnder mis lykwols hat Heine as proazaskriuwer mear west as de alderhandichste journalist: oars hie er safolle dingen dy't yn 'e takomst leine net ealgje kinnen, oant de greate katastrofe dy't yn 'e tweintichste ieu oer Dûtsklên komme soe ta.
Lyk as by Nietzsche is by Heine it geniale net frij fan it pathologyske en it is min to sizzen, oft it ta de sykte fan 'e tiid heart, dat sokke mannen sa'n ûntsachliken ynfloed woun hawwe, of dat de tiid harren geast mei siik makke hat.
It hat wer in Joad west, dy't foar it ‘hoe greater geest, hoe greater beest’ yn Heine in forklearring út syn ras wei foun hat. Joaden, seit er, sjogge fan elke kant daelk ek sterker de oare kant en fan elke aksje de réaksje. De ambivalinsje is by harren greater as by de westerske folken en by Heine hawwe wy to dwaen mei in uterste fan ambivalinsje: Hwe't by him leafde is is tagelyk ek haet. Hy kin yn God leauwe en him tagelyk lasterje. Hy kin it Joadendom like goed as it Dûtske wêzen ynlik leafhawwe en forearje, en tagelyk haetsje en forachtsje. Hy kin it net allinne, mar hy moat it ek. Dêrfandinne dy redde omslach yn syn stimmingen. De ein fan in earnstich of plechtich gedicht is noch net bisyld, of hy moat it al mei de irony bislaen - dy't sadwaende by him net biflapt wurde kin ûnder it wenstige bigryp ‘romantyske irony’ -, of der is
| |
| |
him in grap yn 't sin sketten of in blasfemy, en hy hat de formulearring der ek al foar foun. Soms sit de earnst en de irony al yn 'e selde rigels: ‘Denk’ ich an Deutschland in der Nacht, / So bin ich um den Schlaf gebracht.’
Yn 1821 al seit er yn in brief: ‘Ja, as de wiidgapjende deawoune fan myn hert prate koe, dan sei se: Ik laitsje.’
Sa bliuwt foar ús doch as totale yndruk fan de lijer op syn deabêd yn it matrasgrêf oer: ‘Das hûbsche geile Lachen.’
Om noch hwat goeds fan him to sizzen: de kunst mei er ta syn eigen doel misbrûkt hawwe, syn kunst hat er nea om jild yn tsjinst fan ien of oare macht stelle wollen. Foar de frijheit mei er dan net in al to yntegere strider west hawwe, syn frijheit hat alteast net to keap west, op dy iene kear nei dan, doe't it meast om Mathilde gyng.
En Laube tsjûget fan him: yn 't skriuwen in hont, mar as freon net in minnen-ien.
|
|