Foar it neist sil der minder hege glâns en net sa n djip en swier skaed oer lizze as oer it Omar Khayyêmske fers sels, mar Perzië hat nou ienris feller tsjinstellingen as it flakke Fryslân. En bihêlden der yn is, hwat it oarspronklike allerearst typearret: dy seldsume foriening fan réalisme en poëzij. Inne de Jong hat ús in oersetting biskikt, dêr't wy mei foar it ljocht, it ljocht fan 'e frou en de leafde, komme kinne.
In oare fraech is mei dat al, hwat litterair Fryslân der mei dwaen sil. Sil it der sizzen fan hawwe wolle en, foarsafier t it dat forantwurdzje kin, wysheit út winne? Of sil it der allinne frijbliuwende esthetyske niget oan hawwe? Mocht it dêrom mei it birop op 'e Fries net takinne, dan tinget Omar Khayyêm wol oan 'e minske. Dizze poëzij lit nimmen mei rêst, fan hokker lân en hwatfoar tiid ek. Hja is aktuëel, en wol aktyf wêze. Hja is sa leaflik net as hja op it earste each liket. Hjoed de dei dochs, faeks wol feller sûnt ieuwen as ea, ferget hja it hert. Kin hja ien slachte direkter oansprekke as it skeptyske en tobrutsene fan ús tiid? Mei al har dichterlikheit stelt hja sa konkreet en saeklik mooglik de âlde fragen, dy't alle ieuwen nij binne. Hja bringt jin de âld Israëlityske Prediker yn it sin, noch swierder fan klam en strakker fan moanning, mar like modern. Einliken is it mar ien fraech: Hwer en hoe fyn ik frede foar it hert? Hwat makket it libben de muoite wurdich? Hokker sin hat it? Nóû siket de dichter it yn 'e faem, de siter en de wyn. Hy wol forjitte, de dei ploaitsje, him op it stuit ûtfiere. It is ek mar foar in stuit, it giet foarby. Mar hwatfoar doel hat it dan yn tiid en yn ivichheit? Dên jowt er him yn 'e skóging fan it hielal en de riedlingen fan forstên en wittenskip. Rede en hert moatte him har geheimen ûtlizze, de stjerren him forklearje hwat boppe harren is; hy wrakselet mei it bigryp en de lear fan 'e ûtkarring. Mar Hwe't er him ek keart, oeral stuitet er op 'e forgonklikheit fan it bistean, de flechtichheit fan it libben, de doelleasheit fan 'e biweging, de idelheit fan 'e dingen. Hwer komt dat alles wei, en hwer giet it hinne? Hwatfoar sin hat it? Hat it wol sin? Sa twivelet en wanhopet Omar Khayyêm en jowt him wer op, yn syn bisykjen hieltyd op 'e nij om út 'e leafde ta
leauwe en frede to kommen. Op en djipsten is it de striid fan elk minske, dy't yn dizze poëzij fierd wurdt, mar dan djipper en earliker as by de measten en mei minder flecht, en ynsafier moat hja ús mear wêze as litteratuer allinnich: ek moanning en skrik.
Op it lest lykwols hat it der fan, dat de dichter fan antwurd ôf sjocht en him tofreden stelt mei in lyts lok, dat koarter duorret as de ivichheit en langer as it stuit. It binne suver syn meast bikoarlike en minsklike fersen dy't dérfan sprekke, mar kinne wy him dêr ek yn folgje? Net, as it in kompromis is, dat wanhopet oan 'e wierheit yn al har hichte en har djipte; wol, as it forloste wysheit wêze mocht, ûntsprongen oan dy ûnforwachte, likefolle al of net fan Omar Khayyêm ôfkomstige, yn alle gefallen tusken syn kwatrinen steande bilidenis:
Eangest de lêste nacht, de dea, it tsjuster
En bist yn dyn birûzing 't paed sa bjuster,
Sênt Jezus' amme oer myn libben gie,
Fordwoun deads ireze as de dei fan juster.