Op it harspit:
‘In warskoging foar de kristenen’.
Yn ‘De Tsjerne’ fan desimber 1955, side 409, noat 2, lit Anne Wadman dizze wurden fet prints je en neamt se ‘wer sa'n maklike utenng dy't ta protest forliede soe, as it net sa ûntrochtocht wie.’ Ik hie net forwachte dat ien oer myn wurden stroffelje soe en earst like it my net nedich ta en kom hjirop werom. Mar de deis nei it forskinen fan dat Tsjerne-nûmer sei de dominy, sa gau't er my seach, spontaen dat er it folslein mei Wadman iens wie: ‘Jimme hawwe ús op in pypfol, net?’
Ik fiei my nou forplichte derop to wizen dat ik altyd tocht haw dat dominys kristenen wiene, seis kristenen by ûtstek, mar mooglik bin ik hwat nayf yn dy dingen en meitsje ik to min ûnderskie. Dêrfoar ken ik ek to min dominys. Mar yn elk gefal fyn ik dat de wurden ‘kristen’ en ‘kristlik’ faek forkeard brûkt wurde. It spraekgebrûk freget koarte ûtdrukkingen. Dêrom praet men net maklik fan protestantsk-kristlike of rooms-katholike skoallen, mar earder fan kristlike, roomske of katholike, ek al is dat winliken net yn oarder. Sa forrifelt jin tsjintwurdich ek it wurd humanist(ysk), mei't kristenhumanisten as Thomas More of Melanchthon en har moderne neiteam nou troch in bitsjuttingsfornauwing buten it âlde bigrypsfjild torjochte kommen binne. Sa binne de bigripen sosialist en kommunist ek fornauwe, as men der fan út giet dat de earste kristenen de earste en de bêste sosialisten en kommunisten wiene. Mar Nou't dizze wurden yn it spraekgebrûk dochs wol in dúdlik biheinde bitsjutting hawwe, like it my wol forantwurde ta en stel de sosialisten-humanisten fan nou foar de kristenen oer. Foar myn gefoel is it fansels dat kristen-sosialisten en kristen-humanisten alderearst kristen binne en dan jowt de omskriuwing ‘sosialisten-humanisten’ gjin misbigryp.
Wadman sitearret my, as ik op side 248 siz: ‘Yndied is der frijhwat bisibbens tusken liberalen fan doe en gêns sosialisten-humanisten fan nou, in waskóging foar de kristenen.’ Ik tocht dêrby lykwols binammen oan de tiid fan de skoallestriid en ik haw myn ûtdrukking ek net leechlizzend bidoeld. Efkes heger op dy side hie ik it oer gans ‘kristenen’, dy't de taek fan de tsjerke, de godstsjinst en de leafde foar de meiminske forgeaten. Hjirmei woe ik oanjaen dat dit foar my gjin ‘kristenen’ wiene. Hwe't krekt it kriterium leit, wol ik buten bliuwe. Der hawwe better ynkwisiteurs west en der binne noch bêste, Wadman seis bygelyks, op it litteraire mêd yn elk gefal. Ik wol ál sizze dat foar my persoanlik Minne Simens altyd in tige sympathike en yn-kristlike figuer west hat, net minder as oare bikende ynwenners fan Wytmarsum, lykas Gysbert Japiks en de paters Augustinen fan nou. Hjir wiis ik mar even op om hwat Wadman fierder seit oer dy frijsinnich-protestanten, minnisten en remonstranten, dy't har gjin kristenen neame meije soene. Mei in fariant op Gysbert Japiks’ ‘Sljocht en rjocht’ siz ik:
Hjoeddeis leit de wrâld omkeare
Yn klear dûbeldsinnichheit.
Jow ús lân wer, leave Heare,
d'Alde roune ienfaldichheit.