De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 145] [p. 145] [Nummer 4] S.J. van der Molen: Mem Gjin oantins bleau my fan har by, mem, dy't my al dy moannen droech en yn dat skriklik amerij my har to jonge libben joech. Ik stoarje op de stomme stien en op 't al hwat aldlrinsk petret. Mar beide binn' al heal lorgien en sizze my it wezen net. Urt ik fan har - in libben wei - dan inkeld mar it hier, it each? O mem, dy't nea myn namme sei. O mem, dy't ik to ninter seach. Ik kearde fan it stille lân, dêr't ik in irjemd bitocht, tornaem net hoe't in lytse hên ynienen mines socht. In laits, dy't blier oer w ank jes rint, towyl it mûltsje giet en giet. Hoe sikestû yn stien en print dy't libbensliii hjir loar dy stiet? [pagina 146] [p. 146] Flechtige maityd 't Is alle jierren 't selde sankje sjin dat it maityd wurde wol: in winter snak ik nei dat drankje en nim my loar, ik drink my lol oan it elikser lan de sinne, mei krûderij fan tulp oi krook en hwat der mear loar grienten binne as boarnen fan de maeijerook. Ik nim my loar mei iepen earen de sang to heinen fan de link (ont nou ta woun er alle kearen it my noch öl mei syn pink-pink). Ik nim my loar de dei to priúwen, der op to sûgen as in prom, my wei to jaen oan 't jonge wiuwen fan twjirren wyn, allyli in plom. 't Is eltse kear lykwols itselde: de jiergong raent in klûnt allyk. En ik haw amper rierd, dan melde de gies har al wer, mankelyk. Vorige Volgende