De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 103] [p. 103] Tjitte Piebenga: Dyn hannen foar Tsjitske Nou't dyn ûnfollearde hannen har sa stil en sêft om de kersflam fan de takomst bûge kin ik net bigripe datstû ietter frou wêze silste weromkrûpt yn de skulp ian myn iensumheit tocht ik oan dyn foroare hannen tan skieik ik kin dyn hannen net bigripe as se troch myn hier wuolje en flechtich lans myn mûle waeije dyn hannen binne sa goed dvn hannen dyn hannen [pagina 104] [p. 104] Ljouwert de beammen foar by c en a bûge djipper oer de greft de felle blêdskyn glidet yn de graechte fan it wetter ynienen mei in rûch stakkato ritst in auto troch de bocht stilte wémoedich de triennen fan de hjerst pelse op de stiennen en de tåken binne leech tivoli komt út: de sjarme fan errol flyn waeijert oer de nijstêd stilte wémoedich yn dizze glézen stêd lortar ik it miel lan iensumheit en ik sykje om eat dat ik hjir net fyn mar nou håld ik myn hån op en biddelje om in bytsje waermte yn dizze grousumheit Vorige Volgende