Dêr is de skets fan de jonge skriuwster Baukje Fokkema ‘De Twa Susters’. It motyf: it mislearjen fan it houlik fan ien fan twa susters, dy't fan thús net trouwe mocht mei de man, dy't har leafde hie, en oan in oar ‘plakt’ waerd, is al min origineel to neamen. De Fryske litteratuer, en binammen it proaza, liket mar ien pylk op 'e bôge to hawwen, dy fan de boereleafde. Dat wy in boerefolk binne, hoege wy ús net foar to skamjen. Mar wol is it biskamsum, dat wy ús yn ús kunst net boppe dat komôf útwurkje kinne.
G. Mulder, yn syn skets ‘Om de Romte’, hat it ek mei dy kwael to krijen, hy bisiket lykwols troch in originele útwurking der min ofte mear oan to ûntkommen. Fan dizze skriuwer sille wy yn de takomst wol mear to hearren krije.
Dat Ype Poortinga in priis takend is, sil nimmen forwûnderje; hwa t syn wurk kin, wit hwat er wurdich is. Hein Faber is twaris fortsjinwurdige, syn fers ‘De Romte’ is qua byld net min, mar hat to min ynnerlike spanning om de lêzer hwat to dwaen; de skets ‘Mislearre Reis’ is fan opset to great, en ûntkomt net alhiel oan it stimpel ‘sentimenteel’. It fers ‘Allinne’ fan Dam Jaarsma is noch qua ynhâld noch qua foarm botte oarspronklik, wylst fan de trije sonnetten lan S.S. de Jong Dsn. it twade opfalt troch moaije byldspraek yn de kwatrinen.
En dit is dan de Fryske litteratuer fan hjoed de dei! Wy meije ús mei rjocht en reden ôffreegje, oft it fortsjinne is, dat der hast twaris yn it jier foar it bêste wurk in litteraire priis útrikt wurdt. By it takennen fan de Gysbert Japikspriis moasten hja weromfalle op Ulbe van Houten; by de Rely Jorritsmaprizen steane nammen as Postma en De Jong foaroan op it listke. De fortsjinsten fan har wurk sil nimmen ûntstride wolle, mar it hat al sa lang Van Houten en Postma west! Neffens de taspraek, dy't it jurylid Van Houten to Mantgum hâlden hat kin de Rely Jorritsmapriis faeks foar jonge Fryske dichters en skriuwers in springplanke wêze nei in letterkundige karrière. Hy sei dêr ûnder mear: ‘In stikmannich fersen en forhalen soene net skreaun wêze, as dizze priisfraech net út skreaun wie’. Ik kin it yn dizzen mei him net alhiel iens wêze. Ommers: immen, dy't him wier roppen fielt ta it skriuwer- of dichterskip set him altiten wol ta skriuwen of dichtsjen, ek as der gjin priisfraech is, dy't him der ta oanset. Syn wurk sil de wei nei de lêzers grit wol fine, om't it skreaun is út ynnerlike needsaek, en dêrom de lêzers eat to sizzen hat. Foar harren hat in priisfraech net safolle bitsjutting, hja skriuwe net om de priisfraech. Der is lykwols in oare ploech, dêr't it sizzen fan Van Houten wòl op fan tapassing is. Dat binne dyjingen, dy't ‘it skriuwen ek wolris bisykje wolle’, en dy't dat dan dogge nei oanlieding fan in priisfraech. Inkelden tan harren kinne miskien wol in kreas forhaeltsje yn mekoar draeije, mar de ynnerlike needsaek is fier to sykjen. En dêr sit dan in jury mei 36 sketsen en 21 fersen foar har op 'e tafel, dêr't de bêste tsien ûtsocht wurde moatte. Itjinge mei talint skreaun is, is gau utskifte, der bliuwe dan lykwols noch in
protte prizen oer, en dy geane nei lang hifkjen en wifkjen nei de bêsten fan hwat der oerbleaun is. En hjiryn skûlet nou it gefaer, dat de Fryske litteratuer bidriget. Dizze ‘tafallige’ priiswinners wurde troch dit earste sukses oantrune ta mear, en it duorret net lang, of Fryslân is wer in boereroman of novelle riker. In litteratuer, dy't op stjerren