| |
| |
| |
Y. Poortinga:
Puden fol heale wiisheit
Oera-Linda-kunde út de twadde hân
Is it Oera Linda Boek op 't heden op 'e iene of oare manear noch aktueel? Allinne as dat al it gefal is, hat it doel en skriuw der oer. Wy bidoele mei aktueel net yn 'e earste pleats, dat it noch, of wer, yn diskusje wêze soe, mar oft it boek of de kwestje ús hwat to sizzen hawwe kinne. Hoe gau oft it O.L.B. yn dy sin wer oan 'e oarder komme kin, hawwe de tritiger jierren yn Dútsklân sjen litten, doe't it efkes in germanebibel drige to wurden.
Hwerom soe it yn Fryslân net wer ris yn oare sin aktueel wurde? De eksperimintele litteratuer is tsjintwurdich wakker yn 'e nominaesje. Us kunstbruorren fan ‘Quatrebras’, dy't har tige ‘forprest’ fiele om't se har yn 'e oerlevere litteraire foarmen net uterje kinne en dy't de Hollânske eksperimintelen dochs ek al net bêst neibauwe kinne, koene it O.L.B. bygelyks skoan ta foarbyld fan Fryske eksperimintele dichting nimme. Alle eleminten sitte der yn: in tael dy't oars as oars is, sterk assosiatyf, mei wurden dêr't it mûlfol ‘builenbal’ fan Lucebert noch neat by is; in fantasy dy't him yn in oare réaliteit biweecht; wierskynlik genôch ressentimint tsjin festige autoriteiten. Hwat woe men noch mear?
Mar alle gekheit der bûten; it O.L.B. bliuwt ynsafier altyd aktueel, dat it hwat mei frisiomany to meitsjen hat, likefolle oft it dêr nou in persiflaezje op of der seis ien fan 'e grouwélichste stalen fan is. Ek de litteratuer dy't der de lêste tiid oer it O.L.B. forskynd is hat it oer de frisiomany fan 'e Fryske wittenskipsbioefening yn 'e foarige ieu, en dan is men al gau op jins iepenst: hawwe de skriuwers gelyk of wurde de Fryske intelligentsia fan 'e foarige ieu dingen to hâlden jown, dy't se net fortsjinne hat? Yn it lêste gefal binne wy de neisten om it foar har op to nimmen, yn in earste kin it foar ússels in spegel wêze.
Lju mei to folle fantasy kinne ek nei de oarloch net fan it O.L.B. ûfbliuwe, mar de Atlantis-pastor Spanuth kin de Atlantyske fantasyen fan in Overwijn noch net aktueel meitsje, om fan Huijser syn boekje hielendal mar to swijen. In eftergroun as it nasionael-sosialisme sil de O.L.B.-kwestje net licht wer krije.
| |
| |
De foarige generaesje, hwerfan de measten al wei, oaren noch as alde mantsjes yn libben binne, hat foar de O.L.B.-stúdzje treflik wurk dien. Mannen as Burger, Fruin, De Jong, Hof, Boeles hawwe allegear bydragen levere dy't de stúdzje foarút brocht hawwe. Ta in útdragene saek is de kwestje fan it auteurskip lykwols net kommen. Miskien kin it ek nea safier komme, om't inkelde skeakels dy't ta in strikt biwiis nedich binne, nea wer bleat lein wurde kinne.
De O.L.B.-litteratuer is njonkenlytsen ta sa'n berch, of wol men bringst útdijd, dat gjin minske dy praktysk mear oersjen kin. Dat bisnijt him ek by in mannich hjoeddeiske auteurs dy't oer it O.L.B. har sprek miene sprekke to moatten; foaral as it guon binne dy't noch al gau mei in oardiel klear steane. It slimst makket Gerben Colmjon it yn ‘De Nederlandse letteren in de negentiende eeuw’ (A'dam-Antw. 1953). Hy sylt yn it sok fan Dr. Murk de Jong, dat foar him is der winliken gjin probleem mear:
‘Na de op zijn (d.w.s. op De Jong syn) intelligent detectivewerk geleverde commentaren, met hun repliek, is wel komen vast te staan dat de wonderlijke autodidact Over de Linden fantazieën heeft opgesteld die via stadgenoten onder de ogen van Haverschmidt moeten zijn gekomen; dat deze laatste ze ôf rechtstreeks aan Verwijs heeft laten zien, die in 1863 bij hem gelogeerd heeft, òf ze onmiddellijk naar Leeuwarden heeft doorgestuurd opdat de vriend er zijn voordeel mee heeft kunnen doen; dat Haverschmidt hier nog materiaal aan toegevoegd heeft, o.a. over Tessel, dat in het O.L.B. zo'n grote plaats inneemt; en dat Verwijs degene is die het leeuwendeel heeft voortgebracht en de hele zaak geredigeerd.’
Hwer't wy biswier tsjin hawwe yn dizze passaezje is it: ‘is wel komen vast te staan’. By hwa? freegje wy ús ôf. Safolle fan dejingen dy't oer de kwestje skreaun hawwe, hat De Jong wier net oer 'e streek lutsen. Hat Colmjon dan b.g. Burger en Boeles net lézen? Hy hat der trouwens gans fan Winkler en Hof syn idéen by yn slûke, sûnder dat er Hof syn namme neamt. Wy kinne der hjir net oan bigjinne en bistriid de ynhâld fan 'e oanhelle passaezje. Oer dizze kwestje is al ta yn it ûneinige debatearre.
Wy binne it yn haedsaek àl iens mei de werjefte fan 'e O.L.B.-saek, sa't wy dy fine yn haedstik XI fan Dr. Jan Grootaers, ‘Maskerade der muze’ (A'dam 1954), dy't seit, dat de studearkeamer fan Verwijs net folie wierskynliker is as de
| |
| |
neilittenskip fan ‘tante Aafje’ (de foarstelling fan saken dy't C. Over de Linden ommers oan 'e saek joech), lit stean dat dy folie wierskynliker wêze soe as it auteurskip van C. Over de Linden seis. Grootaers jowt in tige knap oersjoch oan 'e hân fan fjouwer fragen: ‘1e. van waar het komt; 2e. wat er in staat; 3e. hoe het onthaald werd; 4e. van wie het komt...’ ‘Zonder enige waarborg trouwens, dat deze vragen een antwoord krijgen!’ foeget er der oan ta. Hy ornearret, dat de gong fan saken by it ûntstean fan it hânskrift, sa't de Jong dy hawwe wol, ‘niet tot het sterkste deel van zijn (De Jong syn) argumentatie behoort.’ Hy rommet de degelikens fan De Jong syn ûndersiik, ‘al heeft zijn uitvoerige argumentatie ons, bij gemis aan de steeds ontbrekende materiële bewijsstukken, niet werkelijk kunnen overtuigen.’ Wy kinne alhiel mei syn einbislút ynstimme;
‘ons komt het voor dat de argumenten tégen het auteurschap van Verwijs ongetwijfeld sterker zijn dan er vóór, dat de feiten, die op een belangrijk aandeel van Cornelis Over de Linden in het redactiewerk wijzen, talrijker zijn dan de min of meer belangrijke hulp, die de Helderse zonderling gekregen heeft, vooralsnog niet met zekerheid bekend staat.’
Om mei dat lêste to biginnen: foar (wol men: tsjin) Ds. François Haverschmidt, de man dy't dan neffens somliken de iennichste wie, yn steat ta in wurk dat nêst de parodistyske ynhâld bliken jowt fan in wylde wiidfiemjende dichterlike fantasy, binne winliken alhiel gjin oanwizingen. De beide jongste boeken oer Piet Paaltjens binne dan ek wol sa wiis en jow har net yn dy kwestje. S.E.H. van Gilse, ‘De figuur van Francois Haverschmidt’ (Arnhem 1955), swijt oer de hiele O.L.B.-saek. Wol hat it yn dit boekje yndruk op my makke, dat Haverschmidt yn de koarte jierren dat er op 'e Helder stien hat hiel oare soargen oan 'e holle hie. It is ien fan 'e swartste perioaden yn it libben fan dizze ‘zwarte melancholicus’, sa t er himsels ris neamd hat. Hy, de domeny sûnder ropping en sûnder bibelsk leauwe, wie sa swiersettich, dat er syn amt dellizze woe; in freon en in kollega koene him inkeld mei de greatste muoite biprate om oan to bliuwen. It is in brutsen man en nou daelk net ien foar in wurk fan sa'n lange azem as it O.L.B.
Ed. A. Serrarens makket him yn ‘De dichter-predikant François Haverschmidt’ (A'dam 1955) tige maklik fan 'e O.L.B.- frage ôf. It soe de komposysje fan syn boek skea dwaen, seit er, as er dy hiele saek út 'e doeken dwaen moast. Hy for- | |
| |
wiist fierder nei Colmjon, dy't wer op De Jong to seil giet. Sa folstiet de bêste kenner fan Haverschmidt mei in forwizing út 'e twadde hân. Hy achtet it wol hast wis, dat Verwijs de auteur fan it O.L.B. is. Hy wiist wer ris op 'e passaezje yn it libbensbirjocht fan J. Sterck-Proot, ‘die verhaalt dat haar man in Meran Eelco Verwijs ontmoette, die het blijkbaar niet gevaarlijk vond de jonge Sterck duidelijk te laten merken, dat hij - Verwijs - de vervaardiger was van het Oera-Linda-Boek (Jaarboek v.d. Mij. der Ned. Letterk. te Leiden 1940-’!41, p. 49).’ Ek dit binne feiten út 'e twade hân, skreaun in sechstich jier nei de moeting fan 1879. Dr. Sterck sels hat him yn 1927 lang sa posityf net ûtdrukt. It ynstjûrde stik dêr't er him yn utere is oernommen troch De Jong (‘Geheim’, s. 404-405):
‘toen ik hem een keer op den man af vroeg, wie de auteur was van het O.L.B., zei hij geheimzinnig, er alles van te weten.
‘Maar dan heeft U er ook de hand in gehad?’ riep ik vragend uit.
Verwijs ontkende niet, maar verborg zijn antwoord in een ironisch lachje, waaruit mij voldoende duidelijk werd, dat ik juist had geraden.’
Is der foldien oan hwat E.B. Folkertsma (‘Eachweiding’ s. 18) nedich achte: it like yngeand neigean fan Haverschmidt as fan Verwijs en Over de Linden? Né, mar wol is de kennis fan Haverschmidt yn it algemien nou, nei it utkommen fan dizze treftige stúdzjes, folie greater. Serrarens is sa't it liket neat oangeande H. en it O.L.B. tsjinkommen. Hy skriuwt:
‘Het aandeel van François Haverschmidt in de redactie achten wij zeer gering, maar dat hij, vriend en studiegenoot van Verwijs, parodist als deze en stellig ook afkerig van het friese chauvinisme van die tijd, niet in een of ander opzicht medeplichtig zou zijn geweest bij de totstandkoming van het geschrift, laat zich niet denken.’
Dit birêst allegear op 'e ûnderstelling dat Verwijs de auteur is. Colmjon fantasearret dêr mar op troch: ‘Verwijs zal de ontdekking van het curieuze, ietwat warhoofdige, type Over de Linden iets kostelijks hebben gevonden en diens familienaam alleen al een kostelijk iets.’ ‘Verwijs.... maar ook zijn intieme vriend Haverschmidt moet een groot plezier in het geval hebben gehad.’ Hy nimt oan, dat de beide freonen al foar 1862 de grounslach fan sa'n mystifikaesje lein hawwe. H. stie doe to Foudgum, V. wenne to Frjentsjer, Colmjon lit him dêr dan learaer oan it Athenaeum (dat oars yn 1843 al opheven wie!)
| |
| |
wêze. En hja namen doe ‘natuurlijk dikwijls het dilettantisme van het Friesch Genootschap op de korrel.’ Men moat it mar leauwe: it Genoatskip dat hja doe noch mar amper kenne koene en dêr't Verwijs yn syn Ljouwerter tiid in trou bistjûrslid fan wurdt en bliuwt en dêr't er oan 'e ein fan dy tiid twa referaten foar håldt. As Mr. Boeles sokke mannen as Colmjon bifoaroardiele foarkomt, kin har dan de yndruk dy't De Jong syn redenearmethoade op in eminint gelearde as Dr. C.P. Burger makke hat, net ris oan it twiveljen bringe, oft alles wol sa wis is as hja it foarkomme litte? Burger wie yn 1858 berne en to Ljouwert great wurden. Hy hat net allinne it milieu dêr't it om giet, mar Verwijs seis ek noch ‘persoonlijk goed en lang’, sa't er seit, kend. ‘Verwijs was niet de “complexe natuur”, die De Jong van hem maakt....; hij was een open en oprecht man.’ En dat V.’!s Leidske freon Prof. Matthijs de Vries it utsletten achte, dat ‘de goede Verwijs’ it O.L.B. skreaun hie, soe jin dochs ek hwat foarsichtiger meitsje!
It feit dat De Jong syn boek sa suggestyf skreaun is, in wittenskiplike detective-roman, hat him blykber by de hjoeddeiske litterair-historisi in foarsprong bisoarge op 'e oare ûndersikers fan 'e O.L.B.-saek. Inkeld Grootaers hat him net ûnder de tsjoen fan De J. syn biswarringen bringe litten.
Allinne op ien punt is sels hy op De Jong to seil gien, to witten op 'e skets dy't De J. jown hat fan 'e frisiomany en it dilettantisme fan 'e bioefeners fan Fryske skiednis en taelkunde yn 'e midden fan 'e foarige ieu, spesiael yn Genoatskipsrounten.
Grootaers seit fan De Jong: ‘het door hem opgeroepen tijdsbeeld is goeddeels definitief te nemen.’ safier't dit op de frisiomany en it dilettantisme fan it Genoatskip slacht - en dêr sil it wol yn 'e earste pleats op slaen - kin ik him dêr perfoarst net yn meistimme. As der ien haedstik yn De Jong syn boek lijt ûnder in iensidige foarstelling fan saken, dan is it it tredde oer ‘Friese Cultuur in de 19de eeuw.’ Colmjon nimt alles fansels ûnbisjoens mei ham en gram fan De Jong oan en oer. ‘Hij (De Jong) geeft er een indrukwekkend beeld van hoe de beoefening van de geschiedenis in het midden van de 19de eeuw in Friesland nog op een erbarmelijk laag peil stond, met name die aangaande de middeleeuwen.’ Yn Fryslân ‘tierde de romantiek, in haar primitiefste vorm.’ As men dan seis it mêd net oersjen en sadwaende net konstatearje kin, dat De Jong in inkelde dilettant as De Haan Hettema, dy't trouwens hwat langer hwat mear allinne kaem to stean, út
| |
| |
it formidden lichte en skerp biljochte hat, wylst er allerhande treflike wittenskipslju net ienris neamt, en hy hie Boeles syn foarstelling fan saken wer foar in oratio pro domo hâlden, hie him dan alteast Burger wer net hwat hoedener meitsje moatten? Dizze âld-universiteitsbibliothekaris is sels krityskernôch, mar syn oardiel is dochs wol folslein oars:
‘Wie zijn (De Jong syn) suggesties wegdenkt ziet hier niet een bekrompen kliekje in domme vereering voor zijn afgoden verdiept, maar een groep van knappe mannen en kloeke werkers, die een klein gewest eer aandoet.’
‘Hij zal nog in 't bijzonder den Stadsarchivaris opmerken, W. Eekhoff, ook al geen gestudeerd man in officieelen zin, maar een man van een groote en heel degelijke kennis, wiens werk ons nog telkens wanneer we er mede in aanraking komen met bewondering vervult.’
Dat is de man dy't neffens De Jong en Colmjon binammen yn Verwijs syn Oera-Linda-fâlle rinne moast, om't er hwat pedant wie. Verwijs hie wolris in geastichheitsje oer him, mar as Verwijs yndied de ‘vroolijke, joviale, eerlijke, ronde man, die een grap loslaat, wel eens iemand kwetst, misschien wel in een raak rijmpje, maar die niets achterbaksch heeft,’ as er yndied dy man is, sa't Burger him meimakke hat, dan is it net to leauwen, dat Verwijs jierren con amore yn dit formidden meidocht en tagelyk yn 't geheim oan in greate persiflaezje derfan arbeidet, dêr't er by syn tige drok wittenskiplik wurk fan dyselde tiid suver gjin tiid foar hawn hawwe kinnen hat.
It fait wer bûten ús bistek om op dit tredde haedstik fan De Jong syn boek yn to gean. Ien ûnderdiel lykwols wolle wy noch efkes op komme, om't Boeles dat by syn wjerlizzing net brûkt hat. De Jong leit út, hoe't Hettema syn taeltheoryen (en praktyk) ynfloed hawn hawwe op 'e Fryske skriuwers. De Iduna-stavering en Harmen Sytstra's spraekleare soene alhiel ûnder ynfloed fan De Haan Hettema syn forâldere romantyske idéen ûntstien wêze. Wy litte nou wêze yn hoefier't der oare ynfloeden op Harmen Sytstra-en-dy ynwurke hawwe (hja koene de Noardske talen b.g., en dêrre hawwe har krekt yn dyselde tiid yn it lån-Noarsk en it Ferøisk gelikense tendinzen trochset), mar De Jong bringt de lêzer dy't net op 'e hichte is yn 'e forbylding, dat de would-be histoaryske stavering it yn Fryslân definityf woun hie fan de opfettingen oer stavering fan in Halbertsma of in Telting. Al yn Sytstra syn tiid lykwols woene bilangrike folksskriuwers as Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts mei folie oaren neat fan 'e Iduna
| |
| |
stavering witte, en nei Sytstra en Tiede Roels har dea yn 1862 wie dy al ridlik gau wer fan 'e baen. Hwe't dochs út folget, dat yn 'e tiid dat Verwijs syn wurksumheit oan it O.L.B. yn haedsaek falle moatten hie, fan De Haan Hettema syn ‘koning kraaien’ (De Jong) yn taelsaken al in bitter bytsje mear oerbleaun wie.
In wichtich kriterium dêr't by De Jong immens wittenskiplikens neffens metten wurdt, is de wearde dy't sa'n ien takenne wol oan 'e saneamde fabelkroniken. It wie yn it wittenskiplike de tiid fan in hyperkrityske ynstelling op dit stik, dêr't Bolhuis van Zeeburgh in typysk foarbyld fan is. It wie ek de tiid fan de fûleindige bibelkrityk. Alles dat mar fortocht like, moast der oan. De Jong hat sels ek noch eat yn him fan dizze byldestoarmers. Fan de bibelkrityk is neitiid de hjitste hei ôf rekke, mei trochdat fierdergeand histoarysk en archeologysk ûndersiik de historisiteit fan allerhanne oanfochtene meidielingen út 'e bibel oan it ljocht brocht. Allyksa giet it tsjintwurdich ek wol hwat mei dy forspeine kroniken. Hwat is der smeuld b.g. op dy fabels oer Ezonstêd. Mar in pear jier lyn liet de Lauwerssé spoaren fan in wenoarde foar Iezemasyl sjen. It mei dan gjin stêd west hawwe dy't dêr lei - it feit dat der in plak fordronken is, biwiist dochs dat der in histoaryske kearn yn 'e alde oerleveringen siet. De Jong praet ek tige smeulsk oer de ålde oerleveringen fan it Karelsprivileezje en de Magnussêge. Mar immen as Van Buijtenen wit dochs ek hjir wer gâns oer de histoaryske kearn to jaen. Seis de troch De Jong bispotlik makke artikels fan Binkes en Dirks oer Fryske delsettingen yn Switserlân hawwe yn ús tiid tsjinst dien by de stúdzjes fan historisi as Hoogewerff en Van Buijtenen om der, neffens de oantsjutting fan Colmjon, ‘skiednis út to konstruearjen.’
De heftichheit dêr't De Jong mei tsjin it Fryske romantisme to kear giet is my boppedat altyd hwat fortocht foarkommen. As siet der hwat fan ambivalinsje yn, hwat fan ‘Hassliebe’ tsjin it Fryske wêzen, dat men foaral by fan har bertelân forfrjemde of heal forfrjemde Friezen faker oantreft. Sit der ek noch in kromke fan soks by Colmjon efter? Oars koe er tinkt my net sokke ûnsin skriuwe as it folgjende:
‘De romantiek is een integrerend deel van de Friese ziel, en zo valt het te begrijpen dat er nog heden velen ‘schwärmen’ over de oude tijden toen Friezen, Denen, Noren, Zweden en IJslanders een veronderstelde eenheid vormden, en dat ze de banden met die volken willen aanhalen.’
| |
| |
Nuverder karikatuer fan de bilangstelling foar de Skandinavyske kultuer dy't der yndied yn Fryslân bistiet is der hast net to bitinken.
De O.L.B.-stúdzje liket dearoun to wêzen. Of it moast al wêze dat de rounte dy't okkerjiers foar dit doel oprjochte is de saek wer geande kriget. Wy hoopje mar dat der fan Fryske kant net to folle energy oan forgriemd wurdt. Wy hawwe ús krêften oars wol nedich. Wy soene oars, om de idéen ris op oare persoanen to festigjen, it spoar wol ris folgje kinne dat al wiisd is yn it ‘Friesch Volksblad’ fan 6 Maeije 1877. By myn witten is dêr nea net folle oandacht oan jown. ‘Iemand uit Friesland’ skreau doe dat hy de bokkesprongen fan 'e gelearden (it wie yn 'e tiid fan Beckering Vinckers syn brosjuere) in skoft ‘met innig genoegen’ oansjoen hie, ‘want - ik was in 't geheim!’
‘Weet dan dat de samensteller van het kunstwerk niemand anders is dan Dr. L.A. Buma, die voor ongeveer twee jaren in hoogen ouderdom te Makkum is overleden’ (bidoeld is de bikende klassikus). ‘Dr. Buma was een zonderling, een type, waardig om door de pen van een Dickens geteekend te worden.... Hij gaf voor, zich met niets anders bezig te houden dan met zijne classici.... Maar in jeugdigen overmoed heeft hij meer dan dat gedaan: van tijd tot tijd zat hij in zijne uren van uitspanning te peuteren aan het letterschrift van 't Oera Linda Boek. Wie het karakter van den zonderling heeft gekend, zal zich niet over deze mededeeling verwonderen: hij was reactionair, dweepte met de oude instellingen der vaderen, en was het koningschap met zijn militarismus vijandig, kortom, precies een man, zooals dr. V. in 't laatste hoofdstuk van zijne ‘Historische Schetsen’ (bidoeld is Vitringa fan Dimter, alias Jan Holland) geschilderd heeft.’
Buma hat in papierfabryk, seit de anonymus; hy lit it foarkomme, oft hy wol wit, hoe't it hânskrift C.L. yn 'e hannen spile is, mar hy kin syn eigen namme net sizze, om't der noch libbene persoanen kompromittearre wurde kinne.
Immen dy't likefolle speursin, kombinaesjeformogen en fantasy hat as De Jong, en ek likegoed skriuwe kin, soe der oars eare mei ynlizze kinne. Science-fiction is tsjintwurdich yn 'e moade.
|
|