Kronyk fan it proaza
Lolle Nauta:
Forhael sûnder yntrigue
Watse Cuperus: Hoeder en Skiep Drukkerij Laverman N.V., Drachten 1955
As der ien figuer ûnder skriuwers net populair is, dan is it de dûmny. Der binne genôch romans, dêr't er foar master yn opslacht, mar dan wennet de ûtjower hast altyd yn Nijkerk of Kampen. De dûmny is yn dy rounten like feilich as er ûnfeilich is op suver alle oare plakken, dêr't romans printe wurde. Is hy oan de iene kant fan it izeren gerdyn de hillige, oan de oare kant is er moai wis in skynhillige. Wurdt yn dûmnvslân syn amt sa heech mûglik oanslein, by dyjingen, dy't ôfskied fan dat lân nommen hawwe, is syn amtlike titel allinne as skeldwurd gongber. Yn beide gefallen is er in tankber ûnderwerp foar in skriuwer, oft er nou foreare of kreake wurde moat.
Syn hâlden en dragen yn 'e litteratuer hat lykwols yn beide gefallen mei litteratuer neat to meitsjen. Men kin in goede roman skriuwe oer in skynhillige dûmny, mar ek oer ien dy't foar de Hillige oer in lytse hillige wurdt.
De roman Hoeder en Skiep fan Watse Cuperus is op it earste each de tradisionele kant neist. De haedfiguer, hoeder Abe Tinga, hat sahwat alle eigenskippen om in goede Nobelreeksdûmny to wurden. Oan it biwend kristlik leauwe wurdt fan gjin minske twivele; dat de dûmny it foarste plak takomt, stiet net yn 'e kiif; de goddeleaze sûplap, dy't er yn syn gemeente oer it mad komt, wurdt bikeard; de heechmoedige minske, dy't op syn jild en syn eare bitrout, moat syn heechmoed swier bitelje. Sa kin men noch wol in setsje trochaean en hast mathematysk krekt biwize, dat dit boek foldocht oan alle easken, dy't Jan Piebenga bygelyks foar de modernen oer, dy't samar alle tradysjes farre litte, de hjoeddeiske skriuwer stelt. Watse Cuperus is net synysk, net nihilistvsk en syn libben is allikemin stjûrleas. Party minsken yn Fryslån sille dit boek sûnder mear in goed plak jaen yn har boekekast, om't de uterlike merktekens dêrfan sa skoan oerienkomme mei har eigen foaroardielen. It stik, dat yn de twade helte fan Desimber oer dit boek yn it ‘Friesch Dagblad’ stie, wie, hwat dit oanbilanget, dúdlikernôch.