Geart Jonkman:
Mislearre missy
(II)
Doe't hja de oare moarns de gordinen fansiden skau en de sinne yn 'e keamer liet, like alles in binearjende dream west to hawwen. Under wachte Nanne al by de moarnstafel, in krante yn 'e hên.
‘Moarn fanke, alhiel wer klear?!’
‘Alhiel! En hoe hastou it hawn, Nanne?’
Nanne die har in optein en wiidweidich forslach fan de skientme dy't er sjoen en ûndergien hie, mar koe net litte to sizzen: ‘It aldermoaiste fan justerjoun wie dat fan dy!’
Hja skeat in kaem, alles kaem har ynienen binearjend helder foar de geast.
‘Hwat is der mei dy?!’ röp Nanne laitsjend.
‘Neat Nanne, ik tink der krektlyk oer as dou.’
Hja koe der net ta komme en biken him hwat der yn har omwoele en Hwe't hja tahêlden hie.
Dat bleau de hiele dei sa. Hja swalken by âlde ruïnen lans, swommen, sinten en frijden, mar hja liet har neame oer ût.
De jouns, by tafel, brocht hja it petear op it kasino en sei dat se ó sa graech ris yn de spylseal sjen woe.
Nanne seach har forwûndere oan, draeide hwat mei syn servet en sei: ‘Dat is gjin plak foar ús, hwat sille wy dêr dwaen?’
‘Nou, sjen fansels. De spilers en sa.’
‘Hwat is dêr nou oan to sjen?’
‘Bistou in kranteman?! Nou, ik wol der hinne, ast’ dat mar witst!’
‘Dou diest my in deugd, Machteld, ast hwat in oare toan brûke woest; hwat skeelt dy ynienen?’
‘Doch dou my mar in deugd, ik wol ek wolris hwat oars sjen as al dy ruïnen, wynstrûken en weagen!’
‘Lit ús dan nei 't konsert gean, joun.’
‘Né, ik wol nei 't kasino, konserten kin 'k yn Ljouwert wol hinne gean.’
‘Ik haw gjin bilang by in oar syn ellinde.’
‘En gjin bilang by my!’
‘Goed dan, om dy sil ik it dwaen.... ien kear.’
Hja lei har hân op sines en seach him heal smeekjend, heal forwitend oan....
‘Bist nou lilk, Nanne?’