Toanielkronyk:
De leafde biantwurde?
Fryslân hat in stikmannich ûngelokkige leafdes. Mar de measte wurde dochs by nou en by dan biantwurde. It mei dan letter wer ris in kear ûtskuorre, oer it generael mei dochs sein wurde, dat der mei de litteratuer, it toaniel, de muzyk, de byldzjende kunst, om mar in mannich to neamen, in los-fêste forkearing is. Der is lykwols ien greate leafde, dy't nèt biantwurde wurdt, oant nou ta: dy foar it kabaret. Der wurdt yn kunstformiddens altyd wer praet oer it Fryske kabaret, dat mar net komme wol. Botte eksperiminteel binne de Fryske kunstners net, mar mei it kabaret wolle hja stomme graech eksperiminten oangean. Al jierren steane ús lytse gearkomsten mei in lytse, ûtkarde ploech yn in lyts, yntym sealtsje foar de geast, dêr't it Fryske kabaret brocht wurdt. In yntelligint kabaret foar in stikmannich lju, dy't der fyntsjes om glimkje kinne.
Mar it idéale kabaret hat oant nou ta blykber gjin bilangstelling foar de foreale frijer, dy't om har stiket. It dijt folie better yn formiddens, dy't sèls it klimaet meitsje kinne. It jowt gjin antwurd op in neidruklik bisykjen, mar it wol komme as it harsèls past, sa mar ynienen, as nimmen der mear oan tinkt. En faeks binne dêrom ús kabaretrevu's mear revu as kabaret wurden, faeks is dêrom elk Ljouwerter en Boalserter bisykjen net folie mear wurden as in oantsjutting, dat wy in stikmannich skriuwers hawwe, dy't kabaretlietsjes meitsje kinne, mar dat de sfear en it klimaet ús noch folslein ûntbrekke.
Lykwols, leafde is blyn en dat is mar goed ek, oars soene it minskdom en de kunst ûtstjerre. Roel Oostra fan Drachten hat in hiel winterskoft lang bisocht, hwat yn Fryslân al sa faken bisocht is: kabaret to bringen. Hy hat net leauwe wollen, hwat troch de skeptisi hieltyd wer sein is, nammentlik, dat it lichte kabaret net aerdzje wol op swiere klaeikluten. Boppedat, Drachten leit net op de klaei, mar yn de Walden; faeks is dat op himsels al in forklearring. Roel Oostra hat teksten skreaun en minsken by elkoar socht. Gjin kabaretiers, fansels, mar toanielspilers, oars hawwe wy hjir ommers yn Fryslân net? Mar yn alle gefallen hat er in ploechje foarme, hy hat alle mooglike tsjinstuiten oerwoun, alle kosten treast west en hy hat syn kabaretselskipke ‘De Spinnekop’ foarme. En it resultaet fan in winterskoft lang teksteskriuwen hat er gearfette yn de kabaretrevu ‘Rommeldebom’.
Op in joun yn Febrewaris is to Drachten de earste opfiering fan dizze kabaret-revu jown. En hokker Fries, dy't dochs altyd wer dy ûnbiantwurde leafde fielt, soe dêr net hinne tsjen mei de hope, dat it herte fan de oanbiddene dochs noch weak wurden is en de leafde biantwurde wurdt?
Lit ús al f ést in konklûzje jaen: it is net sa, dat wy sûnt dizze première yn Drachten sizze kinne: nou hawwe wy in Frysk kabaret. It is lykwols ek net sa, dat wy sizze moatte: dit wie al wer in ôffaller. Hwant Roel Oostra en syn ploech hawwe har, dy't noch altyd op de biantwurde leafde tidigje, hope yn it hert jown.
De kwaliteit fan de teksten rint fier út elkoar. It is spitich, dat de wurklist ynset mei in tiidsbyld, dat mear tragysk as binearjend