| |
| |
| |
S.J. van der Molen:
Oer negro spirituals en gospel songs
Doe't der forline winter op in doarp yn 'e Wâlden in foarstelling jown waerd fan de film Green Pastures, dy - lyk as de lêzer witte sil - sjen lit hoe't de Noardamerikaenske neger, dy't him kristen neamt, him it hjirneimels yntinkt, joech dat ûnder de taskôgers safolle opskuor, dat de dûmny, dy't de joun foarsiet, moast in aparte gemeentejoun bilizze om syn folk je wer hwat del to bêdzjen. Seis it streekblêd skreau der oer.
Dit foarbyld lit útkomme, dat wite kristenen wol efkes wenne moatte ta de swarte himel, mar ek, dat hjir in wrâld iepen giet, dêr't ek minsken mei de earnstige bidoeling om oare, ‘frjemde’ minsken to bigripen, fuort net de kaei fan fine. Dit jildt ek fan dy dichterlike, muzikale en godstsjinstige uteringen fan de Afro-Amerikaen, dy't langer alleman by namme ken as Negro Spirituals, dêr't dan de mear moderne útjefte fan - de Gospel Songs (Evangeeljesangen) - fuort ek by neamd wurde moat, al hat it greate publyk dêr gans minder of hielendal net fan heard. Hwat dy Spirituals oanbilanget, it is langer in moade om se op it konsertpodium to spyljen of to sjongen en hwat mear dat bart, hwat frjemder de Europeeske harker foar it echte geastlike liet fan de Amerikaenske negers oer komt to stean. Hwant, hoe wol men ta it forstean fan dizze religieuze, swarte folkskunst komme, as bygelyks it Frysk Orkest jin Spirituals oanprissentearret yn biwurkingen fan.... Lex Karsemeijer?!
It is dan ek folie better en bistudearje de lieten by de boarne seis, dat is yn de tsjinsten, dêr't se yn songen wurde, en by de swarte folkskunstners, dy't se foarbringe, al moat men oppasse foar sokken lykas Paul Robeson en Marion Anderson, dy't alle negroïde eleminten yn harren foardracht mei opsetsin mije en harren alhiel oanslute by de smaek fan it Europeeske konsertsealpublyk. Mar dizze - sûnder mis greate - kunstners kin men dan ek gjin folkskunstners mear neame.
Né, dan de dûmnys, koaren, kongregaesjes en evangelyske propagandisten, hwaens stimmen op 't heden to hearren binne op in great tal authentike gramofoanplaten, dy't ek to uzes yn 'e winkel to krijen binne, al freget it tiid en muoite om in samling gear to bringen. De greate bilangstelling foar de saneamde âlde jazz hat makke, dat de boarnen fan dizze
| |
| |
folksmuzyk frâl nei de lêste oarloch mei flyt bistudearre binne en de musikologen kamen doe fansels ta de Gospel Song en de Spiritual, dy't wer net los to meitsjen binne fan de hiele negerske muzykkultuer, yn de States likemin as yn it West-afrikaenske stamlên.
Dat Westafrikaenske stamlân hat Nederlân tige apart en tige lang kunde oan. Hwa't nammentlik de skiednis neigiet (net de ‘vaderlandsche’, hwant dy swijt dér mar leaver oer), komt al moai gau by it jier 1618 to lânne, doe't in Hollânske keapman tweintich swarte bern fan God oan 'e Westkust fan Afrika by harren sibben weistiel en de bût yn Jamestown as slaven oan 'e merk brocht. Dizze fortsjinwurdiger fan de Gouden Ieu koe him der op biroppe, dat hy de foarste wie, dy't negers oer de Oaséaen fierde en it soe wolris nijsgjirrich wêze en gean nei oft der earne oan in Amsterdamske grêft net in machtich hearehûs him yn it wetter spegelt, dêr't de founeminten fan bisteane út swart minskefleis. It is mar in gelok, dat men it der sa net oan sjen kin.
Wy kinne hjir net to wiidweidich wêze oer de skiednis fan de slavehannel. Der wurdt birekkene, dat der tusken 1680 en 1786 mar efkes 2.130.000 negerslaven nei de Nije wrâld transportearre binne, allegearre ôfkomstich út dy kontreijen fan West-Afrika, dêr't de Ivory Coast en de Gold Coast hjoeddedei jit forhelje fan de earste wite ‘hannel’ op dizze oarden en de Slave Coast it oantinken biwarret oan it ‘ebbenhout’, dat ringen it ivoar en it goud efternei reizge. Wy sille it ek net hawwe oer de skriklike omstannichheden, dêr't dat forfier ûnder barde. It moat binammen de earste tiden binaud west hawwe. Letter waerd it regym hwat minder strang en sa lêze wy yn in biskriuwing fan in slaveheller út de jierren 1827 oant 1847 dizze passus: ‘Op middagen, as it stil waer wie, waerd it manlju, froulju, jonges en famkes tastien om op it dek fan it skip Afrikaenske lieten to sjongen. Dit sjongen wurdt fan harren hieltiten fuortsterke mei fan de boaijem fan in fetsje of in blikene tsjettel in ymprovisearre tom-tom to meitsjen.’
Wy komme hjir by de muzykkultuer fan de Westafrikaenske negers, dy't in eigen muzyk, eigen ynstruminten en eigen lieten hiene en hawwe. Mar boppe alles in seldsum rhythme. It is langer yn ‘offisiéle’ formiddens wenst om mar hwat ôf to jaen op de rhythmen fan de natûrfolken, mar mr. J. Kunst sloech okkerjiers op in lêzing to Ljouwert oer de negroïde muzyk yn Afrika en om utens de spiker goed op 'e kop mei it sizzen:
| |
| |
wy hawwe it rhythme foar de greatste part opoffere oan meldije en harmonije. Dêrom neame wy it efterlik. Mar de druven binne sûr: wy kinne oan it Afrikaenske rhythme net tippe!
In yn ús eagen en foar ús earen ûnwitend-knappe polyrhythmyk is typysk foar dizze swarte folkskunst. As der polyphony is, moat men dy taskriuwe oan it oer inoar hinne skouwen fan de ‘fragen en anderten’, dy't foarsjonger en koar elkoarren dogge en jowe; de barsang is dit folk tige hiem. Neame wy dan jit ek it aparte timbre fan de negerstimmen, it krêftige resitative type fan sjongen (yn Amearika ‘shouting’ neamd) en it brommen en núnderjen, dat hja jerne dogge, dan sjocht men wol, dat de slaven mei in folslein eigen vokale en ynstrumentale kultuer (slachynstruminten!) yn Charleston, Savannah of Nouvelle-Orléans oan 'e wâl kamen.
Sa net, hja mochten gjin inkeld ynstrumint meinimme en it is bikend, dat de bazen op de plantaezjes it meitsjen fan trommen en it spyljen der op, forbeane, bang dat hja wiene dat sokke trommen wolris boadskippers fan de opstên wêze koene. Mar de swarte man holp himsels, mei klandestine slachynstruminten (dy't op nachtfeesten tomûk bispile waerden) en mei ienfâldiger ark lykas bossen, blikene doaskes, kannen, trompen, tobben, alles dêr't mar lûd út komme woe, as men der op sloech. Sa bleau de Afrikaenske rhythmyske tradysje biwarre, ja waerd by elts nij slaveskip op 'e nij bifêstige. By it opheffen fan de slavernij koe de neger frij oer de tromme as ynstrumint biskikke en it feit, dat troch de ein fan de boargeroarloch tusken de noardlike en de sûdlike steaten der in hiele sjou militaire ynstruminten by de ûtdragers bidarre, makke, dat de swarte man al ringen it keallefel foar kar naem, al is it hjoeddedei jit wol bispile moandeisark, dat ‘washboard’ hjit, in oantinken oan de tiid fan de ymprovisearre slachynstruminten.
It leit yn 'e reden, dat de negers yn Dahomey religieuze lieten hiene, lykas hja ek in godstsjinst meinamen nei Amearika. hoe't dy der út sjoen hat, witte wy neat fan. Byleauwe is der ek nou jit mank de neiteam fan de slaven en it is bikend, dat sindelingen gau ré binne om út taktysk eachpunt somlike heidenske tradysjes oan to hâlden, as hja der mar in nije kristlike ynhâld yn jitte kinne. hoe't dat wêze mei, de slaven namen it Kristendom oan, dat har mei syn ûtsjoch op in better hjirneimels - ‘overthere’, yn de ‘green pastures’ - de krêft joech om it swiere pak fan it slavebistean to tögjen. It wiene blanken, dy't dat leauwe ûtdroegen, mar de swarten joegen
| |
| |
it in eigen foarm mei in himel fan fiskjen op 'e wolkens en forgees smoken, lykas de film it sjen lit. James Weldon seit it yn syn fersebondel God's Trombones sa: De negerdtimny preket in persoanlike God yn minskestal, in solide himel en in readbarnende hel.
Dat docht ek bliken út de wurden fan de Spirituals, der't it Westen boar it earst mei yn 'e kunde kaem, doe't yn 1874 printe waerd: Cabin and Plantation Songs, as sung by the Hampton Students, in samling lieten, by de negers optekene. Der wurdt nou oer de wearde fan dizze sangen wakker Cingelikens tocht. It hat nammentlik bliken dien, dat de Spirituals (it wurd komt fansels fan spirit, dat geast bitsjut) lykas dy yn negertsjerken songen wurde, in hiel oar karakter hawwe as de versy fan de studinten. Men hat dan ek oanstriid om dit weilitten fan it typysk negerske rhythmyske elemint to sjen as in iere oanpassing oan de smaek fan de blanke, (Feet ik niis ek al efkes op tsjutte. Sadwaende is der in falsk byld tintstien, in karikatuer fan de echte Spirituals, dy't om de deale net swiet, sentiminteel of salonfahig binne.
‘Reeds wat de neger koos uit de bijbel geeft inzicht in de aard van zijn geloof. Geen vertedering voor het schamel Jezuskind, maar de triomf van Koning Christus; weinig aandacht voor het lijdensdrama en wanneer daarover gerept wordt de nadruk op ‘an’ He never said a mumbalin’ word’. Doch een steeds weer aankweken van de hoop op bevrijding door eindeloos de heldendaden van het Oude Testament to bezingen’, sa skriuwt Casper Howeler, dy't yn it ‘XYZ der Muziek’ treflike siden oan de Spiritual bisteget, al hat er dit slach lieten allinne mar kennen leard yn syn finsuvere, Westerske foarmen.
Derom binne Spirituals op motiven út it nije Testamint der net sa tsjok. It aide loek mear. Der leine de oerienkomsten mei it slavelibben ek mear foar de hân. Sa sjongt in liet oer Daniel mei de frage: Didn't my God deliver Daniel? Hat de Heare Daniel net forlost? It foarbyld fan Daniel, oan hwa't God greate dingen dien hie, joech groun foar de finderstelling, dat Hy de swarte slaef ek wolris helpe soe. En men wit net hwat der yn de leste triomfantelike rigelen oer de reis nei Kanaan miend wurdt, in antkommen nei de geast of nei it lichem:
Hat de Heare Daniël net forlost,
Daniël net forlost, Daniël net forlost?
Hat de Heare Daniël net forlost?
Hwerom dan net eltsenien?
| |
| |
Hy forloste Jonas út de walfiskskurt’,
Daniël út de kûle fan de liuw.
En de bern fan Israël út de gleone hurd.
Hwerom dan net eltsenien?
De wyn waeit east en de wyn waeit west,
sa waeit er op de oardielsdei.
En eltse sieï, dy't nea net bea,
is bliid om to bidden op dy dei.
Ik sette myn loet op it skip des heils
en it skip sylde fuort oer it skom.
It brocht my to plak oan âld Kanaans wâl
en net ien sjocht my ea wer werom!
It is net bikend, hoenear't dit liet ûntstien is, mar âlder as hundert jier is it grif, om't it datearret dûdlikernôch út de slavetiid. Der is yn ús tiid ek by de kristlike neger yn de Foriene Steaten in oanstriid om de slavetiid mei syn oantinkens to forjitten, sa net to forleagenjen. Sadwaende makket de Spiritual geandewei mear plak foar de Gospelsong, mar it is nijsgjirrich en sjoch hoe't dêr ek it Daniël-motyf yn trochklinkt. Ik neam hjir ‘Give me old time religion’ (Jow my foarfaers leauwe), songen fan Prof. Johnson and his Gospel Singers, opnommen yn New-York yn 1950 (Vocalion V 1031), hokker plaetkant bigjint mei in koarte preek oer it sawnde haedstik fan Daniël, it sechtsjinde fers, mei as klimaks: En de liuwen koene him alhiel gjin kwea dwaen, hwant hy hie it leauwe fan de foarfaers (folget it liet, bûtenwenstich fleurich en fol bitrouwen, yn wurden en wize sa goed as yn it foar Fryske earen suver profane rhythme!).
Wy hawwe niis Höweler oan it wurd litten, dy't de Spiritualrigel oanhelle ‘an’ he never said a mumbalin’ word.’ Dizze tekst sprekt fan in hillige forheardens oer it feit, dat Jezus gjin wurd oer de lippen kaem, wylst er oan it krûs slein waerd. In hwat frije oersetting fan dizze Spiritual (Crucifixion) mei hjir folgje:
Hja sloegen myn Hear oan it krûs sa hurd,
mar syn mûle lûst're net in wurd,
net in wurd, net in wurd, net in wurd.
Hja neilen de Heare, mei neils sa great,
mar syn mûle lûst're net in wurd,
net in wurd, net in wurd, net in wurd.
| |
| |
Hja boarren yn 't flesk it lange swurd,
mar syn mûle lûst're net in wurd,
net in wurd, net in wurd, net in wurd.
It fûnkeljend bloed roun Him út 'e skurt,
mar syn mûle lûst're net in wurd,
net in wurd, net in wurd, net in wurd.
Doe sakke op it wurge boarst it burd,
mar syn mûle lûst're net in wurd,
net in wurd, net in wurd, net in wurd.
Net altiten binne Spirituals fersen fan (anonime) dichters. Gauris binne it inkeld mar rhythmysk songene bibelfragminten (hast altiten út it Alde Testamint) en dat liket ek it komôf fan de Spiritual to wezen. In goed foarbyld fan dit skift foarmet it om 1870 hinne optekene, bikende: Josua fit the battle of Jericho. De oarspronklike tekst hat gjin rym. De letterlike oersetting sjocht der sa út:
De boeijens fan de slavernij binne op 't lêst dóch brutsen,
De boeijens fan de slavernij binne op 't lêst dóch brutsen.
'k Sil God de Heare priizgje, oan de dei ta fan myn dea.
Jozua focht yn de kampslach fan Jericho, Jericho, Jericho,
Jozua focht yn de kampslach fan Jericho, Jericho, Jericho
en de muorren hja trûzelen fan boppen!
Jo kinne nou wol op jaen fan Gideon, Jou kening,
Jo kinne nou wol op jaen fan Saul, Jimme man,
mar net ien is sa'n baes lykas Jozua, dy âlde,
Jozua dy âlde, yn de slach fan Jericho.
Op de muorren yn fan Jericho
teach hy mei in striidspear yn 'e hên.
Blaes de rammehoarnen! röp de kening,
róp de kening. Mines is de slach!
Laemsrammehoarnen bigounen to blazen,
trompetten bigounen to klinken.
Jozua hjitte de bern om to roppen,
en de muorren hja trûz'len fan boppen!
| |
| |
Yn dizze Spiritual is it forbân mei de bifrijing tige klear. Itselde kin sein wurde fan in groep lieten, dy't hjir winliken by hearre en dy't by einsluten weromgeane op it twade boek fan de Keningen, haedstik twa, de fersen 1, 9, 10, 11 en 12, it forhael fan Elia, dy't nei de himel fart:
(1) En it barde, doe't de Heare Elia mei stoarm en ûnwaer opnimme soe yn 'e himel, dat Elia mei Elisa fan Gilgal gyng.
(9) En it barde, doe't hja oer (de Jordaen) wiene, dat Elia tsjin Elisa sei: bigear hwat ik oan dy dwaen sil, Ear't ik by dy weinommen wurd. En Elisa sei: Lit dochs in dûbeld diel fan Jins geast op my wêze.
(10) En hy sei: dû hast in swier stik bigeard; astû my sjen tsjin Elisa sei: bigear hwat ik oan dy dwaen sil, Ear't ik by dy barre, mar sa net, dan sil it net barre.
(11) En it barde wylst hja fierder gyngen en al geande petearen, sjoch, dêr wie in wein fan fjûr mei hynders fan fjûr, dy't skieding tusken har beiden makken-, en Elia fear yn stoarm en ûnwaer nei de himel.
(12) En Elisa seach it, en hy röp: Myn heit, myn heit, wein fan Israël en syn ruters! En doe't er him net mear seach, griep er syn klean en skuorde se oan twa stikken.
Hjir wurdt dus sprutsen oer Elia, dy't yn in gleone wein to-himel fart. It binne mar in rigelemennich, mar de negerslaven lykje der tige troch pakt to wezen, hwant hieltiten fornimme wy yn de sangen fan de chariot, de gleone himelswein, dy't jin nei it ûnthjitten lân bringt. Sa sjongt bygelyks de forneamde Spiritual ‘Swing low, sweet chariot’ (Saei del, swiete himelswein):
Ik seach de Jordaen oer en hwat ik bifoun?
My folge de wjokslach fan inglen yn 't boun
Saei del, glênzgjend reau,
Komstû dêr faeks earder as 't my barre mei
siz dan tsjin myn freonen: ik bin ûnderweis
Saei del, glênzgjend reau,
| |
| |
Wie'k juster iaeks fleurich, 'k bin moarn mankelyk
mar dóch hat myn siele forlangst nei dat ryk
Saei del, glênzgjend reau,
It byld fan de himelswein hat him hanthavene oant yn ús tiid. Duke Ellington (syn plak yn de jazz wurdt tige ûngelikens oer tocht) hat in komposysje op syn namme stean, dy't hjit: Sweet chariot. Yn dit stik is er dus de negertradysje ál trou bleaun. Yn de rin fan de 19de ieu hat de himelswein gauris syn plak oerjaen moatten oan de spoartrein, de lokomotyf en dat is net sa frjemd as it liket. Net allinne koe de âlderwetske fjûrspuijende lokomotyf sjoen wurde as in ierdsk ôfbyld fan syn bibelske ‘foargonger’ en variant, mar de komst fan it spoar sûnt 1830 spile ek in greate rol yn it libben fan de neger.
Hy krige der mei to krijen as arbeider by it meitsjen fan de spoardiken en it lizzen fan de reils, mar it spoar waerd foar him ek it symboal fan de frijheit, as er de trein mei syn greate swarte mesine by de plantaezjes lâns pusten seach. Der soe oer it plak fan it spoar yn it geastlike, mar ek yn it wrâldske liet fan de neger (de blues) in stûdzje apart to skriuwen wêze, mar dan soe dizze ynlieding kopswier wurde en dêrom wol ik folstean mei in moderne Gospel Song, dy't it byld fan de trein oerdraecht op it Evangeelje: De Gospel Train (It Evangeeljespoar). De oersetting is wer frij.
It spoar des heils is ûnderweis,
De tsjillen dinderj’ oer de reils,
Dêr sjoch ik him; hy is deunby
en nimt mei gong de bocht,
smyt al syn steam en remmen frij -
sjoch, hoe't er rydt en fljocht.
't Taryf? In krats! En elts kin mei.
Hy rydt foar earm en ryk.
Hjir is gjin twade klasse by,
| |
| |
Stap yn mar, berntsjes, stap mar yn.
Stap yn dóch, hwa't mar wol.
Stap yn mar, berntsjes, stap mar yn.
Hwa't twa hjoeddeiske opnamen hearre wol út in negertsjerke, dêr't de himelswein en it spoar it motyf fan it liet yn foarmje, kin torjochte by: Rev. Kelsey with the Congregation of Temple Church of God and Christ of Washington (Vocalion V. 1020: Low down the chariot) en Rev. B.C. Campbell and his Congregation (Vogue V. 146: Heaven bound train), net allinne nijsgjirrich fan wurden mar ek om de wize fan sjongen.
Ear't ik fan it spoar-thema ôfstap, moat ik jit hwat sizze oer de ‘Underground Railway’, dat de namme wie fan it paed, dêr't blanke minskefreonen en swarte negers, dy't yn frijheit libben yn de noardlike steaten (dêr't gjin slavernij wie), tomûk de slaven lâns brochten, dy't ûtnaeid wiene. Ien fan dy helpsters wie de forneamde ‘konduktrise’ Harriet Tubman, dy't fan de slaven Moazes neamd waerd fanwegen har liederskip. As der gefaer wankte op dit frijheitspaed, songen hja as warsköging de Spiritual ‘Go down Moses’, dy't de oerienkomst sjen lit tusken de Joadske fordrukking yn Egypten en dy fan de negers yn Amearika. De rop ‘let my people go!’ krige troch de need fan de slavernij in dramatyske djipte. Hjir folget wer in frije oersetting:
Doe't Israël yn Egypten wie,
De twingboal har nei 't libben stie,
Gean, Mozes, nei Egypten ût,
Lit dóch myn folk yn frijheit gean
Sa spriek de Hear, mar Mozes sei:
Lit dû myn folk dóch gean.
Sa net, dan wurdt in iere dea d'earstberne bern har lean.
Gjin finzenskip is mear ús lot,
| |
| |
Ta bût wêze ús Egyptens skat.
Net langer hearskje rouwe en klacht,
Noch wêze it slavejok ús dracht,
De divel tocht, hy hie ús boun,
Mar wy ha dóch de kampslach woun,
Dizze versy (fan de Fisk University Jubilee Singers) is koart nei de Boargeroarloch opskreaun. Yn mear as ien Spiritual is it ûtsjoch op it ‘nijlên’ oan de oare kant de Jordaen minder forboun mei opstannigens en ammet der yn de wurden mear de frede fan de ‘deep river’, de greate stream, dy't it libben skiedt fan de dea. It byld fan de bibelske Jordaen wie de negerslaven net frjemd. Ommers, loek de Missisippi net syn breed sulveren spoar troch de slavesteaten? En sil dêr by mannichien ek net it oantinken west hawwe oan de wide, fredige streamen fan it Afrikaenske stamlên? Sa koe de swarte folksdichter sjonge:
Djip wetter, myn thûs is de Jordaen oer,
Djip wetter, Hear, lit my der oer om nei it nijlên.
ik wol der oer om nei it nijlên.
In ‘deep river skiedt ek altiten jit de folkskunst yn wurd en wize fan de Noardamerikaenske neger en ús, yn it Westen. foarsafier't dy folkskunst in religieus karakter hat, hoopje ik, dat dizze koarte (to koarte) ynlieding sjen litten hat, dat it de muoite leannet en ‘cross over’. Faeks kin op in oare kear dan it wrâldske liet fan de Afro-Amerikaen ris oan bod komme. De stoffe is litterair, musikologysk, sosiologysk en folkloristysk sa wiid as de ‘campground’, sa djip as de ‘Jordan’ en sa bitsjoenend as it rhythme fan de swarte trommen.
|
|